Harmen Sytstra

Ofskied fan freonen, dy’t nei de Feriene Steaten fan Noard-Amearika teagen

logo.ensafh

Dit gedicht haw ik útkeazen om’t it goed de sterke punten en wichtichste tema’s yn it poëtysk wurk fan Harmen Sytstra sjen lit. It is hiel oare poëzij as tsjintwurdich wenstich: direkt, mei grutte wurden, retoarysk, dreech, polityk, God, Fryslân, taal. Der sit ek wat mankelyks yn: lykas it earder wie, wurdt it net wer. Mar boppe alles is it oanklacht oan it ‘(be)stjoer’, de machthawwers dy’t it barre litte dat safolle minsken fuorttsjogge út Fryslân. Ommers, dit is in fers út 1849 – in tiid fan revolúsje: it jier derfoar hiene de boargers yn Frankryk en yn Dútslân op ’e barrikaden stien… Dizze liberale revolúsje, dy’t op in soad plakken útrûn op in desyllúzje, sympatisearre Harmen Sytstra grif mei.

Om it lêzen wat minder dreech te meitsjen, haw ik it gedicht werstavere. Dêrby haw ik op in tal plakken de grammatika wat ‘modernisearre’, lykas te sjen wêze sil yn ferliking mei de orizjinele tekst út Iduna. As help by de hege poëtyske wurdkar binne de linkjes net it online WFT bedoeld.

Ofskied fan freonen, dy’t nei de Feriene Steaten fan Noard-Amearika teagen

No tsjogge jimme wei nei fiere wester-oarden,
En sykje in frijdom dêr, dy’t hjir net mear bestiet?
No tsjogge jimme fuort, en wurde nije boaden
Dêr jinsen fan ús ûnk, en hoe’t ’t hjir earsling giet?
No sille jimme folk en âlderlân ûntwike?
Bewenje frjemde grûn?
Teskuorre wyld de bân, dy’t ûnferbreklik like,
Dy’t jim oan Fryslân bûn?

’t Is hurd, ûnhjirmlik hurd syn freonen te ferlitten;
’t Falt swier op ’t heitelân foar ’t lêst it each te slaan;
Hertbrekkend is it wea by stjalpich trien-ferjitten,
As miich fan miich him skaat. – En dat sill’ jimme dwaan?
Ek docht it oaren sear harsels har folk t’ ûntskuorren,
’t Giet d’ ûnfries ek oan ’t hert;
Doch o, syn lânslju, nee! it binn’ nin Fryske bruorren,
Syn lân is Fryslân net!

Sa nearne net as hjir bynt folk en fjild en beamte
Jin fêst oan d’ âldersgrûn. Nei oarlâns rykdom slij,
Slacht mannich útman jamk syn went op yn ’e frjemdte;
Dat is m’ al fan him wend en docht jin neat gjin nij.
Mar no s’ út Fryslân wei allyk de wrâld yn tsjogge,
Fol-sêd en ropjend stjoer,
En om’t s’ yn ’t eigen lân nin gristel heil mear sjogge,
Dêr, dêr besau ik oer!

De frijdom en it lok, dêr jimme no nei swalkje,
Hat by ús âldfaars iens yn al syn tier bestien;
’t Wie Fryslâns gouden tiid, dy’t jitte pinnen malkje,
Doch wêrfan’t al te fier ús ’t wêzen is ûntgien.
O drôvich! ynlânsk skeel tebriek de krêft der Friezen,
Bande alle wysdom út,
Sa rekken s’ yn it ein har frijdom te ferliezen,
En waarden fij’nne bút.

En no – de lânsiet hjir al mear en mear beneare,
Him steaple lêst op lêst, him nytge sûnder ein,
Bedjupt yn wat er docht en wêr’t er him mei keare,
Syn hân en holle ’t lean der warberheid ûnttein.
By heger opbring stees al djipper ’t lân yn skulden,
– Sa tarde ús folkstier wei! –
En jitte – wat men droech, en wat de blieders dulden,
Mislaat oant hjoed de dei!

In klibe bonglers mest, dy’t neat as ûnk jin brouwe,
Wêryn’t men oars nin deugd as aadlik ôfkom het;
In flite troglers fied, dy’t jins bestean begnauwe;
In heap fan útlânsk skaai oer d’ eigen lânsbern set:
Pleach-wriggen, lyts en grut, om ’t kostfol stjoer te skoarjen,
Foar neat as narjen nolk, –
Dêrtroch kaam kregelheid en wurknocht te fersoarjen
By ’t oerbelêste folk. –

Nee, jimme flok ik net, dy sokken stjoer ûntrinne,
Bedjerrend yn ’e grûn en droas allyk as ’t is;
Ik flok se dy’t fan ’t kwea de dealske woartels binne,
De gnobbers fan ús rjocht, foarútgongs hindernis.
’k Flok jimme net – mei ’t licht in domgeast weagje doare,
Te doemen jimme dwaan; –
Mar flok op hja, dy’t strûs ús tier en wolfeart smoare,
Om sels grut swee te slaan.

Der glânzget yn it west in rommer, better libben,
Der blinkt in jonge tier yn jinsne nije wrâld,
In frijdom jitte net fan ik-mans kloer begnibbe,
Net weislynd fan in djoer en folk-ûntgroeid bewâld.
Dêr tsjogge jimme op wei! Mei’ jimme ’t lok der fine,
Wat d’ oanloaits myld ûnthjit;
Mei jimme yn bliere rêst de frijdoms-sinne oerskine,
Dy’t heech yn top dêr stiet.

Dat, dat moat jim alteast dêr d’ âlde honk fergoedzje,
Dat jimme ’t libben jaan yn fiere oer-seeske wrâld;
Sij dat it lean foar al wat jim oerwrakselje en noedzje,
Wyl ’t herte bliede moast, en moat jit tûzenfâld.
O, stel ’t net yn bestân, der sille tiden komme,
Jim ûnútsteanber near,
As ’t moed, oer ’t leaf-lân fol, troch neat net wurdt ferromme,
Bleat gûzje mei, net mear.

Mar sis, sil Fryslâns taal by jimme húzjen bliuwe?
Hoe lang, sa s’ al ferkwynt, sil ’t duorje foar’t se ’r stjert?
Sil ek yn jimme bern jit Fryskens boppedriuwe,
Har wêze d’ âlde spraak en taal dy’t ’t ear leafst heart?
De neisiet sil allicht nei jierren net mear witte
Fan oarheit’ earste thús;
Doch jimme sill’ der wis sa min ús taal ferjitte,
As ’t faderlân en ús.

O nee, ferstjit se net, al struit it rom dêrjinsen,
Wat jimme yn ’t eigen lân te strûs ûnthâlden waard;
Wy winskje ’t jimme ta; wy bidde ’t God! ús tinzen,
Dy swalkje jimme nei, mei barre wat der bart.
Skriuw yn ’e taal fan ’t folk dat jimme no ferlitte,
Us nammen yn it hert;
Wy sille ús libben lang hjir jimme net ferjitte:
Ferjit ús jinsen net.

Farwol! foar altyd wol! Licht sille jimme ús nimmer,
Hoe grut de langst ek is, de freonskipshân wer jaan;
Doch nea giet d’ oantins wei; hoe’t ’t rint, se bliuwt ús jimmer,
En ’t freone-herte sil, sa lang’t wy sykje, slaan.
Farwol! haw lok op reis! Bid, fier fan ús, Gods seine
Mei op ús Fryslân del! –
De flymjende oere slacht, hoe w’ ús ta wetter weine
Far, freonen, ivich wol.