
It hat kritika Elsbeth Etty west dy’t sei: ‘Op faceboek en Twitter kan de literaire wereld er soms uitzien als een zichzelf constant feliciterende massa.’ Wat my oanbelanget hearre de kritiken op it mêd fan proaza en poëzy yn de measte deiblêden ek by dy lokwinskjende wrâld. Yn De Groene Amsterdammer is Kees ’t Hart noch âlderwetsk kritysk sa’t it eins heart. Hy hat dan ek in gedegen literêre oplieding hân, is sels skriuwer en syn styl fan skriuwen noeget út. Nei de bek prate hat er nea dien. Skriuwer en lêzer ha wat oan syn kritiken.
Wiene Anne Wadman yn it ferline, en letter ús generaasje fan de sechtiger en santiger jierren soms tige kritysk, no is de strikt literêre krityk dêr’t literêre arguminten in rol spylje oangeande tema’s, metafoaren, styl, foarm en problematyk yn in roman faak fier te sykjen. Wittenskiplik literêre krityk is net nedich en ek net útnoegjend, mar wat sicht op en lêsûnderfining oangeande de binnen- en bûtenlânske literatuer is foar in kritikus needsaaklik. Goedwollende amateurs, freontsjes fan freontsjes en sjarlatans sitte skriuwers, lêzers én de literatuer net op te wachtsjen.
Biografy Maria Callas spilet in wichtige rol
Neidat ik de twa dielen fan Oek de Jong syn farske roman – Pier en Oceaan – lêzen hie bin ik begûn mei it nije boek fan Jetske Bilker. Se hie jierren net publisearre – en noch nea sa’n grut wurk skreaun – sadat ik heel benijd wie. It is mooglik dat it boek fan De Jong in rol spile hat – perfekte literatuer op in heel eigen persoanlike wize skreaun – mar ik bin net oertsjûge rekke fan It libben fan in oar. Mei gauwens skeaten my twa boeken yn ’t sin fan wa’t de skriuwster op in stuit troch Bilker yn har boek yntrodusearre wurdt. In bytsje kwyskwâns mei de namme Ariane, mei in yngewikkelde Grykske achternamme. Fan dizze skriuwster dy’t echt bestiet haw ik twa boeken yn de kast sûnt 1985 en 1988. De skriuwster hyt offisjeel Arianna Stassinopoulos Huffington. Se studearre ekonomy yn Cambridge en wennet yn de USA. Yn 1980 publisearre se in biografy oer Maria Callas – The woman behind the legend – en yn 1988 in biografy oer Pablo Picasso – Creator and Destroyer. Bilker leit gjin ferantwurding ôf yn har It libben fan in oar oer it brûken fan de biografy oer Callas yn har boek.
Yn it boek fan Bilker wurdt de biografy oer Maria Callas ûnderskate kearen neamd. Der wurdt ek gauris praten oer soapsearjes lykas Dallas en bygelyks de haadrolspylster Sue Ellen. De manlike haadpersoan yn it boek fan Bilker – Johan Visser – is dwaande mei in biografy oer in operastjer, meidat syn achtjierrich promoasje-ûndersyk oangeande in âlde Fryske dichter op ’e non rûn is. Hy lêst op oanstean fan dy operasjongeres de biografy oer Maria Callas (om ferstân te krijen fan opera’s en sjongeressen).
De twadde haadpersoan is Martsje de Jong, de frou mei wa’t Visser yn ien hûs libbet (it hûs is eigendom fan Frou De Jong). Se hat har stúdzje net ôfmakke, is 1e grader Dútsk en jout les op in middelskoalle. Se hat in dochter fan 17 dy’t eineksamen docht. Har heit wennet yn Grins. Martsje is 37, nei twa jier en in bern fan 2 is se skieden op har 22e, omdat Anders, har man, mei de faam yn harren bêd lei. Anders hat noch deselde kroech yn Grins. Martsje, Johan en har dochter Lin wenje yn Ljouwert, yn de Maria Louisestrjitte. It like har prachtich om mei in promovearre wittenskipper, in Doktor, troud te wêzen. Sels wol se psychology studearje – Drs. M. de Jong op it hûsnammebuordsje. No’t Johan stoppe is wurdt it allegearre oars.
