
Utjouwerij springt yn gat dat oaren falle litte
Dizze moanne komme der twa Frysktalige poëzijbondels út by HotSum, In hazze is in lokkich bern/Een haas is een gelukkig kind fan Edwin de Groot en Ravensulver/Ravenzilver fan Abe de Vries. De nije bondels fan Abe de Vries en Edwin de Groot wurde op gedichtedei op 31 jannewaris presintearre yn Tresoar yn Ljouwert. Inisjatyfnimmers fan útjouwerij HotSum binne de âld-Farsk-bestjoersleden Abe de Vries, Jetske Bilker en Gerben de Vries en âld-Farsk-redaksjelid Ytsje Hoekstra. De útjouwerij is spesjalisearre yn Fryske poëzij en esseeïstyk.
Ytsje Hoekstra fertelt: ‘Oardel jier lyn sieten we mei ús fjouweren byïnoar yn it eardere fiskrestaurant Op Hatsum by Dronryp. Ien fan de ûnderwerpen fan petear wie de situaasje yn de Fryske literatuer, dat útjouwers eins gjin Fryske poëzij mear útjaan wolle en dat der te min Fryske esseeïstyk is. Dêrút is útjouwerij HotSum berne. Hotsum stie op de menukaart mei in o, dat sa skriuwe we it no ek. Flak dêrnei gong it fiskrestaurant fallyt, omdat der net folle iel mear is, mar dat wisten we doe noch net. Der siet noch in lyts sturtsje yn de stiftingspot fan Farsk en dat woenen we ynsette foar Fryske poëzij en esseeïstyk. We ha besletten om ús redaksjonele krêften te bondeljen yn gearwurking mei Abe syn âlde útjouwerskontakten. Gerben is de ponghâlder út Farsk wei. Hy hat him ek bekroade mei it opsetten fan de nije stifting. De namme HotSum slacht ek op it bedrach dat noch yn de Farsk-pot siet.
HotSum wol ien of twa poëzijbondels en ien esseebondel yn it jier útjaan. Dat bart yn de mande mei de Contrabas, in Nederlânske ynternetútjouwerij fan poëzij anneks drokbesochte ynternetside oer literatuer. Abe hie al kontakt mei Chrétien Breukers fan de Contrabas en dy wie entûsjast. De Contrabas hâldt him dwaande mei de produksje, foarmjouwing en distribúsje fan de boeken. Sy hawwe al kontakten en binne wend om dingen low-budget út te fieren, want sy ha sels ek lytse oplages. Ik fyn de link mei de Contrabas hiel moai, want twatalige bondels wurde op dy manier tagonklik foar in breder publyk, ek yn it Nederlânske poëzijsirkwy.
De esseebondels jouwe we út yn gearwurking mei Tresoar. We ha no skriuwers frege om Frysktalige essees te skriuwen foar de earste temabondel dy’t yn de simmer fan dit jier útkomt. It tema dit jier is: Europa yn de Fryske literatuer. We ha in tal gebieten en lannen dêrút keazen, ûnder oare Spanje en Portugal, en dêr binne de skriuwers mei oan de gong gien. De skriuwers kinne betelle wurde fia fûnswerving troch Tresoar.
Yn de Farsk-pot sitte gjin kaptalen mear. Fansels ha wy foar de poëzijútjeften de stipe nedich fan it Letterefûns en de Provinsje Fryslân. Dat sille we wol hieltyd probearje moatte, oars komst net sa fier. Wy fine it wichtich om in poadium biede te kinnen foar Fryske dichters en esseeïsten. We oerweagje ek om studinten de foarmjouwing fersoargje te litten fan de esseebondels. Dat hoecht net foar neat en sa joust dy studinten ek in poadium.’