
Jûnskimer de lêste hap fan it jûnsiten dat de help klearset hat en ik doch de skoattel ta op dat stuit hear ik hoe’t by de buorlju de hiele húshâlding fleurich laket (oersetting: André Looijenga) * Sikehûskeamer de âldste bin ikke mei fiifennjoggentich dan fjouwerennjoggentich njoggenentachtich seisentachtich fjouwer froulju op in keamer op dagen dat ús famyljes op besite binne it hûs fol âlderein en op ’e gong filefoarming fan rollators ik mei al dy laitsjende stimmen yn ’e rêch hingje oan ’e earm fan myn soan sjoch by it rút wei nei de kleare himel (oersetting: André Looijenga)