Hidde Boersma

Duko 1

logo.ensafh

Duko belle oan by Boele en wachte. It wie moai waar en hy hie der al hast spyt fan dat er oanbelle hie. Woe er net leaver in ein te kuierjen?
‘Ha Duko,’ sei Boele wylst er de doar foar Duko iepenhâlde.
‘Eh,’ sei Duko, ‘ik leau dat ik dochs leaver te kuierjen gean.’
‘Ek goed,’ sei Boele en hy sleat de doar wer.
Mei in wat ûnbestimd gefoel gie Duko doe mar op ’en paad. Mar dat gefoel liet er al gau farre, want hy die wat er woe, en Boele fûn it prima sa.