André Looijenga

Foaropwurd 80: Harmen Sytstra, in ûnmoadieuze âldfaar?

logo.ensafh

Op 4 april 1862 is Harmen Sytses Sytstra ferstoarn. Hy wie skoalmaster yn it doarpke Baard, en liet in jonge widdo en trije lytse bern efter. Mei syn 45 jier stie er midden yn it libben, mar hommels hat de tyfus him weinommen.

Goed 150 jier letter, wolle wy fan Ensafh de oantins eare fan dizze fierste gau ferstoarne ûnderwizer, mei dit lêste digitale nûmer fan de jiergong 2012. Want Harmen Sytstra wie net inkeld master: hy wie in dichter mei grutte taalmacht, in aktivist dy’t de Fryske taal nei in heger plan bringe woe, de redakteur fan Iduna – it earste Fryske literêre tydskrift –, in ynspirearjende autodidakt op it mêd fan taalkunde, in demokraat mei in langstme nei frijheid, en troch dit alles de sintrale figuer yn de Fryske beweging midden 19e ieu.

Harmen Sytstra hat tige wichtich west foar it Frysk. Fernuverjend is dan om te merken dat syn 150ste stjerdei kwalik omtinken krige. Goed, yn Baard hawwe se in moaie dei om Sytstra hinne organisearre, en yn it literêr tydskrift Ensafh hat nei oanlieding dêrfan; in essay fan Piter Boersma stien. Mar wêr wiene de Bûterhoekster ynstitúsjes? Wat die de Fryske Akademy?

Harmen Sytstra, noch syn tydskrift Iduna, noch syn generaasjegenoaten binne opnommen yn de Kanon fan de Fryske Skiednis, dêr’t J.H. Halbertsma en Douwe Kalma al yn stean. No is dat net perfoarst nedich, en Fryske skiednis is ommers folle mear as taalskiednis, mar it seit wol wat oer de wize wêrop’t de tradysje fan in Fryske literatuer en taalbeweging tsjintwurdich sjoen wurdt. Oer syn neilibben aanst mear, no earst de man sels.

Harmen syn libben hie in suver Dickensiaanske tragyk. Berne yn 1817 as it earste en iennichste bern fan Sytse en Tsjitske út Achlum, ferliest er syn heit al nei in healjier. It lytse jonkje komt by beppe yn ’e hûs, wylst mem de húshâldster en dêrnei de frou wurdt fan in boer út Hitsum. Harmen is noch mar sân as syn mem ek ferstjert, en wurdt fierders grutbrocht troch beppe. Op syn tolfde moat oan it wurk yn de bakkerij fan syn oantroude omke. Fierder trochleare is gjin opsje, ek al mocht Harmen oe sa graach lêze en leare. Hy wurket as bakkersfeint yn Arum en Seisbierrum, dêrnei efkes as boekhâlder, en is oan de selsstúdzje om seeman te wurden. Mar yn 1841 (Harmen is dan 24) ferskynt syn earste boekje mei Fryske teltsjes en rymkes. En yn 1842 slagge er foar it eksamen as ‘ûnderwizer fan fjirde rang’. Yn Winaam, Seisbierrum, Frjentsjer, Burgum en Baard. stie er de tweintich jier dêrnei foar de klasse.

Yn dy jierren-1840 rjochtet Sytstra mei in Frysk Selskip op, dat foar it earst de fokus yn it foarste plak op de Fryske taal leit. It tydskrift Iduna, mei in namme dy’t dúdlik nei in ynspiraasje bûten it wenstige lytse Fryslân ferwiist, folget yn 1845. Sytstra is de wichtichste bydrageskriuwer: folkske rymkes, smoute teltsjes, mar ek striidbere fersen en essays oer syn ynsjoggen yn Fryske stavering en taalskiednis. Sytstra stiet sa oan de begjin fan de folle bredere Frysklêzende en -skriuwende kultuer sa’t dy har yn de twadde helte fan de 19e ieu ûntjout.

By libben wie Sytstra syn posysje as Fryske taalpommerant al dúdlik (yn Baard krige hy as grif ien fan de earsten ea in Frysktalige grêfstien…), mar postúm waard syn plak yn de taal- en literatuerskiednis pas echt skreaun troch mannen as Kalma, Wumkes, Piebenga. Kin dat faaks it breklike omtinken foar Sytstra ferklearje? – Ommers, at jo guon kultuerútdragers hjoeddedei heare is it lykas skamje se harren foar “dat 19e-ieuske byld fan in Frysktalige plattelânskultuer”. Oer Frysk en Fryslân as in Sytstra die, is út de moade en út de graasje. Grif wie it wol sa, dat by guon begjin-20e-ieuwers taalgrutskens it wolris wûn fan de literatuerwittenskip (om noch mar te swijen fan de tryste stoarje om dy foute ‘Harmen Sytstrapriis’ hinne), mar moatte wy dêrom sa’n alsidich nijsgjirrich man as Sytstra yn it ferjittelboek skriuwe?!

