Jaen

Op ’e baan

logo.ensafh

 

Wy ride op ’e baan en ik groetsje by de toer dy op dyn hege post wy streekje en ik streekje de desennia troch oant datsto wer mei ús rydst wy op ús memmens molketintsje tasette ús melde by de heiten dy’t prizen te ferdielen ha de pakes fan ’e dyk ôf ús earste skekken achtslaan en wite reek jaand beslisse: (dit útsprekke mei de pink as piip tusken de tosken) ‘It sit der yn, dat kinst wol sjen!’