
Poëzij
Atze Bosch
Neilêzing
KFFB, Dokkum 2012
ISBN 97890 7491 8930
Ferkeappriis € 15,00
In letbloeier, sa soe men de dichter Atze Bosch (1927-2011) wol neame kinne. Syn earste eigen dichtbondel Alles op syn tiid ferskynde pas yn 2009. Doe’t syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. Dat is Neilêzing wurden.
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom.
Atze Bosch begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie. By ferskate gelegenheden oppenearre er him as dichter fan geastige en geastlike teksten. Sûnt syn pensjonearring hie er hiel wat teksten skreaun, sawol oersette as frije, û.o. lietteksten foar de oratoaria ‘Mozes’, ‘Ruth’ en ‘It Ljocht fan de wrâld’. Yn oparbeidzjen mei Bernard Smilde kaam yn 1993 de bondel ‘Sjonge by de Bibel’ út, dêr’t Atze Bosch mear as hûndert lietteksten foar oersette of skreau op tema’s út it Alde en Nije Testamint. Foar de bondel ‘Tuskentiden’ (2006) levere hy 54 teksten. Yn 2008 ferskynde by de KFFB de bondel ‘Wylde Goes, lieten út Glasgow en Iona’, yn in oersetting fan him.
Bartle Laverman
Foar elke man in eigen pake
Hispel, Wiuwert 2012
ISBN 97890 7451 6129 (30 siden)
Ferkeappriis € 8,50
Tusken 1968 en 2012 hat Bartle Laverman, dichter en skilder, in lyts poëtysk oeuvre opboud dat opfalt troch syn eksperiminten, sa as bygelyks Neitins, in lyts bondeltsje mei fersen oer de sabeare dea fan Adri van Hijum, dat in reaksje wie op In Memoriam fan Douwe Tamminga. It werklikheidsgehalte fan in tekst bepaalt net de literêre kwaliteit, wie it boadskip. Mei Foar elke man in eigen pake, foarmjûn troch Jelle F. Post, foeget Laverman wer in nij aspekt ta oan syn oeuvre: lange ferheljende fersen dy’t rjocht dogge oan de útspraak fan David Hume dat dichters beropsligers binne dy’t altyd besykje om harren belidenissen foar wier troch gean te litten!
De Sneinen – It lân achter it each fan de nulle
Frysk en Frij | Elikser, Ljouwert 2012
ISBN 97890 8566 0248
Ferkeappriis € 17,50
Twaenfyftich gedichten oer de sneinen fan it jier. De kuiertocht, ier en betiid op stille sneintemoarnen, ropt op ta meditaasje en set de fantasy op skerp. In iensume fisker, in frou mei in hûn en in bern dat de toerka’s beswart, jouwe der kleur oan. Lykas ek de ferrassende berjochten út it âlde boek dêr’t se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te kommen.
Soms is ’t it bern dat
– flechtiger as it wetter,
wiffer as de loft –
de boel yn ûnstjoer bringt
en wer beswart.
Proaza
Sipke de Schiffart
Wat it is om bang te wêzen
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012
ISBN 97890 3300 3516 (224 siden)
Ferkeappriis € 15,00
Masterlike mjuks fan romantyk en swarte humor yn de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzenfan Sipke de Schiffart. Mei tsien ferhalen debutearret Sipke de Schiffart no yn boekfoarm. Syn ferhalen binne lang net altiten like noflik fan ynhâld. Wat sei: guon ferhalen binne suver skokkend. Alle hillige húskes wurde yn dit boek sljochte. Mar der komme likegoed ek romantyske passaazjes yn dizze bondel foar.
Twa kear wûn Sipke de Schiffart in priis út it Rely Jorritsma Fûns. De sjuery wie út de skroeven oer Toe Sippy ju!: ‘It ferhaal grypt de lêzer yn de earste sinnen al by de strôte. (…) Wat bard is en wat bart, de driuwfearren, de eskalaasje en de twastriid binne prachtich ferwurke en masterlik yn modern Frysk ferteld. (…) In tige knap ferhaal.’ Oer Leafde nei de dea skreau de sjuery: ‘It is ferrassend, filein, spannend, linich en hiel goed ferteld. (…) De karakters binne goed sketst. It giet in hiel oare kant út as je ferwachtsje en dat sprekt oan. De skriuwer boartet der mei liket it wol, hy behearsket it spul, is master oer de arena. Syn ridskipsbak sit fol mei deeglik ark. Hy skilderet mei kleur, follet de eftergrûn yn, jout ús ûnderweis wat om nei te sjen en bringt ús iderkear op ’e doele.’ Beide bekroande ferhalen binne fansels ek yn dizze debútbondel opnommen.
Jan Schokker
Lykspul (in Ale Alema-mystearje)
Elikser, Ljouwert 2012
ISBN 97890 8954 4957 (143 siden)
Ferkeappriis €15,00
Plysje-ynspekteur Ale Alema sjocht mei nocht nei in fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Ajax, mar dan wurdt er der ynienen by weihelle. Der is in lyk fûn yn de klaaikeamer en dat is nuver tramtearre. It is de kondysjetrener fan de klup, in man dy’t net oeral like noflik lei. Der is in link mei in Sweedske spiler en ek mei in soartgelikense moard yn Sweden.De Bontebokker speurder – dy’t we kenne út de eardere romans De Koalmasaak, De SUC-saaken Djipdún– krijt diskear immen fan justysje, Nanke Niesting, in âlde bekende fan Ale, tawiisd, om dit mystearje mei op te lossen. It jout it wurk suver wat romantyk, mar bringt ek betizing mei. En dan komt dochter Jelly ek noch mei hiel ûnferwacht nijs thús.