It grutte tafal yn de soap
Meidat yn dit boek fan Bilker it grutte tafal ûnderskate kearen taslacht – dit letter ferdigene wurdt troch de literatuerwittenskipster, de twa biografyen oer Callas en Picasso direkt en yndirekt in fernimstige rol spylje, mar as biografyen tige iensidich skreaun binne, krige ik al gau de oertsjûging dat ik mei twa bewust of ûnbewust skreaune soaps te krijen hie.
Yn in soap treffe jo heel aparte wrâlden oan, yn in soap spylje oerflakkige en guodkeape emoasjes de haadrol. Underskate fertellinen rinne troch inoar en oerelkoar. It opsetlik sentimintele fan barrens yn de húslike sfear binne wichtich. Polityk, religy en erotyk komme op harsels net oan ’e oarder – soks bestiet net yn dy wrâld. Foaral drama’s en leed wurde oerdreaun. Yngewikkelde relaasjes dêr’t skieding en bûten de pôt pisjen belangryk binne hawwe de foarkar yn in soap fan nivo.
Dit soart saken kinne jo lêze yn de bio’s oer Callas en Picasso – foaral smeuïch sa’t De Telegraaf elke dei op it web set. Yn de twa neamde bio’s komme de manlju tige negatyf oer it fuotljocht. Callas waard brûkt en Picasso wie op syn minst in primityf beest.
Yn in soap sjogge jo gjin echte barrens, se wurde besprutsen, en dat jildt útsoarte de erotyk en de seks. Der wurdt oerhinne praten. As je de bio’s oer Callas en Picasso troch de iensidichheid en it sentimintele sensasjonele in soarte fan glamour- of celebritysoap neame, meidat se oer ferneamde en beruchte persoanen geane, dan hawwe je it oer de wrâlden fan glitter en lúkse oan de oerflakte. Djip dêrûnder spylje de drama’s, ek yn de bio dy’t Johan Visser yn dit boek skriuwe sil.
Dallas, Peyton Place, Dynasty en The Bold and the Beautiful hearre by sokke soaps. Bilker neamt dizze searjes gauris yn har boek. De operastjer yn de bio fan Visser moat sa’n glamourgirl wurde. Dat komt net rjocht fan de grûn. De fiktive soap dy’t Bilker hjir konstruearre hat is foar in part basearre op de bio oer Callas dy’t útskaait nei in soap. Jo kinne wol wat dramatyske feiten út it libben fan Callas oerplantsje nei in betochte operastjer, mar dat wol net sizze dat jo in stjer as Callas imitearje kinne yn in nije konstruksje. De skriuwster stapt hjir neffens my oer de râne fan de literêre mooglikheden én oer de râne fan de soap. Dat froulju sa ferskriklik te lijen ha fan manlju kin net op dizze wize bewiisd wurde. De werklikheid fan Johan Visser en Martsje de Jong hat har eigen soapwearde. Mei oare wurden, soap 1 yn diel I hat neat mei soap 2 yn diel II fan it boek te krijen.
‘Gjalpen fan it hert’
Ik haw it boek It libben fan in oar lêzen as in soap. It libben fan dy oar – it libben fan de operasjongeres Janna van den Berg/Jantsje Douma – is it wichtichste yn dit boek. Dêrmei wurde de libbens fan de foarste protagonisten – Martsje en Johan – op it twadde plak setten. It ferhaal oer dit keppel, oer dizze mislearre relaasje – it duorre ien simmer – is ûnynteressant, klisjeemjittich en flak. Dat is yn in boek net ferbean, mar it moat wol oannimlik wêze. Dat is it hjir perfoarst net no’t it 238 siden lang is – de helte fan it boek.
