
(ferfolch)
Hy wol altefolle fjild beslaan.
Honger is in skerp swurd.
Hy draacht wetter en fjoer yn ien hân.
Jin oars foardwaan kinne. Suver poëtysk, oarekant dit en dat.
Hoe ealer hout, hoe bûchsumer twiich.
Ferlykber mei de foarige. Pro-fleksibiliteit.
Folle ferjit dy’t net skriuwe kin.
Se driuwe de sinne om it hûs.
Se binne ferantwurdlik foar har eigen ûngelokkigens.
Se ha him op fûle aaien set.
Se ha him yn in minne sitewaasje set.
Ik begear gjin tsjokker spek (ik bejerje nin tsjokker spek).
Ik wit wol wêr’t de kloat gersket.
Gerak. Kloet (stôk om te bomen) hie al dúdlikernôch west.
Ik ha genôch fan dyn spyt, jou my no wat fan dyn jild.
‘Or I’ll sue you for all you got.’
Ik pipe juster alledei, dat ik doch hjoed net mear mei.
Ik sil noch mei dyn bonken de parren fan de beammen bruie.
Ik wol mei broer te poot wêze.
Betsjutting neffens Van der Kuip: ‘ik wol leaver by myn broer ynwenje as trouwe.’ Miskien earder homoseksuele as ynsestueuze konnotaasjes. Wat is eins de etymology fan Hollânsk ‘poot’ en ‘pot’? Almeast is de ik-persoan yn sprekwurden in man.
Hja is nimmen trou as har eigen ears.
Hy is it net wurdich dat er de fuotten by harres stekt.
Hy siket in hânfol smoar yn in migge-ears.
Talinten ûnderstelle dy’t der net binne.
Hjoed is it oer, moarn goed foer.
Leve de klikjes.
Ik moat it fan de sek nimme dêr’t ik him mei laapje sil.
Gatten mei gatten stopje.
Jonge lju domme lju âlde lju kâlde lju.
Klei net ear’t dy wee wurdt.
Kloet wol ha de wroet.
De kloet moat wrotte kinne (ôfsette) om effektyf te wêzen.
Koarte wurden en dy fêst slute bêst.
Kreakjende weinen duorje it langst.
Syklike minsken libje bytiden it langst.
Liddige eagen ha folle te besjen.
Tillevyzje.
Lit se soargje dy’t ús boargje.
Hieltyd mear hûshâldens yn ’e skulden. Nout Wellink (Ned. Bank): konsuminten moatte mear jild útjaan.
Mâl docht net sear.
Unbegryplik sprekwurd op de Klaai.
Mei lege hannen is it kwea hauken fangen.
Meitsje dei en wei like lang.
Men moat ite al wiene alle beammen galgen.
De earmen meie proletarysk winkelje om oan iten te kommen.
Mannichien soarget foar in hiel brea en dy hat genôch oan ien stik.
Krityk op kapitalisme.
Miggen moatte by winich waar gjin hea ferfiere.
My is sûnt safolle oer de holle waaid.
Ik ha it swier te ferduorjen hân.
Nij is nju. Nij is noflik.
Non estis, sei hear Duco en hie gjin troef.
As wat dêr’t men op rekkene der net is. (Non estis = jim binne der net).
Om ûnder ús te petearjen
‘Onder ons gezegd en gezwegen.’
Under steande silen is it goed roeien.
Sis ik tsjin wa’t mei my oparbeidet …
As my de wâl ûntgiet, dan hâld ik my oan it flotgers.
Ik wit my te behlpen.
As men ‘tsjoe’ seit, dan mient men de hinnen allegearre.
Ik ha it ek oer dy! (Tsjoe, krekt as yn it Ingelsk.) Dy’t de skoech past … Dy’t in noas hat kin mar rûke.
As it keal ferdronken is dekt men de saad.
Oan de Fryske petiele is folle byt.
Skynt in itersmiel mei 13 gongen, allegear fleis, te wêzen. Fegetariërsnachtmerje.
Oankommende roazen binne sa goed wol as de ôfgeande.
Leve it nije, leve de nije.
As de gekken te merk komme, dan krije de kreamers jild.
De jildlju regeare. De maatskippij as jildspul.
Skurve nekke is gau rekke.
De skuldige ferriedt him. Allyk: dy’t skurf is dy skeukt.
Set in froask op ’e stoel en hy ljept wer nei de poel.
In leech aard of komôf wurdt ek op in hege posysje sichtber.
Slikje my om ’e mûle, ik ha koekiten.
By my is it te heljen. Skamteleas machtsmisbrûk!
It fel is him te near.
Hy moat op dieet.
It is oan de iel hoefolle ta miel.
De minske wikt, de natuer of it natuerlike beskikt.
It giet der net wol ta, dêr’t de mûs yn it tresoar dea bliuwt.
Dêr’t neat te iten is, giet it net goed.
It is in ûngelyk skeel: tútsje of earen ôfsnije, sei de faam.
Gjin frijheid fan kar want te ûngelykweardige alternativen.
It is de leken net al te betsjutten wat de skrift yn hat.
Ik kin jim net alles útlizze wat ik mien want dêr binne jim te dom foar. Hearlike heechmoed.
Tusken twa stuollen yn ‘e jiske.
Yn ’e problemen troch net te kiezen.
It fet jou út wat it yn hat.
Men praat neffens wat men is.
It is in kwea saad dêr’t men it wetter yn drage moat.
It stiet kwealik dat de hin kraait dêr’t de hoanne yn ‘e hûs is.
It koe sa út de Koran of de Bibel komme.
Twa nêsten waarm te hâlden komt deropoan.
Pleit foar monogamy.
Wa’t missprekt hat in goed swijen ferbard.
Mar de sprekkers ha de wrâld.
Wurde jo gewaar dat it dei is?
Lang om let slûge! Doge jo wol?
Wolst net âld wêze, lit dy jong hingje.
Spot net mei de ûngemakken fan âlderen.
Wa kin in wyld hynder it fjild ferbiede?
Wa kin in drift of driftich minske yn ‘e stokken hâlde?
Tink om Oetse, dy hat stiennen yn ’e mûtse.
Pas op foar ferried.
*