Roald van Elswijk

Fan Iðunn oant Iduna – Harmen Sytstra en taalherfoarmers yn Skandinaavje

logo.ensafh

Yn Fryslân is Harmen Sytstra benammen bekend om syn Iduna-stavering, in ortografy dy’t basearre wie op de argayske stavering fan Aldfryske rjochtsteksten. ‘Iduna’ is, sa’t wy witte, ek de namme fan it troch Sytstra oprjochte en redigearre literêre tydskrift (1845-1862). Yn dizze namme leit in ferwizing nei Iðunn, de Aldnoarske goadinne fan de dichtkeunst dy’t har kollega-goaden mei har appels boppedat de ivige jeugd joech. Net inkeld de namme, mar ek it idee efter Sytstra syn útstel, in histoaryske stavering foar it Frysk, hat syn oarsprong yn Skandinaavje. It wie ommers de Deenske taalkundige Rasmus Rask (1787-1832), dy’t yn Frisisk Sproglære (Fryske Spraakleare, 1825) úthâlden hie dat it Frysk al sûnt de 14e ieu útstoarn wie, en dat der inkeld brokstikken fan de âlde taal oerbleaun wiene. It bewiis foar it bestean fan in noch libben Frysk like sa ienfâldich: in Nijfryske stavering dy’t basearre wie op it Aldfrysk soe de histoaryske kontinuïteit fan de taal waarboargje. Tegearre mei Montanus de Haan Hettema wurke Sytstra oan dizze histoaryske skriuwfoarm, dy’t neffens har de Fryske taal en identiteit fuortsterkje soe.

Ivar Aasen

Hjiryn stiene hja net allinnich. Yn it hege Noarden wurken guon oan staveringssystemen dy’t har ferlykje litte mei wat Sytstra útsteld hie foar it Frysk. Yn Noarwein soe filolooch Ivar Aasen (1830-1896) in taalfoarm rekonstruearje op grûn fan âlde dialekten, it Nynorsk (Nijnoarsk). Wilens hie op de Føroyar dûmny en taalkundige Vencil Hammershaimb (1819-1909) in etymologisearjende stavering foar it Føroysk gearstald, in taal dy’t foarhinne kwalik status hân hie. Trou oan de ideeën fan Herder, ferwiisde de stavering fan beide talen mei klam nei it ferline, wat in spesifyk doel tsjinne: it wjerspegeljen fan it heroyske Wytsingeferline fan de twa lannen. Yn it oanswettende Finlân waard in pseudo-nasjonaal epos (re)konstruearre op grûn fan âlde folksferhalen út Kareelje, de Kalevala, en stof út de Eastseefinske mytology fine wy ek werom yn de Kalevipoeg, it epos fan buorlân Estlân. Yn grutte parten fan Skandinaavje, en dus ek yn Fryslân, waard in “cultural memory” skoepen op grûn fan in diels fiktive, pseudo-heroïsearjende werjefte fan it ferline. De eigen taal en in kollektyf ferline foarmen de identiteitsmotiven dêr’t nije Europeeske naasjes mei smeid waarden.

Vencil Hammershaimb

Harmen Sytstra wie net de earste Fries dy’t it eachweid nei it noardenrjochte. Al sûnt de iere Wytsingetiid besteane der kontakten tusken Noard-Europa en Fryslân. De Friezen lieten har yn de 19e ieu mei ynspirearje troch de frijheidsstriid yn de Skandinavyske lannen. Dizze ynteresse hie syn hichtepunt yn 1916 yn Douwe Kalma syn lêzingFryslân en de wrâld, dêr’t er yn pleitet foar in mear nei bûten kearde hâlding fan de Jongfryske Beweging en foar it lizzen fan ferbinings mei ‘bisibbe kultueren’, wêrûnder Skandinaavje. Yn syn betooch neamt Kalma Fryslân in mooglike ‘brêge’ tusken it Ingelske taalgebiet en Noard-Europa. Dit bekende byld fan in brêge soe letter gauris oanhelle wurde en stiet ek hjoed de dei noch symboal foar de Fryske ynteresse yn it Noarden. It feit dat Harmen Sytstra syn stavering de namme fan in Skandinavyske goadinne krigen hat, is dan ek gjin tafal. De politike en taalkundige sitewaasje yn 19e-ieusk Fryslân hat in protte oerienkomsten mei dy yn Skandinaavje.

