
Dit fraachpetear hie ik op 23 oktober 2008 mei in jubilaris, hy wie doe fyftich jier lang bestjoerder by deselde organisaasje. In ympresje oer immen dy’t altyd te min tiid foar himsels hie. Sa as er seit: ‘Elke sekonde is opgien oan myn berop as bestjoerder, ik hie inkeld in relaasje mei myn wurk. In iepenhertich petear mei…
‘It is hjoed fyftich jier lyn net?’
‘Ja…fyftich jier al… merakels wat giet it hurd net!’
‘In hiele prestaasje dochs ek…fyftich jier foarman wêze fan litte wy sizze, ‘de lytste minderheid’ fan ’e wrâld!’
‘Is it ek…al fyn ik dat it wurd ‘minderheid’ wat in negatyf bylûd hat… mar ek wat jo oantsjutte as ‘lyts’…lykas soe it te krijen hawwe mei ús stal. Wy binne alteast mar in lyts groepke… dat jou ik grif ta… mar ús ynfloed giet fierder as by mannich organisaasje…wy wurde fertsjintwurdige yn in soad literêre fermiddens, yn hoareka en rekreaasje; wy hawwe ynfloed op it taalgebrûk oer de hiele wrâld, op it ûnderwiis, pedagogy, popmuzyk, en wat te tinken fan…. moade en design!’
‘Jo hawwe gelyk hear… ik hie my oars útdrukke moatten, mar je ûntkomme der dochs ek net oan, jo sjogge der no ienkear sa kabouterich út!’
‘Ik moat jo alwer bystjoere, wy binne gjin kabouters! Ich bin gar kein Kabouter, sawier as Kennedy gjin Berliner wie!’
‘O mar…’
‘Nee…’
It petear driget daliks al stil te fallen, mar nei in skoftke nimt de man it wurd wer.
‘Minsken hawwe wol gauris in ferkeard byld fan ’e Smurfen…Hylkema.. begripe jo wol?’
‘Fansels…soks wol ik wol leauwe…ús petear is noch mar goed in pear rigels âld of ik haw jo al misledige!’
‘Hindert neat hear, dêr binne wy oan wend…. der hat altyd wriuwing west tusken lyts en grut, goed en kwea, swarte magy tsjinoer it sûne Smurfenferstân… en ja… it is de minsk dy’t net altyd de moaiste rol spilet yn ús ferhalen, jo witte wol wa ik bedoel benammen.’
‘Ja…Gargamel…ik wie der al op beret dat syn namme op it aljemint komme soe!’
‘Hawar… it is net om’t jo minsk binne Hylkema, begryp my goed… mar ik kin der mar net by dat tekener Peyo de minsk Gargamel as stripfiguer delsetten hat yn ús ferhalen, ommers… hoe soe jo reaksje wêze as de aventoeren fan Joazef Mengele yn stripfoarm yn ’e boekewinkel ferskine soenen!’
‘Heu heu… Joazef Mengele… is dat net wat in brike fergeliking? Der wurdt dochs gjin genoside op ’e Smurfen pleegd?’
‘Noch net! Mar hawwe jo alle albums lêzen? Witte jo wol wat dy Gargamel yn dy fyftich jier wol net by de ein hân hat? Hawwe jo wolris goed sjoen hokker raar guod er yn syn Laboratoarium ûntwikkele hat? It is ús bekend dat tekener Peyo yn 1958 it profyl fan ’e Nazidokter brûkt hat foar it ûntwerp fan Gargamel! Wy hawwe mar krekt tefoaren komme kind dat Peyo’s fynst Zyklon b. útprebearre is op ien fan ús… ik sjoch de titel al foar my, ‘Entlösung der Smurfen!’.
‘Heden man… wy moatte it ûnderwerp Gargamel mar eefkes rêste litte, jo binne al hielendal efter de pûst!’
De jubilearjende grutte Smurf giet der eefkes by sitten en oertinkt dy lêste wurden. It is him oan te sjen dat er fyftich jier lang yn it fak sitten hat. Stúmsk stoarret er ûnder syn reade mutske wei nei de grûn en flybket sa no en dan ûnferskillich op ’e tegels.
‘