
Safolle is der net yn it Midfrysk skreaun, dat de 1133 sprekwurden en idiomen gearfandele as ‘de Burmania-sprekwurden’ binne de lêzer tige wolkom. En der is okkerdeis in prachtboek oer ferskynd fan Frits van der Kuip (2004), mei dêryn alle sprekwurden, mei in ferklearring en in ynlieding derby (dêr’t ik myn ynformaasje út helle). Guon Burmania sprekwurden binne sels yn de Fryske aginda opnommen.
Yn de Renaissânse begjint ek it omtinken foar de folkstaal, dat sadwaande leit it oanlizzen fan sprekwurden yn de folkstaal yn ’e reden. Yntellektueel Fryslân hat altiten al twatalich west as it om sprekken gie, mar it skriuwen waard meast dien yn it Latyn of it Hollânsk of it Nederdútsk. Namste grutter wûnder dat der ien west hat dy’t Fryske sprekwurden optekene hat. Der is in goede kâns dat dat Georgius of Georg fan Burmania west hat, al binne wy dêr net alhiel wis fan. Foar him hie Reinder Bogerman al ris wat religieuze spreuken yn it Frysk byinoar brocht, mar dy binne folle lytser yn getal. In aardich feit oer Georgius is dat er himsels yn in Nederlânsktalige brief oan syn nicht Jurjen skriuwt (‘Jouw zeer goedgunstige neef Jurjen van Burmania’).
It oanlizzen fan samlingen sprekwurden waard earder ek wol dien, mar it kriget de guit yn de Renaissânse, as de wittenskiplike mentaliteit fan de âlde Griken wer boppe komt yn de yntellektuelen. Erasmus hie al in begjin makke mei de wittenskiplike bestudearring fan it sprekwurd yn syn bestseller Adagiorum Chiliades (1508, 1536), al hie hy it fral oer sprekwurden út de Aldheid. Bestudearre Erasmus foaral foarm- en betsjuttingsaspekten fan sprekwurden (paradoks, alliteraasje, rym, humor), letter komt de klam op it morele aspekt te lizzen, bygelyks yn Cats syn wurk. Sprekwurden binne yn dy tiid tige populêr. In Ingelsk parlemintslid hâldt om 1600 hinne in rede dy’t alhiel út sprekwurden bestiet.
Mei de Romantyk wurdt der wer mear yn it Frysk skreaun. It is Waling Dykstra dy’t begjint mei de popularisearring fan sprekwurden út de samling Burmania. Dêrom is it dat wy guon sprekwurden út de samling al kenne. Ik ha in karút makke fan sprekwurden dy’t ik alteast noch net koe. Der binne se dan, de sprekwurden, de aforismen des folks.
Alde tsjerken ha tsjustere glêsfinsters.
Alde hûnen is it kwea byljen te learen.
Dat giet oer byskoallingskursussen foar âldere wurknimmers.
Almans freon is almans gek.
In rjochts sprekwurd dat tsjin it prinsipe fan gelikensens yngiet.
Altiten freegje de rike lju hoe’t de earme oan it guod komme.
Dit sprekwurd klaget oer Gerard Reve syn sprekwurd ‘werkvolk steelt’.
Ealje om de reak.
’Ealje’ as yn ‘fereale’. Betsjutting: healwiizje lykas yn it hea. Faaks ek: fimelje en pimelje, befingerje. Eroatyske dûbelsinnichheden wiene yn de Renessânse tige populêr (Shakespeare, Bredero). In oar sprekwurd seit: ‘Ealjen is it, sei Nolke en seach de preester op syn wiif’.
Al binne my de klean skuord, it hert is lykwols heel.
It traumateam tinkt der oars oer.
Better ien poehei as it krúskjen alledei.
Better efkes aksje of assertiviteit as almaroan ferdrage en bidde.
Buorrewee ferlichtet.
It betsjut: oarmans lijen makket eigen lijen minder. Minsken is raar guod …
Boppe op ’e heap, allyk de hinnen.
By in oprommingsferkeap. Op it Damrak. By minskemannichten.
Better wol stoarn as wiif en bern ferdoarn.
In kristlik sprekwurd. Mei stjerre wurdt ferstjerre bedoeld, jin ôfkeare fan ’e wrâld: dêr wurde frou en bern ek better fan.