Nynorsk

Yn 1814 waard Noarwein, nei goed 460 jier diel west te hawwen fan Denemarken, selsstannich. Hoewol’t it lân noch oant 1905 yn in personiele uny mei Sweden feriene wie, krige it in eigen grûnwet en wie it yn feite in ûnôfhinklik keninkryk. Op taalkundich mêd ûntstie der lykwols in probleem: wat moast ommers de nije taal fan it lânwêze? It lân hie gjin eigen taal mear, om’t it Deensk fan 1536 oant 1814 ek de offisjele skriuwtaal west hie fan oerheid, tsjerke en ûnderwiis yn Noarwein. Fan 1830 ôf kristallisearren de ferskate ideeën oer it Noarske taalfraachstik har út lâns twa haadlinen. Benammen de begoede boargerij yn de stêden woe in ‘fernoarske’ fariant fan it Deensk ynfiere as nije skriuwtaal. Hja stelden in tal wizigings yn de stavering út dy’t basearre wiene op hoe’t it Deensk al sûnt de 17e ieu yn Noarwein útsprutsen waard, fral yn de omjouwing fan Kristiania (Oslo). Dizze oanpaste fariant fan it Deensk soe bekend wurde ûnder de namme ‘Riksmål’ (Rykstaal), fan 1929 ôf ‘Bokmål’ (Boeketaal). Dizze Deensk-Noarske ‘mingtaal’ soest ferlykje kinne mei it hjoeddeiske Stedsfrysk. In radikalere oplossing fan it probleem kaam fan Ivar Aasen. Dy stelde in ‘nije’ taal út, gjin werbrûkte fariant fan it Deensk, mar in wier Noarske taal, basearre op it âldere Noarsk dat noch bewarre lei yn dialekten. Yn syn programmatysk essee Om det norske Skriftsprog (Oer de Noarske skriuwtaal, 1836) lei Aasen de fûneminten del foar dizze taal dy’t in sterk ferbinend karakter hawwe moast. Syn ideeën wurke er út op in stikmannich ûndersyksreizen en laten ta Det norske Folkesprogs grammatik (Grammatika fan de Noarske folkstaal, 1848). In pear jier letter folge in wurdboek, Ordbog over det norske Folkesprog (Wurdboek fan de Noarske folkstaal, 1850). Aasen neamde syn alternative taalfoarm ‘Landsmål’ (taal fan it lân), letter ‘Nynorsk’. De namme ‘Nijnoarsk’ soest as in Janusholle sjen kinne: ferline en takomst geane yn har lykop. Der is in dúdlike ferwizing nei it Aldnoarsk, de taal fan de saga’s, mar tagelyk is der kontinuïteit en wurdt it eachweid foarút rjochte.

Beide talen, it Nynorsk en it Bokmål, krigen yn 1885 in offisjele status en waarden by wet lyksteld. It Noarske twatalesysteem is unyk yn ’e wrâld: yn gjin ien lân binne twa skreaune farianten fan ien taal yn gebrûk as offisjele skriuwtalen. It debat oer dit bysûndere en kostbere systeem wurdt dreech makke troch it útdruklik skreaune karakter fan beide talen: Bokmål en Nynorsk wurde nammentlik net sprutsen. Op de basisskoalle kieze alle Noarske bern foar ien fan beide skriuwfoarmen, gauris dejinge dy’t it tichtst by har eigen dialekt stiet. Yn tsjinstelling ta Nederlân, jout it praten fan dialekt yn Noarwein júst status: de dialektkleuring jout oan datst grutsk bist op dyn talige ôfkomst. Binnen it taaldebat is der benammen op it Nynorsk gauris krityk, hjir is in ferliking mei Fryslân tinkber: der wurdt iepenlik twivele oan it nut fan it Nynorsk, de taal wurdt as boersk erfaren en de sprekkers as net bot ûntwikkele. Troch in tal staveringsherfoarmings binne de skriuwtalen de lêste ieu bot nei inoar tagroeid: in nije stavering fan it Nynorsk is op 1 augustus lêstlyn yn wurking gien.