Sytstra syn idealen leine by in Frysktalich Fryslân, wiswier, mar dan wol in ûntwikkele Fryslân dat nei de bûtenwrâld en nei de takomst sjocht. De Fryske frijheid is sa bot oanwêzich yn syn skriuwerij, dat hy dat wol miend ha sil. Sytstra socht nei in takomst foar de Fryske taal troch in ferbining te lizzen mei in ferline dat er (net gehiel ûnterjochte) bewûndere. Weromsjen om wat der earder wie, en op wat der fan earder dochs net sa ferkeard liket, is ommers in wichtich part fan it mei in heldere kop foarútsjen. Harmen Sytstra (1817-1862), bygelyks, hat ús folle mear te sizzen as dat guodden tsjintwurdich heare wolle. Yn dit nûmer fan Ensafh dêrom in tal priuwkes fan syn wurk, en oansetten ta fierdere stúdzje derfan.

Yn dit spesjale, lêste nûmer fan 2012 wolle wy it lûd fan Harmen Sytstra wer heare litte. Wy litte Sytstra oan it wurd, en geane sels ek te praat oer Sytstra.

Op Ensafh kinne jo nei Sytstra harkje en him lêze. Siem de Vlas draacht it gedicht Sterke drank foar, dat yn 1845 yn Iduna stie. Dizze sterke foardracht wie ien fan de ferrassings fan de tige slagge Grutte Gedichtejûn 2012. (Op 31 jannewaris 2013 organisearret Ensafh op ’e nij in Grutte Gedichtejûn, yn Café Vellinga te Snits; jo binne fan herte útnoege!) Marc Kooij hat in moai filmke fan Siem de Vlas makke, yn in âld jachtweide sa te sjen.

Bekender as as drankbesjonger, is Sytstra as taalstrider wurden. It fers “Spreek je Boersch tegen je kinders?!” (út 1857) is dêr in krêftige utering fan. En winliken is it noch altiten aktueel. Cornelis van der Wal hat it fertolke yn in filmke, dat de ôfstân fan oardel ieu liket te oerbrêgjen.

De retoaryske krêft en rike 19e-ieuske styl fan Sytstra syn poëzij kin klinke as in oerdonderjende symfony yn earen dy’t it deistige tuike-tuike Frysk fan 2012 wend binne. Jo dêr as lêzer mear tagong ta te jaan haw ik besocht mei Ofskied fon friundon, der nei da Foriene Steaton fon Noard-Amerika teagon, yn in werstavere ferzy en yn it orizjineel út 1849. Yn dit gedicht komme de wichtichste Sytstra-tema’s oan bar.

Harmen Sytstra skreau ek proaza – teltsjes eins –, hoewol’t dat aspekt fan syn skriuwerskip yn de 20e ieu bot ûndersnijd is. De toan fan syn ferhalen is wat lichter as de fersen, de taal likegoed krûdich, de moraal leit der wolris wat tsjok boppe-op, en de plot is inkeldris poater, mar der sitte wis lytse peareltsjes tusken. Ien dêrfan, De Reedriders, út 1847, presintearje wy jo yn Ensafh. Lit ús hope dat it ûnderwerp fan ’t winter tapaslik wurdt.

Oer it proaza fan Sytstra hat Tryntsje van der Steege te set west. Dêrby hat se it ek oer in stikje let-20e-ieuske resepsje fan Sytstra: de roman Kom oer it wetter fan Piter Terpstra. Dát boek docht lykwols mear rjocht oan de kleurrike persoan fan syn tiidgenoat Tsjibbe Gearts van der Meulen, as oan dy fan Sytstra.

En tsja, “Moai sûnder wjergea bi-i-inne de wâlden! / smûk skaadzjend beamtegrien, oeral yn ’t rûn…” is foar de measte Friezen it iennichste bytsje Sytstra dat se meikrije (sj. bgl. hjir of dêr). En dan witte se by de Wâldsang de namme fan de dichter net. Geart Tigchelaar, wenjend oan de Harmen Sytstrasingel te Burgum, stelt it oan ’e oarder yn in kollum.

De frisisten ûnder ús witte lykwols better: Harmen Sytstra, die dy net wat mei sa’n nuvere âldfrinzige stavering…? Sytstra hie yndie útsûnderlike ideeën oer hoe’t it Frysk net allinnich better stavere wurde moast, mar him yn de grûn ferbetterje en fernije koe troch werom te sjen nei it Frysk fan de midsieuwen. Roald van Elswijk, promovendus skandinavistyk, lit sjen dat Sytstra yn it hege noarden twa geastferwante generaasjegenoaten hie dy’t allyksa warber wiene om lytse talen in nije takomst te jaan troch histoaryske modellen te folgjen: Ivar Aasen mei it Noarsk (Nynorsk) en Vencil Hammershaimb mei it Føroysk.

Ta beslút giet Piter Boersma yn op de kleau tusken hege literêre ambysjes en de deistige situaasje yn in lyts taalgebiet, dêr’t Sytstra en dy ek al mei oantangele sieten. Op in oare manier as 150 jier lyn, driget ek no in hieltyd fierder efterútbuorkjen fan it Frysk. De basis foar it brûken fan it Frysk as in ‘echte’ skriuwtaal (dêr’t Sytstra fan oan ’e widze stie) falt allinkenoan fuort, – en yn Fryslân steane wy derby, sjogge dernei en litte it barre.