Dit is it fjirde boek oer ynspekteur Ale Alema. De boeken fan Jan Schokker binne tige populêr fanwege syn aparte humor, de fleur en faasje en de ferrassende ûntknopingen. Mei dit boek foeget Jan Schokker wer in meinimmend diel oan de rige ta.
Non-fiksje
Ph. H. Breuker
De Greidhoeke – Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter
Wijdemeer, Ljouwert 2012
ISBN 97890 8185 2166 (480 siden)
Ferkeappriis € 25,00
Dit boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rûchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer. Troch de ieuwen hinne hat it yn in soad opsichten in eigen gesicht krigen; sosjaal, ekonomysk sawol as lânskiplik. It boek bestrykt sa’n tûzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útrin nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjûging dat de kombinaasje fan kennis op ûnderskate gebieten liede kin ta nij ynsjoch, net allinnich yn de ferskillende ferskynsels sels, mar ek yn har gearhing yn de tiid. It ferbynt de grutte linen mei de meast konkrete bysûnderheden. Sintraal stiet hieltyd de fraach hoe’t dingen ûntstienen en feroaren. In soad fan earder is noch om ús hinne. Sa jout it boek net allinnich in byld fan wat west hat, mar it sil ek hieltyd wer treffe troch de parallellen mei de eigen tiid, en dat net allinnich foar de Greidhoeke. In register op persoans- en plaknammen en in fikse gearfetting yn it Nederlânsk ûntslute de rike stof. Ek befettet it boek mear as hûndert kleure-yllustraasjes. Ph. H. Breuker wurke by de Fryske Akademy en wie bysûnder, respektivelik gewoan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam.
Hjirby wurdt ek útjûn; De Histoaryske kalinder fan De Greidhoeke 2013 – mei de moaiste yllustraasjes út it boek. De kalinder is te krijen fan 8 desimber ôf by de presintaasje fan it boek en letter yn in pear boekwinkels yn en om de Greidhoeke en kostet € 10,00.
Berne- & Jongereinboeken
Ferskate auteurs
Stille nacht, wûndernacht
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012
ISBN 97890 3300 2649 (160 siden)
Ferkeappriis € 14,95
By Krysttiid hearre Krystferhalen! Jo fine se ynStille nacht, wûndernacht, in bysûnder boek foar dy spesjale desimberdagen. It is in berneboek foar bern fan alle leeftiden, grôtfol ferhalen om foar te lêzen, thús of yn de klasse, of om sels yn te lêzen. Tweintich Fryske skriuwers en yllustratrise Yke Reeder hawwe der in kleurryk en ôfwikseljend boek fan makke, mei âlde en nije ferhalen.It begjint mei de berte fan Jezus yn Betlehem, it ferhaal dat de oarsprong foarmet foar it krystfeest sa’t wy dat no al ieuwen fiere. Der steane yn dit boek fansels noch folle mear ferhalen, ferskes en spultsjes foar dizze bysûndere tiid.
De lêzer komt in soad bekende nammen fan skriuwers tsjin yn dit boek en ek in tal debutearjende skriuwers. It giet om: Ysbrand Drost, Anne van Stien, Maike Bouma, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra, Jeannette Westra, Yttje Cnossen, Jurjen Faber, Jelle Bangma, Froon Akker, Berber van der Geest, Jeltsje van der Schaaf, Margryt Poortstra, Albertina Soepboer, Lida Dykstra, Anny de Jong, Douwe Kootstra, Hilly Keidel, Matty de Vries en Mindert Wijnstra.
Alexander Steffensmeier – oerset troch Gerda van der Wijk
Wêr sit Joazefine?
Afûk, Ljouwert 2012
ISBN 97890 6273 9257
Ferkeappriis € 12,95
In prachtich humoristysk printeboek dêr’t in hiel soad yn te sjen is. Joazefine de ko hat it alderbêste weikkrûpplakje útsocht, sa goed, dat gjinien har fine kin… Mar hoe moat se no wer boppe út ’e beam komme? Nei ûnderen springe doart se net, dus moatte har freonen nei boppen om har te helpen, mar wat te dwaan as dy der ek net mear wei komme kinne? De boerinne wit ried…
Lês hjir wat Alexander Steffensmeier de moaiste wurden yn de oersetting fynt – en besjoch alfêst wat plaatsjes!
En fierder…
Audiofrysk: Wolle jo ek nei Nij-Seelân om de opnamelokaasje fan de Hobbitfilm te besjen? Gjin raar idee, allinne lang fleanen! Audiofrysk hat foar jo in goeie tip om de reis aardich koarter lykje te litten: Set De Hobbit, foarlêzen yn it Frysk troch Anne Tjerk Popkema op de koptelefoan en foar’t jo it witte is de reis om en is de tarieding op de film optimaal.
No even gjin tiid om nei Nij-Seelân? Ek op jo eigen bank of hometrainer is it audioboek fan De Hobbit in erfaring dy’t de film noch nijsgjirricher makket!
Bestel him op cd by Audiofrysk (7 cd’s – € 20,00), of as dellaad by Luisterrijk (€ 15,00).
Wijdemeer: No te keap: de twadde druk fanTroch eigen lânskip, de mânske blomlêzing út it dichtwurk fan Willem Abma/Daniël Daen. De earste druk wie al rillegau nei ferskinen útferkocht. In pear flaterkes koene no ferbettere wurde. It boek ferskynde nei oanlieding fan de 70-ste jierdei fan Abma. It boek kostet € 39,50 en is te krijen yn de webshop fan Wijdemeer en yn de boekhannel.