Føroysk

Ek op oare plakken yn Skandinaavje waard yn ’e midden fan ’e 19e ieu wurke oan in taal dy’t de naasje ferbine moast. Op de Føroyar, de 18 eilannen yn de Atlantyske Oseaan dy’t ûnder Denemarken falle, sette yn 1847 dûmny Vencil Hammershaimb foet oan wâl. Hy wie berne op ’e Føroyar, mar hie lykas in protte lânslju syn oplieding yn Denemarken hân. Hammershaimb wie in fiere efterneef fan de taalkundige en folklorist Jens Christian Svabo (1746-1824), dy’t as ien fan de earsten ûndersyk dien hie nei syn memmetaal. It Føroysk (føroyskt) is winliken in ferbastere foarm fan it West-Noarsk, meibrocht troch Noarske Wytsingen dy’t om 850 hinne de eilannen kolonisearren. De taal is ing besibbe oan it yntusken útstoarne Norn, de Skandinavyske taal dy’t oant yn ’e 14e ieu op Orkney, Shetland en yn parten fan Skotlân sprutsen waard. Doe’t Denemarken yn 1388 it bestjoer oer de eilannen oernaam, naam ek de rol fan it Deensk hieltyd mear ta en waard it Føroysk om politike motiven fierder ûnderdrukt. De taal wist yn mûnlinge foarm te oerlibjen en it Føroysk ken dan ek in rike tradysje fan songen balladen. It soe oant de 18e ieu duorje ear’t Svabo de ynteresse foar it Føroysk as folweardige, literêre taal wer op wist te wekken. Syn efterneef Vencil Hammershaimb wie dejinge dy’t úteinlik in eigen ortografy foar de taal ûntwikkele. Hy die yn 1847 en 1853 taalkundich ûndersyk op de Føroyar, en sammele dêr ynhiemske balladen, riedsels en oare teksten. Ek bestudearre er de ferskate eilândialekten. Sjoen dat it Føroysk alhiel gjin status hie – it Deensk wie ommers de taal fan skoalle, tsjerke en bestjoer –, moast Hammershaimb sels in stavering betinke foar syn memmetaal. Hy hie in grutte kennis fan sawol it Ald- as it Nij-Yslânsk en keas foar in ortografy dy’t dúdlik inte wie op de stavering fan it Yslânsk. Hy wurke dêrby nau gear mei de frijheidsstrider Jón Sigurðsson (1811-1879), de lieder fan de nasjonalistyske beweging op Yslân. Deselde wie, lykas Hammershaimb, in grut kenner fan de sagaliteratuer en fan histoaryske taalfoarmen. Tusken 1846 en 1848 publisearre Hammershaimb yn it Deenske Antiquarisk Tidsskrift de resultaten fan syn ûndersyksreizen, letter ek yn it boek Færøske Kvæder I-II (Føroyske balladen I-II; 1851, 1855). Syn wichtichste wurk, dêr’t de basis yn lein wurdt foar de hjoeddeiske Føroyske skriuwtaal, is de Færøsk Anthologi (Føroyske blomlêzing, 1891), mei dêryn ûnder oare in grammatika en in ferklearring foar Hammershaimb syn etymologisearjende ortografy. De kar foar dizze net-fonetyske stavering, dy’t fier ôfstiet fan de útspraak fan it Føroysk, wie lang punt fan debat. Sa koe mannichien him net lykfine mei Hammershaimb syn brûken fan de ‘ð’, in letter dy’t yn it Yslânsk útsprutsen wurdt as <th>, mar yn it Føroysk trochstrings net útsprutsen wurdt. Dochs waard dizze histoaryske ortografy, mei in pear lytse oanpassings, de offisjele stavering fan it Føroysk. It feit dat se op ’e Føroyar sûnt ieuwen wer in eigen skreaune taal hiene, waard in wichtich wapen yn ’e striid om politike ûnôfhinklikens. Mear selsbestjoer kaam yn 1948 mei de yntroduksje fan de saneamde ‘Hjemmestyreloven’ (wet op it selsbestjoer), wêrmei’t it Føroysk de earste offisjele taal fan de eilannegroep waard. Hammershaimb syn histoaryske stavering wie útrûn op in súkses.

Yn Noarwein likegoed as op ’e Føroyar waard de folkstaal nij libben ynblaasd troch in link te lizzen mei de taal fan it ferline. Hammershaimb slute him mei syn stavering nau oan by it Yslânsk, de taal fan de saga’s, it summum fan de Skandinavyske literatuer. Yn Noarwein hie Ivar Aasen de jonge naasje in taal jûn dy’t basearre wie op de útspraak fan it eardere Noarsk, mar dochs moedich foarútseach. Yn Fryslân wie Harmen Sytstra syn krewearjen foar in histoaryske stavering om it Nijfrysk te keppeljen oan it Aldfrysk dúdlik mei ynspirearre troch dizze Skandinavyske motiven. Dit slute oan by de kontemporêne, Herderiaanske idee dat de taal it hert fan de naasje is en dat in kollektyf ferline in folk ferbynt. It is ûndúdlik oft Sytstra yn kontakt stien hat mei syn Skandinavyske kollega’s, mar de oerienkomsten yn harren wurkwize kipe derút.

Bragi en Iðunn

Yn in Europeeske kontekst fan taalnasjonalisme en naasjefoarming hat Harmen Sytstra besocht om it Frysk mei in histoaryske stavering in takomst te jaan. Foar it literêre tydskrift fan harren Frysk Selskip, dat as poadium tsjinne foar dizze stavering (en in navenant argaïsearjende grammatika), hiene Sytstra en dy net in bettere namme kieze kind as dy fan Iðunn, de Skandinavyske goadinne fan de ivige jeugd.

Om fierder te lêzen:

Bandle, Oskar, Kurt Braunmüller e.o. (útj.), 2005, The Nordic Languages. An international handbook of the history of the North Germanic Languages. Berlyn.

Elswijk, Roald van, 2012, ‘Noarwegen en de wrâld. Over de ontwikkeling van het Nynorsk’, yn: Boersma, Piter, Goffe Jensma (útj.), Philologia Frisica XVIII. Ljouwert.

Folkertsma, Boate, 1973, De stavering fan it Westerlauwersk Frysk yn de njoggentjinde ieu. Grins.

Propst, Ron, 1999, ‘En waar stift u uw lippen mee, mevrouw? Taalzuivering op de Faeröer’, yn: Sijs, Nicoline van der (útj.),Taaltrots. Purisme in een veertigtal talen. Amsterdam.