
In ferplicht nûmerke giet Gysbert ek net út de wei, lykas wannear’t er in gedicht foar in aadlik jongfrommes skriuwt. It is ommers op fersyk fan Gabbema skreaun. Dat de jongfaam sa de himel yn priizge wurdt, sil grif mei in jildlik eigenbelang te krijen ha of út freonskip foar Gabbema. De skjintme fan it frommes kin it net wêze, want Gysbert is fiersten te evenredich om dêrtroch út stel te reitsjen (hy is perfoarst gjin Starter of oare frouljusgek). Joast Halbertsma fûn dit Gysberts bêste gedicht, oaren ornearje dat wy it no in produkt fan wansmaak fine soene. De earste fjouwer kûpletten binne lykwols libben en realistysk. Der wurdt in fraai byld sketst fan in jong frommes dat in hynder beteammet. Hoewol de learde taspilingen oan de ein wat ôfbrek dogge, wurdt it gedicht kreas ôfmakke troch de manlike sjoggers oan de ein ymplisyt mei it hynder te ferlykjen. De tasjende manlju moatte ek belies jaan: de knappe jongfrou sil har allyk as it hynder dominearje. Dat Halbertsma it sa moai fûn sil grif ek te krijgen ha mei de fassinaasje dy’t guon manlju ha foar de dominatriks: wiere leafde is ommers ûnderwerping. Camille Paglia hat sjen litten dat de dominatriks in weromkommend motyf yn de westerske kultuer is: Spenser yn de Renessânse, Keats en tal fan oare dichters yn de Romantyk, en fansels de kristlike frou dy’t makket dat manlju har bekeare. Eins is de fassinaasje foar de dominatriks in foarstap fan de yntroduksje fan de lykberjochtiging fan de frou sa’t dy yn ús kultuer plakfûn hat. It skriklik byld fan dea en ferdjer yn it fyfte kûplet falt goed yn de smaak by de Romantisy, foaral ek omdat it yn it sechte kûplet keppele wurdt oan leafde en ûnderwerping. Ofwol, wy fine hjirre de tematyk fan de ienheid fan leafde en dea, by útstek romantyk. Hoewol de Renessânse dy twa almeast as in tsjinstelling sjocht, is dat by Gysbert, yn dit gedicht alteast net sa. Yn syn rasjoneel bewustwêzen mei Gysbert dan Renessânseminske west ha, syn psychologyske aard is romantysk. Bedoeld of ûnbedoeld mar de keunstner kin altyd troch syn ûnderbewuste ferret wurde, wat bytiden de moaiste poëze opsmyt. Ofwol: dit is net sa’n min gedicht. (De Camilla yn it gedicht is in keningsdochter dy’t Turnus holp yn ‘e striid tsjin Aeneas; Aruns is in held; alle trije komme foar yn de Aeneas fan Vergilius, sjoch boek 11).
Op it hynst-belearen fan juffer Sibilla fan Jongstal
Sa ljept te hynst lânsjuffers’ pûk, Sibilla,
sa prealt se yn it seal, dy Rieds-Hear-like sprút,
sa gloarje-glânzget se ûnder tûzenen út
as ea yn Turnus’ fjochtbûn blonk Camilla.Sa twingt se it hoefdier lofts, rjochts, op in troai,
dan op in rin, dan op in jei, as fleande:
net oars allyk in hazzewynhûn geande
om lekkere bout te meitsjen fan syn proai.Dan teammet hja him tebek, mei ljep op ljeppen,
steech, rjocht oerein; dan docht se him stôkstil stean,
hânbakjende de hoarshals; dan lit se him gean,
trip-trêd op ‘e stap, om wer wat amme te skeppen.Dan liedt se him yn it rûn, en ringet ring oan ring;
dan tel, dan sêft, dan skean, dan rjocht, nei it stjoeren
fan sokke hannen dy’t it hynzer wit te roeren.
Dan spoarret se en it hynder fljocht oer wringe en kling.Mar se stode nea, it stjoersk gelaat oergrime,
as de âld Camilla, dy’t delsloech Frig’ nei Frig’,
en seach lykas yn Pluto’s hoale in wrig’,
oant dat se deablet, fan Aruns pylk trochflime.Har sil gjin deadolk nea of ninter hein’.
O! Wa’t se oangluorret stjert, as sels oerwûn.
Knibbelje Aruns, belies: dyn boei-trie is folspûn,
ljuentsje om behâld, dyn frijdom rint rêd te ein’.
Yn “Ljeafde” ferdigenet de dichter de ljeafde tsjin dejingen dy’t oer har kleie, wylst alles eins eigen skuld is. Dêryn is it gedicht mear rasjoneel, flink, selsstannich as dweepsk-meepsk romantysk. It is fansels kristlik om de fout foar alles wat mis is mei de minske by de minske del te lizzen, en de fertsjinst foar al it goede by God .
Ljeafde
(Wize: Prins Roberts mars. ‘ Een jonkvrouw die mijn hart doorwondt, etc.)1 Johan. 4. 8.
1.
Ljeafde, djoerste Ljeafde, ynmoaist byld,
pûk, boppe sinne of dei,
gjin faam, hoe moai, dyn glâns besylt
op tûzen milen nei.
As in strieltsje dyn blier each út tsjocht,
‘k tsjûgje, ’t docht dat ‘k nei dy stjoer’,
ja, yn dyn ljeafde baarn en fljoch
as mich yn it kearsefjoer.2.
Wa’t dij net ljeaft is yn ferstân
fan witten in fet hol-leech.
Mar, al-folmakke oerdjoerste pân,
wat minske fljocht sa heech
dy’t dyn weardije wurdearje kin,
dyn jeften al befet
of breins begryp grûndearje kin,
hoe djip men der ek op let?3.
‘k Wol net lyk protte minners dwaan
at se âlje bernsk en njoer,
dy’t alle skuld de ljeafde jaan
(O waanwiis bûten stjoer!).
De ien neamt se wreed, hurd, dôf en blyn,
de oare hjit se kâld as snie,
ferwyt har net te fernearen pin’,
se dogge it beid’ mei ûn-beskie.4.
It hyt izer, út it smidtefjoer:
de smid grypt sûnder skea.
Hy hantearret it mei goed bestjoer
en it docht him moai gjin kwea.
Mar kaam der ien dy’t ûnbedreaun
it fette oan it earslinge ein,
dat wie eigen skuld, as hy oan it gleon’
syn gekke hannen skein’.5.
Myn hert oertinkt dyn frjeonlikheid:
hja is alle reits ûnttein.
Ek dyn mylddiedich heech belied
glâns-gloarjet sûnder ein.
Mar itjinge ús krusiget, smaadt en smert
is skynljeafde, ûngeduld.
Ferwyt dat leave Ljeafde net.
(Help Ljeafde!) It is eigen skuld.Heal dea! Heal dea, troch min-sjocht, ljeafke!
Oan dobbe-ich hat ljeafd’s wûn’ my brocht:
wat tinkt der jo fan, herte-tsjeafke!
Wit’ jo rie tsjin myn ljeafde-sjocht?