
En as Gysbert Japicx net yn it Frysk skreaun hie, mar allinnich yn it Hollânsk? Hy soe sels net foarkomme yn Gerrit Komrij syn De Nederlandse poëzie van de 17e en 18e eeuw in 1000 en enige gedichten. Mar Gysbert hat ek yn it Hollânsk skreaun. En hy komt net foar yn Komrij. Mar om’t er yn it Frysk skreaun hat, is de namme fan Gysbert Japicx noch altyd bekend, wylst hûnderten fan syn Hollânsktalige kollega’s, faak bettere skriuwers as hysels, fergetten binne. En Gysbert wurdt, oars as de fergetten Hollânske kollega’s, ek noch wol lêzen, foaral sûnt Breuker (2003) in kar út syn wurk besoarge hat, mei oersettingen yn it Nederlânsk (Tamminga en Atze Bosch) en it Nijfrysk (Klaas Bruinsma en Jan Popkema). Dy oersettingen wiene ek wol nedich. De hjoeddeistige lêzer kin miskien it heldere Midfrysk fan in Johan van Hichtum noch benei komme, mar net it keunstmjittige Frysk fan Gysbert Japicx. As men oan Gysbert syn barokke taal tinkt, dan is dy syn liifspreuk ‘sljocht en rjocht’ in ûnbedoeld staaltsje fan irony.
Gysbert Japicx is faak en folle priizge. Ta in hichte is dat te begripen, ta in hichte is der ek wol op ôf te tingjen. Om mei de lof te begjinnen. It is wier dat Gysbert-Om steech en dreech trochgien is mei Frysk te skriuwen yn in tiid dat oaren Hollânsk en Latyn foar kar namen. Guon tochten dat it Frysk net iens stavere wurde koe. No is Gysbert net de iennichste dy’t aardich wat yn it Frysk skreaun hat. Van Burmania hat mear as 1000 sprekwurden optekene, wat dochs delkomme soe op in boek fan mear as 100 siden as wy 10 sprekwurden de side rekkenje. Nettsjinsteande fertsjinnet Gysbert lof foar syn grutte produksje wurk yn it (Mid)frysk: hy nimt sa’n bytsje de helte fan wat ús oerlevere is foar syn rekken. En dêrtroch hat er in ljochtsjend foarbyld west foar en moed jûn oan dy’t nei him kamen.
Der wurdt ek wolris sein dat hy de earste wie dy’t it Frysk serieus brûkte, dus net allinnich foar in grappich stikje oer twa boeren, sa’t bygelyks Starter die. My tinkt, dat is net alhiel terjochte. It wurk fan Van Hichtum wurdt gauris ûnderskat. De twa stikken dy’t oerlevere binne (‘Wouter en Tsjalle’, ‘Ansk en Houk’) binne langer as gelegenheidsgedichten. De stikken fan Van Hichtum waarden troch de stiifboargerlike smaak as boersk en kluchtich beskôge (Haantjes is dêr in foarbyld fan). Brouwer komt dêr al foarsichtich tsjin yn it gewear. Persoanlik fyn ik ‘Ansk en Houk’ it masterstik fan de Midfryske perioade. Dêryn oppenearret him yn it kluchtich ferhaal in realistyske psychologyske sfeartekening, sa’t men dy ek by Shakespeare fine kin. By Gysbert dêrfoaroer binne de karakters altyd klisjees, dy’t almeast rydark foar in moralistysk-religieus boadskip binne. Dêrmei korrelearret ek dat Gysbert syn taalgebrûk hiel fier fan de Fryske sprektaal ôfstiet.
Fan datoangeande bekweadiget Gysbert him oan deselde sûnde as syn Hollânske tiidgenoaten, waans wurk ek gauris unlêsber wurdt troch forsearre ferbale barok, tink oan Huygens en Hooft. Mar Van Hichtum slagget ta in ferbale direktens en natuerlikens dy’t maklik lêst mar dreech nei te folgjen is. Yn de Frânske literatuer wurdt ienfâld fan útdrukking heech oanslein, en yndie is in Racine sels foar in Fries no makliker te lêzen as Hooft of Shakespeare. De Hollânske wjergader fan Van Hichtum is Bredero, waans stjer ek wer rizet no’t de literêre smaak geandewei feroaret en wy it passive anti-historisisme fan de 70er jierren efter ús litte, no’t wy it ferline op nij ferkenne, op nij fêststelle wat earsterangs is (no ja, neffens ús smaak…) en wat net.
