
– Leave Jel- Wat my heucht binne dyn lippen en dyn mûle De wurden dy’t dêrtusken ferskynden De folsleine ienheid fan ynhâld en foarm De ultime ekspresje fan dy waarme close up. Hiest it stal en de linigens fan in trapeezjewurkster Eagen mei tagelyk fraach en antwurd en 2 fonken Hier dat om dyn holle skittere en dûnse Ast mei dyn hannen en fingers spilest en pratest. Wiest net te fangen yn in ramt of in teaterwet Leist aksinten dêr’t oaren wifelen en twifelen Lietst de minsken achter de wurden sjen Toverest de bylden foardat se echt ûntstiene. Mear as … Lês fierder