
de âld boer fan omtrint hûndert moat it lânwurk litte syn lêste wille is mei de rêch yn ’e sinne sitte somtiden fangt er in lûs en klaut er him ûnder ’e pet hy eaget de guozzen nei en falt yn ’e sliep tsjin in sket Oersetting/bewurking: Piter Boersma (De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Li Qi libbe fan 690 oant 751.)