En dêrmei reitsje ik oan de persoanlike tematyk fan Japicx. Ik stel earst fêst dat wy ienfâld en lêsberens no wer heger oanslaan as eartiids. Dat is ommers ek gebrûksfreonliker. Mar de tematyk dan? Wolno, Bredero syn stjer rizet net om ’e nocht, en net om ’e nocht is dy fan Hooft en Huygens, om mar te swijen fan Cats, wat yn it neigean. In wurk moat net allinnich lêsber wêze mar ek psychologysk oertsjûgje. Mythologyske en oare figueren? Dat is gjin probleem, at se har mar as minsken en net as klisjees of ferheven liddichheden hâlde en drage.
Yn dat ferbân nochris de fraach nei de psychology en tematyk fan Gysbert Japicx. As earste moat fêststeld wurde dat Japicx in kristlik dichter is. Nee, kom my net oan mei de tsjinwerping fan, dat wie elkenien yn dy tiid. Ik bedoel mei kristlik dat sels foar syn tiid it religieuze oanpart yn syn wurk grutter is as gemiddeld. As ik dat ferlykje mei in Starter of in Bredero, dan konkludearje ik dat dy lêsten folle mear skreaun ha dêr’t it religieuze gewoan net yn oanwêzich is, en it moralistyske net al te bot op de foargrûn treaun wurdt.
Sels Gysbert syn kluchtichste wurk (‘Fryske Tsjerne’, ‘Sjolle Kreamer en Tetke’) rint al gau op belearing út. Yn de taheakke by de ‘Fryske Tsjerne’ lêze wy:
Oark myn soan: Wolst wat bedije
rin net as in bline mol.
Jild en rie moat’ mei dy frije,
bern, dan geane dyn saken wol.
Dan sil de himel oer dyn dwaan
Lok en mylde seine jaan.
Fierders is de dramatyske spanning yn de ‘Fryske Tsjerne’ lyts trochdat it fierhinne monolooch is. De hûsman hâldt in lange monolooch, ornearre foar de lânhear. De monolooch is grappich omdat de boer wat beskonken is, en dêrtroch wat frij praat, mar it bliuwt in simpele foarm fan humor. It yntermezzo, de dialooch fan Tsjerne en Yntskje, is wer in stereotype frijaazje: de karakters wurde net ta persoanen fan fleis en bloed. Dat Tsjerne Ynskje oertsjûget is ek net yntrynsyk oannimlik makke, it bart gewoan trochdat er krekt sa lang opkringerich oanhâldt oant se belies jout. Hoe’t it mei syn oare faam is, Rinskje, wurdt net fierder útlein. Gysbert is as kluchtige komeedzjeskriuwer lang sa linich net as Van Hichtum yn dy syn masterstikje. Hy is der ek te stiif en te yntrovert foar. Dat er him nettsjinsteande oan it sjenre bekweadige hat, koe wolris komme trochdat de stikjes fan Van Hichtum it iennichste Fryske foarbyld útmakken dat Gysbert ta syn foldwaan hie.
Wat by ‘Sjolle Kramer en Tetke’ de humor yn it paad sit, is dat it net dúdlik wurdt wêrom Tetke mei sa’n losse bruier as Sjolle opskipe is. Artistyk-moreel sjoen is soks oertsjûgjend as Tetke yntrynsik kwea wêze soe. Sjolle is dan har straf. It laitsjen om Sjolle syn lossinnigens wurdt wat bedoarn troch it begrutsjen dat wy mei Tetke krije. By humor moat men der altyd wach op wêze dat de lêzer/harker gjin meilijen mei it slachtoffer kriget, want dan slacht de humor dea. No begrypt men út Gysbert syn strange moraal wol wêrom as hy gjin begrutsjen mei Tetke hat. Dy beiden binne troud, sa’t er yn de Taheakke by ‘De Fryske Tsjerne’ seit, sûnder om ‘jild en rie’ te tinken. En mei ‘rie’ wurdt de tastimming fan heit en mem bedoeld. Sa’t Gysbert ús útleit yn de Taheakke:
Oeds die better, nei’t ik achtsje,
Doe’t hy Seats syn trouw ta sei.
Hy liet de âlden even plachtsje
Wat se oan eltse ich joegen mei.
No besit hy hûs en skuorre
En syn bern fleane alleman oer.
