Jelma Knol

Lang leve Neven

logo.ensafh

Wat hat dyn foarkar foar in sjongstim mei dyn seksuele aard te krijen?
Peter van der Lint skreau dêr ferline wike yn Trouw in bûtengewoan geastich stikje oer. Manlike homo’s hâlde fan glamoureuze operadiva’s, lesbo’s fan counter-tenors, ensafuorthinne.
Ja, it sit by ús thús wol goed, tige tank Peter. Wy witte wer even presys wat en wa wy binne. Man hâldt net fan gillende sopranen, ik bin gek op countertenors, mar wer net op dat izich hege stimke fan Dominique Wisse. Jou my James Bowman mar, fan wa’t ik oars ek net wit wat er is. Mar jou my fral Alfred Deller. Ferline wike wie ik op ’e siik nei syn fertolking fan Flow my tears fan John Dowland. Ik ha dat liet yn Deller syn ferzy wol, mar noch op in elpee. En dy set ik net alle dagen op, al bliuwt de meldij as Deller him sjongt as in echte earwjirm soms wiken lang hingjen. Ik wol in cd mei dizze prachtige muzyk en dan leafst ek mei alle oare Dowland-toppers. By Harmonia Mundi sweve dy opnames noch wol earne om. Dowland is de kening fan de mankelikens: in hearlik gefoel, dat fûnen se om 1600 hinne ek al. Mei alle respekt foar Andreas Scholl dy’t ik graach hear: hy hellet it net by de oangripende ynterpretaasje fan Alfred Deller. Deller wie oars by myn bêste witten troud en mei bern.
Wat Van der Lint seit oer de foarkar foar in stim by de harker, lit stean oer it stimtype fan de sjonger en syn seksuele foarkarren, leit noch justjes komplekser as er yn Trouw postulearret, tink ik. Mar dêroer in oare kear mear op dit plak.

De jonge bariton Henk Neven sit dizze hjerst in de Aangenaam Klassiek-aksje mei in cd mei lieten fan Debussy, Fauré en Schubert: The sea. Hy sjongt ûnder mear gedichten fan Verlaine.
Mei ôfstân is Neven de moaiste bariton fan Nederlân fan de lêste tweintich jier. Dat er krekt as Christianne Stotijn foar it BBC-Music Magazine de cd fan de moanne makke, jout oan dat de ynternasjonale erkenning foar syn stim en ynterpretaasje al in feit is. Yn de Ingelske tv-dokumintêre oer Neven syn opname fan Winterreise fan Schubert waard sein dat syn fertolking de nije standert is.
Ik weagje my net oan omskriuwingen fan syn stim: dy moatst gewoan ûndergean. Winterreise begjint foar dy as harker gewoan te libjen ast it troch Neven sjongen hearst. Krijst ynienen de tekst derby en wolst op syn stim alle nuânses en gefoelens fan de tekst nochris priuwe en nochris. Gewoanwei fyn ik it útsitten fan Winterreise in korvee: ik sis it mar even as treast foar elk dy’t dat ek fynt. Neven hat my krekt op tiid dizze muzyk ûntdekke litten. De lieten op de cd The sea wurde al krekt sa prachtich songen. Oft Neven itselde publyk lûke sil as de operadiva’s dy’t hjirboppe neamd binne: dat tink ik net. De foto fan de sjonger op de cd is wol sa anti-diva dat it hast in statement liket. Toe no jonges, tinkst suver: sa’n prachtige stim en moaie jonge kop: dy stekst dochs net yn in glimmend busgroentsje fan C&A? Dy hat yn lieten oer de see dochs rjocht op in stoere, wite Ierske fiskerstrui mei pet? Boppedat: dizze cd moat dochs ferkócht wurde?
Wolle jim dit eigensinnige fenomeen yn it echt sjen en hearre: hy sjongt dit wykein yn de Hohe Messe fan J.S. Bach yn Ljouwert.