
De ferkeaper op de lapemerk rôp: ‘Ine mine… trampoline!’ Ik woe him freegje oft syn gerdynstof better ferkeapet at er ûnsin oer de merk raast. Mar ik hold my stil, it docht ommers bliken dat in ekspressive aksje likegoed in ynstrumintele funksje hawwe kin yn de ferkeap fan in produkt. Quentin Tarantino fertelde op Channel 4 News net hoe prachtich at syn nijste film is, mar hy spuide nei de ynterviewer haatlikheden dy’t op Youtube yn noch gjin fiif dagen oardelmiljoen views opbrochten. Boeken, dat wol sizze romans, komme net sa gau op it nijs as films, mar ik seach dat boekpromoasje tsjintwurdich wol mei fideomedia giet. De book trailer fan Inherent Vice fan Thomas Pynchon hat mar 138 tûzen views op Youtube. De fideo is dan ek lang net sa spannend as dy fan it ynterview mei Tarantino. Wat der oan mist is fansels dat Pynchon sels net yn de promoasjefideo sit. De kameraskouwe Pynchon hat mar twa kear yn de publisiteit west, te witten yn de Simpsons, as stripfiguer mei syn echte stim. Dat wie net bedoeld as reklame mar it holp wol. Dus wat soe ik, betocht ik, as begjinnende skriuwer ferkeapje moatte? Myn teksten of mysels?
It liket derop dat de skriuwer al lang net mear dea is. It skreaune en de skriuwer binne net mear ûnôfhinklik fan inoar. It tv-programma Boeken hat in misliedende namme want ik giet net oer boeken. It bestiet út ynterviews mei skriuwers oer harren ynspiraasje en bedoelingen. Yn in oare searje giet Abdelkader Benali mei in romanskriuwer nei syn stamkroech dêr’t de plot him ôfspilet. Dêrtroch rinne de narrative en de biografy fan de skriuwer trochinoar en gjinien bringt ús mear de krityk yn it sin fan silger Roland Barthes dy’t fûn dat it petear gean moat oer de tekst sels. Dat tekst en skriuwer yn inoar oerrinne betsjut dat it net mear ûnlogysk is om de skriuwer ferantwurdlik te stellen foar de dieden fan syn protagonisten. In romanfiguer hie in foarkar foar modderfette famkes en de skriuwer Robert Vuijsje waard der yn in boekprogramma op oansprutsen dat dit syklik wie. Itselde oerkaam Tarantino want dy moast him ferantwurdzje oer it minne foarbyld fan syn geweld.
De nije media meitsje it mooglik dat skriuwers kontakt hâlde mei lêzers. Omdat skriuwers op Facebook fansels net op freonskipfersiken fan elkenien yngean wolle, mar beëagje har lêzers op de hichte te hâlden fan nijs oer harsels is der in author page betocht mei abonneminten en dêrneist book pages dy’t ‘liked’ wurde kinne. In ambisjeuze skriuwer dy’t net op Facebook is wol dêr grif wat mei útdrukke; author pages bestean ornaris earder as boeken en ik tink ek earder as skriuwers. Eigenaardich is dat Tommy Wieringa net in author page hat mar in book page. Jo kinne Wieringa ‘likeje’ lykas in boek. De Facebook-inisjativen gean der noch fan út dat tekstuele betsjutting in útwikseling is tusken tekst, lêzer en skriuwer. Tsjintwurdich soe net de skriuwer sels, mar it byld dat de lêzer fan de skriuwer hat de tekst beynfloedzje. Yndie is myn byld fan Wieringa as boek-wurden skriuwer sa sprekkend dat it mei weromwurkjende krêft myn ynterpretaasje stjoert fan Joe Speedboot.
Soks wol Haruki Murakami foarkomme. De skriuwer moat perfoarst net gearfalle mei syn boek. Boppedat moat in skriuwer net gearfalle mei syn priveepersoan. Dit lêste is in oar probleem as dat fan Pynchon dy’t – lykas Wieringa – oan it skeppen fan in betroubere publike persoan ûntkomme wol. Want by lokraak wat roppe is op in lapkesmerk miskien betrouber genôch, mar net op de target market fan de literatuer. It is ek in oar probleem as yn Boeken dêr’t alle fiksje foar autobiografysk trochgiet. It giet Murakami derom dat in skriuwer as skriuwer, dus as autoriteit, neutrale, morele útspraken docht, wylst er as persoan wis wol ideologysk ynformearre wêze mei. Yn syn ynterview mei Vendela Vida makke Murakami dêrom by elke útspraak eksplisyt ûnderskied tusken de miening fan de aktuele persoan Murakami en de opiny fan de authorial persona Murakami. Dit etysk hanneljen liket my ek prima foar de ferkeap. Mar ik hie noait tocht dat it sa yngewikkeld is om in skriuwer te wêzen. En ik frege my ek ôf hoefolle diskontinuiteit ien syn identiteit eigentlik talit.
De hoekhâldingfraach fan persoanlike identiteit giet oer numerike identiteit – ien itselde of twa gelikense – en kwalitative identiteit. At it skip fan Theseus allegearre nije planken krigen hat, is it dan noch it skip fan Theseus? Mei dizze paradoks begjint David Wong syn earste boek. In zombie werkent by de bilesliper de bile dêr’t er mei fermoarde is en ropt yn panyk dat er it bewiis foar de misdied fuortslipet. Mar doocht dy beskuldiging wol no’t de bile krekt in nije kop krigen hat en al earder in nije stâl? By psychologyske identiteit soe in stadige metamorfoaze lykwols net kinne. It is de essinsje fan de skriuwer dy’t telt. Essinsje definiearre as de eigenskippen sûnder hokker in skriuwer net langer in skriuwer is, dêr ha josels kontrôle oer. Mar hoe siet it mei essinsje as dat wat makket dat ien net in oar wurdt? Yn Spinoza syn identiteitsteory kinne twa ferskillende substânsjes nea deselde attributen diele. Dat ik ferkeapje altyd allinnich mysels at ik myn author bio skriuw.
Dat foel ta. Ik woe no wol witte hoe dea at de skriuwer feitlik is en ik seach op Facebook. Roland Barthes hat in page, mar ûnder syn foto stiet: ‘Ik leau yn de dea fan de skriuwer.’ Doe lies ik in berjocht op myn muorre: ‘David Hume: De identiteit dy’t wy taskriuwe oan de minsklike geast is allinnich mar in fiktive.’