Ferdinand de Jong

Ferantwurding

logo.ensafh

Stel je no ris foar dat Adolf Hitler noch libje soe. Of Stalin. Of Idi Amin.

Om ris mei dy lêste te begjinnen, dat wie my der ien. Bokskampioen swiergewicht fan Oeganda fan 1951 oant 1960. Gjin man om spul mei te krijen. Doe’t er yn 1971 diktator waard, beneamde er himsels mar ta ‘presidint foar it libben’.
Wy kenne de man as ‘de slachter fan Afrika’, en dy beneaming komt tichter yn de buert fan wat de man wie. It binne wat rûge skattings, mar sa’n 300.000 minskelibbens hat er op syn gewisse. Yn 1979 foel syn kaartehûs om en flechte er nei Libië en letter nei Saoedi-Arabië, dêr’t er mei syn fjouwer froulju libbe oant syn dea yn 2003. Se seinen dat er der ek noch kannibaal by wie. Leuke man, liket my.

En dan freon Stalin. No, dêr kin Idi Amin noch in puntsje oan sûgje, hear.
Jozef Stalin libbe fan 1878 oant 1953. Yn dy tiid spile er it klear om, tusken de njoggen en de tweintich miljoen minsken om hals te bringen. Sjoch, dan ha jo wat prestearre, of net dan.

Tsja, noch ien oer. Adolf Hitler. Hoecht eins gjin yntroduksje. Berne yn Eastenryk yn 1889, syn jier fan ferstjerren witte jim wol. Yn 1913 gie er nei Dútslân, de rest is skiednis.
De keale sifers: sawat 6 miljoen Joaden en rûchwei in miljoen Roma. Oer it totaal oantal deaden yn de twadde wrâldkriich binne de mienings ferdield. It sit sa om de 70 miljoen hinne, neffens Wiki. En wa soe Wiki tsjinsprekke.
Eins wie Hitler in generaasjegenoat fan Stalin, en krekt sa destruktyf.

Stel dizze frisse jonges soenen noch libje, tafallich yn in lân dat meiwurkje wolle soe om harren foar it gerjocht te krijen. It ynternasjonale strafhof yn Den Haach soe te lyts wêze om alle belangstelling oan te kinnen. Trije grutte misdiedigers dy’t úteinlik dochs noch harren straf krije.

As we it op it no projektearje komt fansels de namme Bashar Hafez al-Assad as nijmoadrige multymoardner oan it oerflak. Mar we meitsje ús ek noch drok om Argentinen dy’t se wol as net út in fleantúch mitere ha. En al dy âlde Balkan-figueren, se moatte foar it gerjocht. Dat fielt goed, op ien as oare wize.

Minsken dy’t wat ferkeard dien ha, der in rotsoai fan makke ha, de saak besoademitere ha, der mei de pet nei smiten ha, te hurd riden ha, smoarbesopen efter it stjoer sitten ha, trettjin jier lyn in fanke ombrocht ha, mei de klauwen oan lytse bern sitten ha, wy fine allegearre dat der rjocht dien wurde moat. De minsken dy’t dêr ferantwurdlik foar binne, moatte, wat se hjoed de dei by de ein ha makket neat út, it makket ek neat út hoe lang’t it lyn is, nee, se moatte ferantwurding ôflizze.

Dat fine wy allegearre. Dochs?

Wêrom ha wy dan in útsûndering makke foar minsken dy’t as in stel idioaten mei mienskipsjild omsmite? Dy’t bygelyks grouwélich de mist yn gien binne mei it oankeapjen fan grûn? Snappe jim dat? Dy ha ek blundere. En net te min. Mar as it stokje oerjûn is, waskje sy harren der ôf. Mocht it al mis gean, falt de hjoeddeistige deputearre, en dyselde dy’t yn dy tiid mei ferantwurdlik wie, gniist wat, al as net mei in grou keatling om de hals.

Nuver hear. Selektyf ferantwurdlik wêze, neam ik soks.

En dát fielt ferdomme hielendal net goed.