Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

 

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge myn hert trillet my dyn djipste lusten ta ik rûk oan dyn shirt it hat dyn hûd noch net ferjitten