
Pear nachten net sliept. Dêr jout ien fan in jier as tweintich neat om mar as jo oer de fyftich binne wurdt it in oar ferhaal. Sa’n earste nacht giet noch wol, jo sûzebalje wat mar der wurdt jo sawat om it kertier yn it sin brocht dat der wat is.
De twadde nacht wurdt al minder. Underwilens ha jo in behoarlik min sin krigen en binne jo jo ek och sa bewust fan wat der eins geande is. En mar draaie. De deis dêrnei ha jo gjin sin mear oan iten, dat is in ferfelende bywurking. Kâld drinken bekomt jo min, waarm drinken allyksa.
Lês fierder by Daam