It libben fan dy oar – de operasjongeres út de States mei Frysk bloed en woartels – hie nijsgjirrich wêze kinnen as it net sa oan elkoar hong fan tafallichheden. De iene tafalstreffer jeit de oare, sadat de yrrealiteiten en de ûnoannimlikheden foar master opslane. Unechtens en optochte ferhalen en barrens bepale de gong fan saken. De skriuwster hantearret har persoanen as marionetten – oeral spilet de ymplisite haat oangeande manlje in rol. En dat yn it jier 1998! Minsklik gefoel ûntbrekt.
Sa’t yn in soap wenstich is sjogge jo neat barren. It libben tusken de twa haadpersoanen Martsje en Johan is om te gûlen, konstruearre en ûnnatuerlik. Ek dit mei yn in echte literêre roman, mar dan moatte oarsaak en gefolch wol in rol spylje. Dat is hjir net oanwêzich. It measte bart tafallich.
Johan Visser is in ôfstudearre wittenskipper Frysk dy’t dwaande is mei ûndersyk nei de ynfloed fan in bondel fersen fan in âlde Fryske dichter op de Fryske literatuer. Fan sa’n figuer ferwachtsje jo as lêzer wat nivo op it gebiet fan taalgebrûk en yn it algemien. Dat is net oanwêzich. It taalgebrûk fan dizze ûndersiker en fan syn partner is dat fan de simpele soap. De promovendus woe promovearje op in bondel gedichten mei de namme Gjalpen fan it hert (1843) fan Boate Annes de Vries. Dy bondel soe in allesbepalende ynfloed hân hawwe op de Fryske literatuer oant de dei fan hjoed. Spitigernôch wurdt gjin inkeld gedicht sitearre, sadat de lêzer gjin idee krije kin fan dizze poëzy. It kin wêze dat de skriuwster hjir de hele Fryske literatuer de gek oanstekt, en ymplisyt seit dat stúdzje fan Fryske literatuer sowieso ûnsin is en it fansels sprekt dat de ûndersiker nei acht jier stomp rûn, mar dat soe dan aparte humor wêze fan de skriuwster sa’t dy fierder hast net yn it boek nei foaren komt. It soe ek in boadskip fan de skriuwster wêze kinne sa’t der in pear mear binne (bygelyks de namme fan de strjitte yn Ljouwert dêr’t Martsje c.s. wenje – Huub Mous, de befjochter fan Fryske ekstremisten, wennet dêre, en yn de eagen fan in bulte Frisiasten is hy in ûnsympatyk persoan, sa’t ek Martsje in ûnsympatyk persoan is yn dy Maria Louisestrjitte).
De titel Gjalpen fan it hert is moai aardich kitscherich en fandatoangeande past it wol by dizze soaps. Ien jankfoddefers hie it ûndersyk oannimliker makke, ek mei it each op it ferfolch (diel 2) fan it boek – it nije ûndersyk fan Johan Visser foar de biografy. De titel tsjinnet no as tarieding op it ferhaal fan de operadiva – melodramatysk mei in soad hertsear. De ynfloed fan in njoggentjinde-ieuske dichter op de Fryske literatuer yn ‘e persoan fan Boate Annes de Vries mei syn Gjalpen fan it hert hat net tanksij dy fersen grut west, mar op in oare wize sil bliken dwaan.
De poster fan Dimter
It earste grutte tafal ferskynt al yn haadstik 3 fan it boek op side 14 – de liftster dy’t Johan oppikt yn Grins moat nei Grypstsjerk dêr’t se wennet yn it stasjonsgebou. Se is tafallich fiere famylje fan de dichter dêr’t Johan Visser earst op promovearje soe. Hy fertelt oan har dat er der gjin fidúsje mear yn hat – foar it earst – en wat oars wol.