Brune piper is de bêste.
In multi-kulti sprekwurd. Faaks ek: it kompromis is it bêste (tusken wite en swarte piper ommers).
De earste simmerfûgel is in âld wiif yn ’e sinne by de hûsmuorre.
In oar sprekwurd seit: âlde lju sykje har gemak.
De brij is op, it bêst fan ’e dei is wei.
Nei in traktaasje. Of by in resesje sa’t wy neffens Nout Wellink no belibje.
De iene skalk hat de oare fûn.
As der wer in regearakkoart sletten wurdt.
Frjemde kei slikje frjemde keallen.
Anty multi-kulti. Of anty-globalisearring.
De goede fergrypt him, de kweade fertaast him.
Deselde misstap wurdt yn oare minsken oars neamd en beoardiele.
De leedstôk stiet it langst.
Dy’t in protte lijt of klaget libbet faak it langst.
It leauwe makket mannich minske sûn.
In sobere kristlike libbenswize is sûn.
De swan is syn fearren nedich lykas de mosk.
Rjochts sprekwurd. Grutte minsken ha har grut ynkommen krekt sa nedich as lytse lju harres. Allyksa: ‘grutte earzen behoeve wide broeken’.
Dy’t nei in gouden wein stribbet, kriget al gau in gouden lâns.
Dy’t grutte ambysjes hat, sil al gau wat berikke (leve de ambysjes!).
Dy’t nearne wêze wol, sil nearne komme.
Pendant fan it foarige.
Dêr soe de droes / deale / duvel om laitsje.
Dat kin sein wurde by alle foarmen fan misdie en korrupsje.
Der skûlet de hazze.
No ha wy de wiere reden te pakken. Dêr sit de oast.
Dy’t twifelet, hat sines net.
Anty-twifel sprekwurd, miskien pro-leauwe?
Do hâldst altyd dyn ein as alle mâle lju.
Pendant fan foarige.
In wrigge is kwea, twa namste mear.
Gearkommens fan mear as ien stiifkop binne ferbean.
In stien kin allinne gjin moal meitsje.
Pro-gearwurking.
Ear mocht ik net, letter doogde ik net.
Jong earm potint. Ald ryk …
Elk siket himsels, dan wurdt der nimmen wei.
Quisque sibi proximus (elk is himsels it neist).
In lege bûk kin kwealik de sliep fine.
It liif wurdt wurdich fan it fertarren en sliept dan better en mear.
In ûnwillige breid is kwea dûnsjen te learen.
In hûn is it dy’t in hûn ferkeapet.
Favoryt sprekwurd by de allochtoanen. It betsjut: behannelje jins eigen famylje goed.
Ut in nauwe reet kaam nea in romme skeet.
Ferwachtsje gjin rynskens by de gjirrigerts.
Gemak foar eare, sei de non, en gie op paters bêd lizzen.
Wat kin ik sizze en swije stil?
’Gjin kommentaar’.
Heareboeken binne tsjuster te lêzen.
Wy lizze ús del ûnder it boppe ús stelde bewâld.
Hjir bin ik yn myn kowefinne.
Yn myn elemint.
Hy gizet as de droes tsjin de dei.
Als een boer met kiespijn.
Hy hat syn aap wol luze.
Hy hat syn opgarre jild goed opmakke.
Hy hat sa mennich dûklich daam oerwâlde.
Hy is in protte swierrichheden te boppe kommen.
Hy is syn master te ier ûntrûn.
Hy hat it fak net goedernôch leard.
Hy kin fan it ien ta it oar net komme.
Infleksibel.
Hy sil de wein yn ’e drits menne.
Twifel oan liedingjouwende kwaliteiten.
Hy mei net in sêde kat sjen.
Oergeunst. Gjirrigens. ‘Hy mei net lije dat de sinne yn it wetter skynt.’
Hy moat in wiif ha of in grutter broek.
Of hy is al oan in frou ta, of hy moat noch wat manliker wurde.
Hy sil de galge jit beskite.
Opgroeie foar. Tink der ek om dat mannen dy’t ophongen wiene letterlik leechrûnen!
*
(wurdt fuortset)