Fansels, it is net altiten ferstannich om de rie fan heit en mem yn ‘e wyn te slaan, mar moat ús soks by in klucht sa eksplisyt yndruid wurde? De ein hie ek oars kinnen. ‘Ansk en Houk’ hat gjin eksplisite moraal dy’t ús yndruid wurdt. ‘Ansk en Houk’ einiget dermei dat mem en dochter iendrachtich op syk geane nei in goede partij foar de dochter. De ymplisite boadskip is dêr fansels ek dat âlden en bern ienriedich wêze moatte, mar dat wurdt luchtich toand, net eksplisyt assertearre en as leske taheakke. Allyksa wurdt yn ‘Ansk en Houk’ ek om jild en karakter fan de breugeman tocht, mar net as abstrakt boadskip oan de ein mar ymplisyt blykt dat út it petear fan mem en dochter, ek benammen út de (humoristyske mar ek ferstannige) sinnigens fan de dochter at se in rige potinsjele houlikskandidaten de revu passearje lit.
It grutste part fan Gysbert syn wurk is dogmatysk kristlik. De wrâld is tydlik en ellendich plak om te wêzen en wy dogge dat sa goed mooglik mei’t God ús dat opdroegen hat. Dy fisy sprekt út it lange en langtriedderige religieuze wurk dat Gysbert ferfryske hat as ‘In sûnerlinge [bysûndere] ferhanneling fan it libben en fan ’e dea’. Mear as oare skriuwers út syn tiid tyspelet Gysbert om mei de sombere religieuze wrâldfisy dy’t yn syn tiid foar master opsloech. As er in stikje Heechliet oerset, dan nimt er dochs wer de saaiste stikken dêrút foar kar. De ‘Fryske Herder’ is in rige psalmoersettingen mei dêrtuskentroch koarte gedichten fan Gysbert, allegear mei in eksklusyf religieuze ynhâld en boadskip. Artistyk besjoen binne se net bysûnder: men moat kristen wêze om se moai te fine. Wylst der dochs ek kristlike literatuer is fan sa’n heech nivo dat it ek foar net-kristenen nijsgjirrich is (Dante, Bunyan, Milton). Dêr’t immen as Starter blyn foar it lijen liket te wêzen, liket Gysbert dochs gauris mei eachkleppen op nei de wille en it geniet te sjen …
As men it grutte kristlike oanpart yn syn wurk gewurde lit, dan falt fierder op hoe faak it tema fan it reizgjen versus it thúsbliuwen útwurke is. Dy tsjinstelling wurdt faak, ek wer om religieuze redenen, altyd beslist te’n foardiele fan it thúsbliuwen. De religieuze diminsje dêroan is dat men akseptearje moat wat God jin tametten wurdt, en op in oar plak sil it jin allinnich mar noch minder fergean as op jins eigen stee. Ut ‘Reamer en Sape’, dêr’t Sape fuort wol, mar Reamer (en Gysbert) it thúsbliuwen ferdigenje:
Reamer
Jo flechtsje as Cain, of leaver, as Jonas die!
Tink, Joseph bleau godfruchtich yn Egipten,
en tsjinne God: Lot, Abraam, oarenûntslipten
nea net syn lân as nei Gods hjit en rie.
Wat, wat kin it lân of hiele wrâld my deare,
hâld ik my rjocht from oan ús leave Heare:
…
Der komt in tiid dat al ús muoite en pine
ein nimt, en al ús oermoed sil ferdwine.
Dus om’t it yn ‘e wrâld nearne is as it heart,
bliuw yn jo lân, bidd’ God dat hy ‘t wol sparje.
Psychologysk betsjut dit alles dat Japicx bang wie om te reizgjen, en dat er him yn ’e frjemdte net thúsfiele en noflik bewege koe. Yn oare wurden, it wie in eigenheimer dy’t syn eigen reiseangst en bangens foar de stêd mei religieus-literêre redenen goedprate. Trochdat Gysbert altyd thús siet, kriget syn wurk ek wat saais, wat klaustrofobysk. Krekt foar sa’n yntroverte, op it bekende rjochte persoanlikheid as Gysbert hie it wol goed west om ris in pear jier op in oar plak te wenjen en te wurkjen, leafst yn in grutte stêd. De konfrontaasje mei it ûnbekende soe him faaks ta frisser wurk opfitere ha.
Om myn krityk op Gysbert syn literêre prestaasje gear te fetsjen, it is wat tefolle it wurk fan de stoffige studearkeamer, fan in yntroverte skoalmaster dy’t wat tefolle skoalmasterje wol. Ja, men seit wol, ynbannigens. Mar dat is ek: brek oan dialooch, brek oan minsklike ynteraksje fan de karakters, brek oan libbenichheid. By alle respekt dy’t men foar syn wurk ha kin. Set men myn krityske, faaks al te krityske hâlding nêst de lof dy’t him ieuwenlang taswaaid hat, dan, sa is myn winsk, sil men ta in trochtocht oardiel oer de Boalserter skoalmaster komme kinne.
*