
Poëzij
Edwin de Groot
In hazze is in lokkich bern | Een haas is een gelukkig kind
HotSum, Utert 2013
Presintaasje: 31 jannewaris, 16 – 17.30 oere, Tresoar
In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind is Edwin de Groot’s tredde dichtbondel en syn earste twatalige. Tema’s as fergonkelikheid, de betreklikens fan ús bestean en it bestean fan de dichter foarmje wol de reade tried. Oan ‘e ein binne we inkeld in stofke yn it universum. Dat kin tryst oerkomme mar ek befrijend wêze.
Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) debutearre yn 2005 mei it fers ‘Slachfjild’. Nei ferskate publikaasjes yn de tydskriften De Moanne, Farsk, Hjir, ensafh en op de Contrabas kaam yn 2008 syn debútbondel Ik skip út. Yn 2010 ferskynde Tongfal. Edwin de Groot krige yn 2007 in Rely Jorritsmapriis foar syn fers ‘Yn it omgean’.
Simon Oosting
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9325
Ferkeappriis € 15,00
“By it skriuwen fan dizze bondel haw ik minder wraksele mei de foarm as yn eardere gedichten. Ik moat frij oan in gedicht begjinne kinne, wit ik no, oars wurdt it neat. Myn fersen hawwe ek hast allegear in byld as basis. By in protte fersen heart dan ek in skilderij dat faak parallel oan it fers ûntstiet. Dat byld haw ik earne yn my en hoecht net perfoarst op doek te kommen, mar it helpt wol.”
“Elemintêre, om net te sizzen argetypyske saken foarmje myn wichtichste tematyk. It wurd ‘argetype’ is ek wichtich yn myn wittenskiplik wurk. De kearn fine yn it deistige gean en kommen, it werkenbere oantsjutte yn it bysûndere en it bysûndere yn it werkenbere, dat komt hieltyd wer boppe driuwen yn myn dichtwurk. It earste skift fan dizze bondel hat as titel ‘toatems’. Dy toatems ferbine in ‘clan’, in famylje en de foarâlden mei de libbenen. Dat skift hat alles te krijen mei de dea fan ús heit. It twadde skift, ‘de elegiën’, giet oer dingen dy’t wichtich binne, mar ferlern gongen binne, it tredde skift, ‘it sinjaal de tekens’, hannelet oer de needsaak om te bewegen. En yn it fjirde skift, ‘nomade te stee’, komme it statyske en de dynamyk by inoar.”
Simon Oosting (1959, Skarsterbrêge) debutearre as dichter yn de Moanne mei it fers ‘Midsimmer’ en publisearre neist de Moanne ek yn Hjir. Yn 2004 krige er foar syn gedichtesyklus ‘Yn ‘t foarbygean’ de Rely Jorritsma-priis takend. Yn boekfoarm debutearre er yn 2007 mei de dichtbondel ‘Rauwe fisken op wynfearwolkens’ dêr’t him in jier letter de Fedde Schurer publykspriis foar takend waard. Neist it skriuwen fan proaza en poëzij hâldt Oosting him oan de universiteit fan Wageningen dwaande mei de Tropyske feehâlderij by de ôfdieling dierwittenskippen.
Abe de Vries
Ravensulver | Ravenzilver
HotSum, Utert 2013
Presintaasje: 31 jannewaris, 16 – 17.30 oere, Tresoar
Ravensulver / Ravenzilver is de sechsde bondel fan Abe de Vries. Leafde, heit, lân en taal, bytiden liket it as is in grut part fan jins wrâld oan it ferdwinen, weisinkend yn de tiid, it oantinken. Allinnich op it eilân fan de poëzij kin wat der fan oer is behâlden bliuwe. Sân searjes fan trije fersen litte har lêze as in opstannich postskriptum by de yllúzje fan duorsumens.
Abe de Vries (Winaam, 1965) publisearre De weromkommer yn it ûnlân (2002), In waarm wek altyd (2004), Under fearne goaden (2006), Fangst fan ‘e demoandolfyn (2008) en Sprankeskyn (2010). Yn 2002 krige er foar syn syklus ‘Fersen fan ferjitten’ de Rely Jorritsmapriis; yn 2005 foar syn twadde bondel de Gysbert Japicxpriis. Syn esseebondel Identiteit & kowesturten (2008) waard yn 2012 nominearre foar de Fedde Schurerpriis.
