Projekt: ‘It heiteleaze bern’

logo.ensafh

Oan de leden fan It Skriuwersboun

Projekt: ‘It heiteleaze bern’

Ljouwert, 8 desimber 2008

Achte leden fan It Skriuwersboun / skriuwers,

By de gearkomste fan It Skriuwersboun op 8 novimber yn Tresoar, haw ik útsteld om – wa’t dat wol – wat te dwaan mei ien fan de moaiste tekstfragminten út it Âldfryske rjocht. It giet om it kêst út de Fjouwerentweintich Lânrjochten dêr’t de neden fan it heiteleaze bern yn beskreaun en beoardere wurde. Frits van Oostrom seit hjiroer yn syn Stemmen op schrift. Geschiedenis van de Nederlandse literatuur vanaf het begin tot 1300 (Amsterdam, 1300): ‘Die oudste taal baadt in een sfeer die het juridische jargon sindsdien van zich vervreemd heeft: zij is net zo rechtstreeks als de gepleegde feiten(…) Het Oudfriese recht is met aardse zinnelijkheid genoteerd, vol oog voor beeldende details, leven en drama (…) Sommige formuleringen zijn van een uitgesproken poëtische schoonheid, zoals waar het vallen van de avond wordt omschreven als als dioe sonna sighende is enda dyoe ku da klawende deth. Men ziet de kudde sjokken. Maar de ereprijs in deze taalpracht gaat naar het zogenoemde tweede landrecht (Londriucht), over de noden van het vaderloze kind. Hierin staat beregeld dat een alleenstaande moeder te allen tijde is gehouden het erfdeel van haar kind ongemoeid te laten, maar dat er drie uitzonderingen zijn waarin de nood deze wet breekt. Vooral de derde daarvan wordt op zo roerende wijze beschreven dat men zich afvraagt of ook maar één wetboek ter wereld dit kan evenaren (…).

Ik jou hjir de tekst en de oersetting fan dit kêst sa’t dy opnaam binne yn Oebele Vries, Asega is het dingtijd? (Leeuwarden, Utrecht, 2007) 100-101:
Thio thredde ned is: sa thet kind is stocnakende jefta huslas and thenna thi thiuster niwel and nedcalda winter and thio longe thiustre nacht on tha tunan hliet, sa faret allera monna hwelic on sin hof an on sin hus an on sine warme winclen and thet wilde diar secht thera birga hli and then hola bam, alther hit sin lif one bihalde. Sa waynat an skriet thet unierich kind and wepet thenne sine nakene lithe and sin huslase an sinne feder, ther him reda scholde with then hunger and then niwelkalda winter, thet hi sa diape and alsa dimme mith fior neilum is under eke and under ther molda bisleten and bithacht. So mot thio moder hire kindis erve setta and sella, therumbe thet hiu acht ple and plicht, alsa longe sa hit ungerich is, thet hit noder frost ne hunger ne in fangenschip urfare.

It tredde needgefal is: as it bern stokneaken is of húsleas en dan de tsjustere dize en ynkâlde winter en de lange tsjustere nacht harren oer de ôffrede fjilden teare, dan giet elkmis op syn hôf en yn syn hûs en yn syn waarme hernen en it wylde dierte siket de lijte fan de bergen en de holle beam, dêr’t it it libben hâlde kin. Dan gûlt en skriemt it ûnmûnige bren en beklaget it syn neakene lea en syn húsleazens en (it gemis fan) syn heit, dy’t it (bern) beskermje moast tsjin de honger en de diiskâlde winter, dat hy [de heit] sa djip en sa tsjuster mei fjouwer neils ûnder eken(hout) en ûnder de ierde besletten en bedutsen leit. Dan mei de mem it lân fan har bern ferpânje en ferkeapje, meidat hja de ferantwurdlikens en de plicht hat (om der noed foar te stean), salang’t it (bern) ûnmûnich is, dat it noch troch froast, noch troch honger, noch yn finzenskip omkomme sil.

Mei dizze tekst, dy’t ús troch alle lagen fan de tiid hinne mei werom nimt nei de boarnen fan de taal, mar ús tagelyk sa direkt rekket, woe ik jim útnoegje om jim ynspirearje te litten ta it meitsjen fan in nije tekst, in nij wurk. Poëzy, proaza, essay, byld, lûd, tekening, ensfh., ensfh. It stiet jim fansels hielendal frij om mei it Âldfryske tekstfragmint te dwaan wat jim wolle.

As jim meidwaan wolle, soe ik graach de bydragen foar 1 maart 2009 fan jim ûntfange. It is de bedoeling om der a) in bondel fan te meitsjen en út te jaan en b) de bondel te presintearjen op in jûn yn de maaitiid. Ik gean der fan út dat elkenien ‘falt’ foar dat prachtige desolate stikje tekst. Tresoar betellet boekje en jûn, de opbringsten fan it boekje en de sponsorjilden ferdiele wy ûnder de meidoggers. De rjochten fan it ynlevere wurk bliuwe fierder folslein by de auteurs.

Ek byldzjende keunstners wurde útnoege om in bydrage te leverjen. Wy hoopje der in moaie bondel fan te meitsjen.

Bydragen kinne stjoerd wurde nei: bert.looper@tresoar.nl of fia de post nei: Tresoar, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert, t.n.v. Bert Looper

Mei hertlike groetnis,
Bert Looper,

direkteur Tresoar

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *