
Boele hie mei Duko ôfpraat om in kâld glês bier te drinken op in terraske. Se soene inoar treffe ûnder de kastanje op it plein. Boele wie moai op ’e tiid en hy kaam op it idee om yn ’e beskutting fan ien fan de finsterbanken fan it stedhûs ôf te wachtsjen hoe’t Duko oankomme soe by de kastanje. It koe noch maksimaal in minút as fiif duorje foar’t Duko kaam, want Duko wie meast aardich op tiid foar syn ôfspraken. Yn ’e binnenbûse hie Boele in appel en dy helle er foar it ljocht. Hy roste de appel even lâns syn jas en sette de tosken deryn. It wie in moaie jûn. It moantsje stie fleurich boppe de gebouwen en Boele hie in goed miel hân. Hy iet de appel sa’t in oar in sigaretsje smookt en hâlde de kastanje wilens wat yn ’e gaten.
Tusken de gebouwen wei kaam immen oanrinnen. It wie dúdlik Duko mei syn stadige lange stappen. Hy sloech ôf nei de kastanje en gie der ûnder stean en seach op syn horloazje. Hy wie op ’e tiid en it ferwûndere him grif dat Boele der noch net wie, want die wie meast earder op harren ôfspraken as hy. Hy seach ris om him hinne en helle de skouders op. Noch in tel bleau er stean mar stuts doe it plein oer en rûn in strjitte yn.
Boele naam in folgjende hap fan syn appel en seach kôgjendewei hoe’t Duko út it sicht ferdwûn.