
Ensafh is op ’t stuit it iennichste folslein Frysktalige literêre tydskrift. De Moanne, ûntstien út it literêre tydskrift Trotwaer wei, kin der net mear nêst setten wurde, it is in algemien kultureel blêd mei noch wat literatuer en net folslein Frysktalich.
Oan it begjin fan it tydskriftewêzen yn de Fryske literatuer stiet it Friesch Jierboekjen, dat mei in ûnderbrekking yn 1832 bestie fan 1831 oant en mei 1835. It waard útjûn troch it yn 1827 oprjochte Friesch Genootschap.
Dêrnei joech it Genoatskip fan 1837 ôf De Vrije Fries út, mar dat wie Nederlânsktalich, mei útsûndering fan Fryske bydragen yn de earste jiergong.
Yn har stúdzje Innich Frysksinnich – Poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850 skriuwt Babs Meerburg: ‘Ut de briefwiksel fan Sytstra Dykstra en Van Loon docht fierders bliken dat de oprjochting fan it Selskip in reaksje is op it Friesch Genootschap.’ (1)
Tiede Roels Dykstra (1820-1862), in Ljouwerter keapmanssoan, dy’t dan 23 jier is en yn Frjentsjer studearret (en it letter, yn 1858 ta argivaris-bibliotekaris fan de provinsje Fryslân skoppe sil), skriuwt op 15 maart 1843 in brief oan de 26-jierrige Harmen Sytstra: ‘Wy ha no wol in Friesch Genootschap voor geschiedenis-, oudheid- en taalkunde en dêr binne tige by tige gelearde lju by, keardels mei koppen. Mar mei al har redenaasjes dogge hja mar in lyts bytsje oan jo hjoeddeisk Frysk. Sa dreamde ik al fierder en al mear. Einlings tocht ik, jonge wy moasten sjen in stik as fjouwer, fiif Fryske jonges byinoar te krijen dy’t it hert op it rjochte plak ha, net al te folle wyn yn it hier, en wat foar de Fryske taal yn it heitelân oer hawwe.’
Harmen Sytstra (1817-1862) wie in gaadlike maat foar Dykstra. Hy is de skriuwer fan it yn 1841 ferskynde boek Tsien tuwzen uwt de lotterij, oaf Jouke Rommerts skriften en yn 1843 hat er him nei’t earder bakkersfeint wie en ûnderwilens oan selsstúdzje die op it paad fan it ûnderwizerskip bejûn.
Jacobus van Loon (1821-1903) in notarissoan út Sint Jabik, rekke mei Dykstra befreone doe’t se tegearre op ’e Latynske skoalle yn Ljouwert sieten. Van Loon waard dakpannefabrikant yn Húns en fan 1850 oant 1903 wie er deputearre fan Fryslân.
Op 16 july 1844 skriuwt Dykstra oan Sytstra: ‘Ferline jier haw ik jo in plan skreaun dat ik hie om it Frysk wat mear oansjen te jaan. Wy koenen doe net genôch leden krije en dêrtroch bleau it stykjen. Lykwols bin ik it net fergetten en no kin it trochgean mei in pear feroarings dy’t it leau ik net minder meitsje sille. Ik soe dan in Selskip hawwe ‘foar Fryske taal en letterkunde’ en dan sa dat wy foaral krewearren om it Frysk bekender te meitsjen oan harren dy’t der mar in bytsje of neat fan witte.. Wy wachtsje no foar alles op jo.’
Fan 8 septimber 1844 ôf bestiet dan it Selscip foär Frysce Tael en Seriftekennisse en yn 1845 sil dan de oprjochting fan it tydskrift Iduna folgje.
Fan de trije manlju sil Sytstra foar it Frysk de grutte man wurde. Hy is de skriuwer fan poëzy en proaza, hy is de taalkundige, hy is de skriuwer fan maatskippijkrityske stikken, hy is de foarfjochter fan Frysk yn it ûnderwiis, ja wat is er net.
Dykstra en Van Loon binne mear ‘lieder, fjoeroansetter en plannemakker’ sa’t J. Piebenga harren oantsjut yn syn Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse.
