
Wêr’t ik stean
Net midden op ’e dyk, net midden op ’e reels.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn legerskuon, net op in bermbom.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear..
Net yn in sompe, net yn driuwsân.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net yn it skaad, net yn it tsjuster.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Net op ’e râne.
Yn ’e holle stie ik dêr, mar doe net mear.
Op in skiterich stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Op in sentiminteel stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Op in synysk stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Op in iroanysk stânpunt.
Dêr wol ik ôf.
Ik stean op in moedich stânpunt.
Ik laitsje mysels út.
Ik stean op in meilibjend, leafdefol stânpunt.
Ik laitsje mysels út.
Ik stean op in hoopfol stânpunt.
Ik laitsje mysels út.
Ik stean op in earnstich stânpunt.
Ik laitsje mysels út, want meitsje dat mar ris wier.
Ik stean op ’e ljedder om it hûs te fervjen.