As er in wike letter in poster yn Dimter sjocht mei syn liftster útfergrutte, begrypt er dat se in bekende operastjer is – op dat stuit beslút er oer har in biografy te skriuwen. Hy hie yn Grypstsjerk in hele moaie frou troffen, yn triennen, en nota bene direkt famylje fan syn grutte dichter. It is oft de duvel der mei boartet, te gek foar wurden. Sa’n frou is al even wat oars as in rudige dichter út de 19e ieu.
Meidat Johan Visser gjin jild mear krijt foar syn promoasje-ûndersyk sjocht er om nei wurk. Hy giet wurkjen yn in restaurant mei terras oan de stille kant fan ’e Nijstêd yn Ljouwert. It hyt Het Groene Boekje. Dizze namme is ûntliend oan de Woordenlijst van de Nederlandse Taal dat yn it ûnderwiisfermidden ‘het Groene Boekje’ neamd wurdt. Mei oare wurden – en dit is in grappich boadskip fan de skriuwster – ús ûndersiker Fryske literatuer hat helendal ôfskied nommen fan it Frysk, hy wurket no sels yn it Nederlânsk (want yn Ljouwert prate se fansels gjin Frysk!). Sokke grapkes hie Bilker wat mear rûnstruie kinnen om my.
Yn it nije ûnderwerp – de bio oer Janna van den Berg – komme alle soapstikjes byelkoar dy’t je mar betinke kinne, ek moai aardich wat eleminten út de biografy fan Maria Callas. Earstens de ynformaasje oer de opera’s dy’t de stjer sjongt, twad hoe’t se omgiet mei har agint en de agint mei har, mar ek oer geheime leafdes, oer harren ôfkomst en de ferhâlding mei de mem, oer ien of mear abortussen dy’t se meimakket. Ek Callas hie geheime leafdes en op syn minst ien abortus – se moasten sjonge en jild fertsjinje, der wie gjin tiid foar bern. Callas wie it slachtoffer, neffens de biografe, fan manlju en ek Janna kin der fan meiprate. Sterker, sy is al de fjirde generaasje dy’t slachtoffer is fan in geile dichter. Soap yn ’t kwadraat!
As kelner yn Het Groene Boekje treft Johan heel tafallich in Marokkaanske betsjinster yn it restaurant. Dy fertelt dat se yn Den Haach ek wer heel tafallich immen kent – in freondinne fan har mem – dy’t de famylje fan de operasjongeres goed kennen hat. Sels in frommeske dat tafallich mei Janna op it konservatoarium sitten hat. Dêr kin Visser mear ynformaasje oer Janna krije.
Dizze Marokkaanske is ek ree en klim troch in rútsje yn it stasjon yn Grypstsjerk – Johan hie dat ek dwaan moatten doe’t er de liftster thús brocht, want se wie de kaai kwyt – om it deiboekje fan Janna te pakken te krijen. Marokkanen hawwe faaks oare noarmen… Dit is de soap op syn bêst.
‘It libben fan in oar’ en de biografy oer Callas hawwe beide 464 siden en telle elk ek 38 rigels de side
It libben fan in oar bestiet út twa dielen dy’t mei elkoar ferbûn binne troch de haadpersoanen Martsje en Johan. Fierder ha dy dielen neat mienskipliks. It foarste diel telt 238 siden dêr’t elk haadstik (54) in aparte titel hat. It giet benammen oer de mislearre relaasje tusken de frou en de man. De relaasje is al 14 jier dea. Der bart neat mear, der is gjin ûntwikkeling. Jo freegje je ôf as manlik lêzer hoe’t dy man it sa lang folhâlden hat. It is ûnnatuerlik. 38 siden hie genôch west, want it jeuzelet en jeuzelet en jeuzelet mar troch oer neat.