Yn 1846 hâldt Sytstra foar it neamde Selskip fan Fryske Taal- en Letterkunde, in lêzing mei de lange titel ‘Wat hawwe de Fryske skriuwers yn acht te nimmen, en hwat kin men foaral yn it deistich libben dwaan om ús taal te bifoarderjen’. Hy seit dêryn oangeande de skriuwers: ‘Jin allinne hâldende oan de uterlike skyn, soe men hast miene, dat se har oars mar nearne op út te lizzen hienen, as om, foar safier’t it de ynhâld oangiet, mar kwinkslaggen en bizerijen of feninige skimpskoaten de wrâld yn te stjoeren.’ Ommers de ûnderfining hat noch leard, dat wurken fan sokke kleur jimmer de measte opgong makken, en de fertsjinste fan de skriuwer oer it algemien beoardiele wurdt, nei’t hy der slach fan hat syn lêzers oan it laitsjen te bringen. Sjoch ik dat ding lykwols wat djipper yn, den ken ik my net mei dat tinsbyld ferienje. – Of moat der dan allinne op arbeide wurde om in domme tinsleaze heap te behaagjen? – Moatte se de ear fan ’e taal en fan har folk ek net by frjemden ophâlde? – En sille se dat, dan moatte der ek rju stikken yn de taal útjûn wurde, dêr’t se net mar wat yn gekjeije; dan moatte se er op arbeidzje ek ris wat te jaan, dat troch belangrykheid lêzers, en dus beoefeners, tige beoefeners, lokje kin, dy’t ús taal nei wearde leare te skatten. Lit der dêrom foar soarge wurde, dat der Fryske stikken foar hannen bliuwe, dêr’t it folk op aazje wol, – dat is heechst needsaaklik om de taal ûnder it folk steande te hâlden… Mar soks moat nea by allegear en yn alles it wyt fan de skriuwers wurde, sa lang de faak wol bizige mar, op syn tiid ek heech earnstige Friezen net yn wiffe lichtsinnige Frânsen feroare binne. – Elk sil dit nei ienich neitinken, my meistimme moatte.’
Yn it ferlingde fan syn sizzen ‘Moatte se de ear fan ’e taal en fan har folk ek net by frjemden ophâlde’ stelt Sytstra er yn it gedicht ‘Foarút’: ‘Foarút! Foarút! De naesjes om ús hinne Tsjenn’ allegearr’ nei heger doelwyt op. En wy, wy soene toevje? Wy allinne?’
Mar al mei al bedarren skriuwers mei literêre of nivoferheegjende ambysje en op ’e skouders steand fan alle ûntjouwingen sûnt it begjin fan de njoggentjinde ieu, dochs yn in spagaat. En it grutte foarbyld dêrfan is Harmen Sytstra sels. Hy besocht om oan beide ferletten – hege literatuer en lektuer foar it folk – te foldwaan, mar it measte wat er skreau wie dochs ornearre om it folk oan it lêzen te krijen en dat om sa te sizzen twongen troch de omstannichheden.
De spagaat dêr’t Sytstra yn siet bestiet binnen de Fryske skriuwerij noch altyd. Der is fansels yn de ôfrûne 200 jier werklik romte kreëarre foar literatuer op nivo yn it Frysk.
Men kin sels stelle dat de haadstream binnen de Fryske literatuer benammen sûnt de twadde wrâldoarloch hieltyd mear rjochte is op it skriuwen fan literatuer fan nivo. Foar in lytse literatuer as de Fryske is it ambysjenivo heech. It foarbyld foar de Fryske literatuer is de hiele wrâldliteratuer en wat skreaun wurdt moat him yn alle gefallen hanthavenje kinne nêst de Nederlânske literatuer. En dat dy ambysje bestiet is te tankjen oan it feit dat it begjin fan de Fryske literatuer markearre wurdt troch it wurk fan Gysbert Japicx, dy’t de hege Nederlânske literatuer as referinsjepunt naam.
Mar de Fryske skriuwers en ûnder har foaral de literêre skriuwers hawwe ek altyd mei in bytsje lêzers tefreden wêze moatten en se moatte dat noch. En se wiene dat, mar hjoed de dei sjocht men dat der wat dat oangiet in kintering geande is. De Fryske lêskultuer en de Fryske skriuwerij op nivo stiet ûnder druk.
