Daam de Vries

Straalkanker

logo.ensafh

Yn Japan ite se hynstefleis. Yn België ek, al doare se it dêr sa net te beneamen. By ús wurde jo sa njonkelytsen as krimineel beskôge as jo allinnich al fertelle dat it sa’n 35 jier lyn grut feest wie as ús heit ris mei hynstefleis thús kaam. Wêr’t er it wei hie wit ik net, wêr’t it hjoeddedei noch te krijen is alhielendal net. Us hapkes binne ingeltsjes wurden fan Griet Wiersma besongen.

Maneezje. Romme, skjinne boksen. Binnenbak. Bûtenbak. Lessen. Sealkeamer. Aardige froulju (de measten). It is in wrâld op himsels dy’t foar in grut part in eksakte kopy fan de maatskippij is, al kipet it rabjen der wat út. Troch dyselden dy’t net by de hjirfoar neamde ‘de measten’ hearre.

De stifting fan buorfrou fangt ôfriden maneezjehynders op. In soad romte hat se net. Mar se wol de edele goaden al graach ris stappe litte. Dat buorfrou mei ús binnenbak brûke as dy frij is. As dy frij is. Betellet se neat foar en hat dus gjin rjochten. As de bak beset is freget se wolris wannear’t er frij komt. Dat is gjin legale fraach. Nei in kearmannich wurdt sels de ferskining fan de om it hoekje kypjende buorfrou al as twingend ûnderfûn troch dyselden dy’t al betelje en troch har lichemstaal ferballe wurde.

Buorfrou fielt har lykwols stipe troch ‘sa grut en fier’ al praat se sels gjin wurd Frysk en sjocht se wakker muoilik as oaren dat al dogge. Sa goed as alle folk praat dan ek Nederlânsk tsjin har. Under twang dus. Hja is in rêde prater, sawat like rêd as hynstefleis in kuriositeit is.

Fryske wykblêden binne der net mear. Fryske moanneblêden noch al min ofte mear. In seldsumheid ûnderwilens. De kulturele buorfroulju litte no sankjes komponearje, prozayske bidboeken skriuwe, smite yntendants en oar net libbensfetber trochfokt guod. Mar as in hynder út in jarreplasse begjint te drinken ha se net yn de rekken dat it dier mooglik ferlet fan sâlt hat.

Steane alle hynders út de jarresleat te slobberjen, dan noch begripe se net wat der mis is. Healwiis gesicht, sa’n keppel hynders oan de jarre. In bytsje hynsteman soe it net ferneare kinne: Friezen op Faceboek. Se soene har daliks in sâltblok yn de boks hingje.

Buorfrou net. Buorfrou heft it lêste Frysktalich wykblêd op en skriuwt earst noch wat ûnnoazele stikjes yn beide deiblêden. Dêrnei set hja it op in âljen dat sels har ‘lytsbern’ sear oan de earen docht. Hja narret de moanneblêden.

As ik buorfrou wie soe ik yn it ramt fan KH2018 ris wat hynstefleis op alle menukaarten yn Fryslân sette litte. Goed iten. Wat âlder de happe wat lekkerder it hapke.

Mar it sil oars komme. Ik tink dat buorfrou in hynstestalling oan it Saailân bouwe lit en it Fries Museum brûkt as binnenbank. Mei in leger maatskiplike stazjêres dy’t oars neat dogge as bjinne, skrobje en mei in Ikea-ammerke efter de happes oan buorkje om de figen op te heinen.

Gjin saken as Frrysk en Frij yn de boksen. Al foer lykas ‘Praat mar Frysk’ en oar modern guod dêr’t de managers fan oates en toates Nederlânsk prate. Ek mei it eale folk dat o sa goed Frysk prate kin mar dat net as earste docht. Om’t se buorfrou eangje.

Buofrou hat o sa’n moederaasje mei de hynders. Dat sil der yndruid wurde by elk krekt salang oant der nimmen mear is dy’t him de smaak fan hynstefleis noch heuge kin.

Ien fan buorfrou har hynders hat straalkanker. Se lit der net nei sjen mar lit muorkes wyt fervje. Dat toant. En dêr giet it om. Lit dat hynder mar krepearje. Gjin minske dat der erch yn hat. Op in inkelde skriuwer nei dy’t der mei yn it span sitten hat en no op syn bêst noch opdrave mei yn in spot mei Rutger Hauer.