It twadde diel is ynteressanter, is ek flotter skreaun. Dit part telt 226 siden en hat gjin haadstiktitels. It begjin fan dit earste haadstik fan it twadde diel fertelt dat Johan Visser de helte fan de biografy oer Maria Callas lêzen hat. ‘Earst Callas lêze,’ hie de sjongeres sein, ‘dan sjogge wy dêrnei wol wer’.
De biografy oer Maria Callas is ferskynd yn 1980 yn Amearika, en yn 1985 by újouwerij BZZTÔH yn it Nederlânsk. De útjefte telt 464 siden mei 38 rigels de side. It boek fan Bilker hat itselde tal siden en ek 38 rigels de side. Al wer in tafallich grapke! It formaat fan it boek is hast itselde as de biografy oer Picasso fan deselde skriuwster (23×15 sm). 2×2 sentimeter grutter as normaal.
Romantechnysk is it einleaze geëamel tusken de frou en de man yn diel 1 net akseptabel. Literêre fiksje moat leauwensweardich bliuwe, ek al hat it de foarm fan in stadige soap. Dat is hjir net it gefal. Willem Frederik Hermans hat ea sein dat elke mosk dy’t fan it dak falt in funksje ha moat yn de roman. Mei oare wurden, tafallichheden besteane net yn de literatuer.
Yn dit boek jeie de tafallichheden elkoar op, wurde beslissings nommen dy’t út in lege loft falle, en geane lju op in net te begripen wize mei elkoar om. Bilker makket gebrûk fan heel wat deus ex machina’s en faits accompli. As jo de psychology yn de roman fersmite sa’t de skriuwster op side 368 de literatuerwittenskipster sizze lit, dan is geëamel oer lige, ferrie en ûnearlikheid yn in deade relaasje anno 1998 optocht en ûnecht.
De needsaak dat Johan Visser in biografy skriuwt oer de operasjongeres wurdt net oantoand. Ik haw even tocht oan in literêr statemint fan Bilker – promovearje op in Frysk literêr ûnderwerp is net mooglik, omdat de bondel fersen yn dit gefal mar in lullich bondeltsje is (Jantsje Douma, de sjongeres). In oare promovendus is dwaande mei hoe’t de Fryske identiteit derûnder strûpt yn de moderne Fryske literatuer’. De haadpersoan Martsje praat soms ek oer de sjeesde wittenskipper yn de Fryske taal- en letterkunde, as se it oer har partner hat. Mar ik haw begrepen dat al dizze saken net as grapkes of humor bedoeld binne.
Johan Visser stapt fan de iene dei op de oare oer fan ûndersyk fan in 19e ieuske dichter op it skriuwen fan in biografy oer in tafallige liftster dy’t tafallich famylje is fan syn dichter. Is de poerminne relaasje fan jierren de oarsaak fan dizze oerstap? Is it meagere sekslibben sa’t Martsje it omskriuwt (sy wol net oars) de oarsaak no’t er in prachtige frou yn de auto krijt? De lêzer wit it net.
Seks út de 19e ieu doe’t Boate Annes de Vries libbe
Elsbeth Etty hat oer Piet Calis syn blomlêzing Venus in minirok skreaun dat ‘Pure geilheid ontwrichtend is en angst inboezemt, slechts weinig schrijvers durven zich daaraan te wagen’. Etty hâldt fan literêre seks en fan maatskiplik engazjearre literatuer.
Ik moast oan dizze saken tinke doe’t ik it boek fan Bilker lies, want ditsoarte fan eleminten ûntbrekke folslein yn It libben fan in oar. It engaazjemint is artifisjeel en de seks is in miks fan kjeld, ûnmacht en ôfgriis. Sênes út beide de perspektiven fan de man en de frou binne âldfrinzich, leech en emoasjeleas. Sa’t yn in soap wenstich is komt der net sa’n soad seks yn dit boek foar, it measte wurdt ferteld – ôfstanlik en koel. Yn in deade relaasje is dat normaal. Mar ek de slipperkes bûten it fêste ritueel bliuwe meganysk, kâld, fantasyleas en spanningsleas. Ik waande my even yn de Fryske romanwrâld fan it begjin fan de 20e ieu. De boeken fan Cor Bruin (Sil de strandjutter) en Theo Thijssen (Kees de Jongen) binne eroatysker as dit sterile gedoch anno 1998.