Proaza
Albert Camus – oersetter: Syt Palma
De Pest – Allegory fan in beset lân
Elikser, Ljouwert 2012
ISBN 97890 8954 4575
Ferkeappriis € 18,50
It ferhaal fan de Frânske skriuwer Albert Camus spilet yn de stêd Oran, doedestiids in koloanje fan Frankryk. Op in moarn stroffelet dokter Rieux oer in deade rôt. It bliuwt net by dy iene, se lizze oeral, yn de huzen en op ‘e strjitte. Der komme hieltyd mear foar ‘t ljocht. Op ‘t lêst wurde de ynwenners fan de stêd troch hûnderten, sels tûzenen deade of krepearjende rotten bedrige. It duorret net lang of de minsken fiele har ek siik en stjerre. Der is gjin salve oan te striken: de pest is útbrutsen en nimt de foarm fan in earnstige epidemy oan. Wa’t net siik is, ferliest wol immen en njonken de sykte hearsket eangst en klaustrofoby. De stêd wurdt fan de bûtenwrâld ôfsluten en minsken binne fan elkoar ôfhinklik.
Elk reagearret ferskillend. Guon lizze har del by har lot, oaren sykje skuld en wraak, wer oaren besykje mei ynmoed te fjochtsjen tsjin de grutte oermacht.
Dizze roman ferskynde foar it earst yn 1947 en droech by ta de nominaasje foar de Nobelpriis, dy’t Camus yn 1957 krige. Hy lit sjen hoe’t minsken ûnder ynfloed fan bûtengewoane omstannichheden reagearje en feroarje. Syt Palma hat dit masterwurk út de wrâldliteratuer yn eigentiids en meinimmend Frysk oerset.
Anne de Vries
Nuver Praat
Uitgeverij Louise, Grou 2013
Paperback – 120 siden
Anne de Vries, met zijn soepele karakter als dat van een loden deur, is een geboren Leeuwarder. Hoek Voorstreek – Wortelhaven. De Vries neemt u mee naar zijn jeugd. Een jeugd die zich afspeelde in de Berkenstraat, met zijn bijzondere bewoners.
In een boeiende mix van realiteit en fantasie heeft Anne de Vries zijn bij tijd en wijle merkwaardige jeugd opgetekend in verhalen die ontroeren, die u bij de strot grijpen en die u doen dubbelvouwen.
‘Anne is anders’, aldus zijn hoogbejaarde moeder. Hoe anders bepaalt u zelf wel, na het lezen van vijftig speciaal voor u geselecteerde verhalen.
Non-fiksje
Geert Gratama (yllustraasjes)
11 stedenkoorts! – Fries voor schaatsenrijders
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9387
Ferkeappriis € 4,95
In twatalich humoristysk taalgidske foar reedriders, mei tekeningen fan Geert Gratama (bekend fan Mijn vrouw is uitgenaaid).
Berne- & Jongereinboeken
Antoine de Saint-Exupéry – oersetter: Jacobus Quiryn Smink
Elikser, Ljouwert 2012 (earste printinge 1998)
ISBN 97890 8954 4964
Ferkeappriis € 14,95
De Lytse Prinsis in modern mearke en in boek foar jong en âld. In piloat makket in needlanning yn ’e Sahara en treft dêr de lytse prins, dy’t him wûnderlike en wize ferhalen fertelt…
-Farwol, sei de foks. Dit is myn geheim. It is tige simpel: kinst it bêste sjen mei it hert. Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen.
-Dêr’t it om giet, dat is mei de eagen net te sjen, sei de lytse prins it him nei, om it te ûnthâlden.
De auteur, Antoine de Saint-Exupéry, dy’t ek de prachtige yllustraasjes makke, wie piloat en yn tsjinst fan ’e alliearden. Hy skreauDe Lytse Prinsyn it oarlochsjier 1943. In jier letter kaam er om doe’t syn fleantúch op in ferkenningsflecht delhelle waard.
It boek is al yn withoefolle talen oerset en heart ta de klassiken fan ’e wrâldliteratuer. Dizze útjefte, in oersetting fan Jacobus Quiryn Smink, ferskynde yn 1998 foar it earst yn it Frysk by de Koperative Utjowerij yn Boalsert. Dit is in yntegrale werútjefte fan dy publikaasje.
En fierder…
Audiofrysk – Mearkes fan Grimm: Yn maaie komt it earste harkboek fan Audiofrysk mei mearkes op de merk. Anne Popkema sil in seleksje út syn grutte bondeling fan mearkes fan de bruorren Grimm ynlêze. Fanwege de doelgroep – jongere bern, dy’t hiel graach nei mearkes harkje – wurde se hjir en dêr licht bewurke, om der sa in moai harkboek fan 2 cd’s fan te meitsjen.