Troch syn literatuer hat it Frysk yn Fryslân status krigen en yn beskate opsichten in bettere posysje. Mar dêrnest is der net in situaasje ûntstien dêr’t dy literatuer wier yn florearje kin. De Fryske literatuer hat him ûntjûn, mar it funksjonearjen fan it Frysk dat dêr by past net. De skriftlike haadtaal yn Fryslân is it Nederlânsk, in folsleine kultuertaal mei men it Frysk dêrom net neame. It lêzen en skriuwen fan Frysk is altyd beheind bleaun ta in lytse keppel. It ûnderwiis yn it Frysk is nea goed fan ’e grûn kommen. En de ûntjouwing is no sa dat it Frysk lêzen en skriuwen mear en mear ûnder druk komt te stean en dat ek it brûken fan it Frysk as sprektaal net yn ’e lift sit. De Fryske Beweging sa’t dy earder bestie, in Fryske Beweging op ferieningsnivo, dy’t mei al syn geledingen it om sa te sizzen slagge altyd minsken, dus ek lêzers, foar it Frysk te rekrutearjen, bestiet net mear. Earder wiene der nêst de boeken dy’t ferskynden algemiene Fryske wykblêden, ûnderskate bewegingsblêden, meardere literêre blêden. Dêr binne eins allinne noch ien folslein Frysktalich literêr blêd fan oer en in twatalich kultureel blêd, dat mei syn twatalichheid in brêge besiket te slaan tusken it Frysktalige en Nederlânsktalige publyk yn Fryslân.
Dat Fryske skriuwers meidraaie yn it Nederlânsktalige literatuersirkus is foar har eigen prestiizje en dat fan de Fryske literatuer moai, mar nettsjinsteande de perspektiven foar yndividuele skriuwers, moat it kiezen fan skriuwers om nêst it Frysk ek yn it Nederlânsk te skriuwen beskôge wurde as in úthollingsproses. De fokus leit winliken net mear by it Frysk. De Fryske literêre wrâld is in lytse wrâld en hat altyd dreaun op de ynset fan lytse ploechjes en inkelingen. Dy situaasje komt hieltyd mear ûnder druk te stean.
Moai wat literêre skriuwers fine it poadium fan de Fryske literatuer sa beheind dat se ek it Nederlânsktalige poadium opsykje, dat wol sizze ek yn it Nederlânsk begjinne te skriuwen en foar har Frysktalich wurk bûten de Fryske grinzen gehoar besykje te finen. Dat hat der foar in part mei te krijen dat se profesjoneel skriuwer wêze wolle. En dêrnêst wurde de skriuwers der mei konfrontearre dat it Frysk lêzerspublyk der net grutter op wurdt, de oplagen fan romans en berneboeken binne de lêste jierren dramatysk lytser wurden en dat is fansels gjin oantrún om yn it Frysk te begjinnen of der mei troch te gean.
Wat is it takomstperspektyf foar de Fryske literatuer? De takomst wurdt bepaald troch de skriuwers dy’t der komme en wa’t dat wêze sille is ûnbekend. Der is yn alle gefallen allinne in takomst as it slagget om in Fryske lêskultuer oerein te hâlden. En it ûnderwiis sil dêr in grutte rol by spylje moatte. De literatuer hat dy lêskultuer yn earste ynstânsje kreëarre, mar de maatskiplike krêften om in solide basis te lizzen foar dy kultuer ha net tarikkend west en no’t de literatuer der winliken hieltyd mear allinne foar stiet, kin men yn ferlieding komme om de hoop farre te litten. Sa fier wol ik net gean want dan soe myn ferhaal in ûndergongsfoarsizzing wêze, mar dat de saak faai stiet is dúdlik. En wat ek dúdlik is, net oer de grins leit de takomst fan de Fryske literatuer, mar hjirre.
Elkenien dy’t in rol spilet binnen de Fryske literatuer moat wekker wurde, benammen ek it provinsjaal bestjoer, dat bûten de werklikheid libbet sjoen harren idee dat der in funksjonaris komme moat om de Fryske literatuer oer de grins te bringen. De werklikheid is dat alle seilen by set wurde moatte om de Fryske literatuer yn eigen lân net weisinke te litten ta it nivo en de eardere omfang fan de folksskriuwerij.
(Klik hjir foar in earder artikel oer Harmen Sytstra)