Bûten de skellerige feeks Martsje komme der in pear prachtige froulju yn foar – haw ik al wer in moaie frou yn de auto – in juwiel fan in operasjongeres, en in âlde flam dy’t nei in begraffenis bloedgeil is, mar der wurdt neat mei dien. Johan mei Martsje op kalinderskema neuke, mar is benaud foar seks mei de operasjongeres: Wat moat er dwaan as se him ferlieden giet? De fraach is hoe fier as er der yn meigean kin.
En dat giet dan oer in man dy’t ien kear yn de moanne der oerhinne mei fan syn partner – de twadde snein fan de moanne dat de styfdochter by har heit is. Letter wurdt dy moannebeurt feroare yn in wikekontrakt dêr’t se elke tiisdeitenacht om alve oere de leafde bedreaunen, meidat der dêrtroch minder rûzje wêze sil, want de dochter moat in wereksamen dwaan.
Goeie sekssênes skriuwe is net maklik, en sa’t Etty skriuwt ûntwrichtsje se minsken, bringe eangst op it kleed. As jo de psychology as skriuwer ôfskaffe – sa’t yn dit boek blykber it gefal is – dan ferfalle dy eleminten fan Etty, en kinne jo as skriuwer de minsken frij kopulearje litte. Mar ek dat bart net.
Nei de begraffenis stjoert de skriuwster de âldflam Frouwkje en Johan it bêd yn: ” ‘It hoecht net hear, mar ik haw sin oan dy,’ sei se. ‘Wêr is dy keamer?’ frege er. Neitiid dronken se tee.”
Dit giet (dus) oer in man dy’t feitlik droechsetten is. Deselde dei, nei it teedrinken, bringt dizze man in besite oan in huorrebuert yn Dimter dêr’t er weikomt: ‘Fansels woe er net echt nei in hoer ta.’ Dizze man enteret Martsje ien kear wyks sûnder lol, is net ympotint, en wurdt hjir omskreaun as in bange skiter by de huorren yn syn eigen stedsje (?). Dit is EO-soap.
It ynfierde oanplakte engaazjemint is tafal. It is net in kausaal barren. De basic-ynteresses fan Martsje binne soaps as Dallas, Peyton Place en The Bold en de Beautiful. Troch it ferhaal fan in soldaat rekket se ynienen ynteressearre yn Bosnië, yn de Congo (nee, Zaïre) en yn Algerije. Johan en sij ha tiden nearne oer praten – allinne soaps sjoen – mar no ynienen troch in soldaat út Srebrenica dy’t se tafallich treft fia in kollega wurdt se engazjearre. Soapynteresse sûnder sjippe.
Ynsest is fan alle tiden en past naadleas yn dizze soap
Yn it twadde diel stean in pear nijsgjirrige fragminten dy’t it lêzen mear as wurdich binne. As de skriuwer fan de biografy oer Janna Douma de bio fan Callas helendal lêzen hat kinne jo merkbite dat er der ferstân fan krijt.
Yn in petear op Hatsum, as se dêre tegearre in itentsje hawwe, wit Johan de sjongeres sa fier te krijen dat se wat mear oer harsels fertelt, benammen oer de drama’s yn de famylje en oer luvvers út har libben. Yn ’e biografy fan Callas bart soks op in stuit ek. Hy sjocht har foar him oer sitten – har strakke blau-wite t-shirtsje lit in pear moaie boarsten sjen. Johan freget: ‘Ast Tosca sjongst bist dan Tosca of dysels?’ Oan Callas waard frege: ‘Ast sjongst bist dan Callas of Maria?’ De parallellen binne dúdlik. Hawar, ús Fryske diva is fan in wat lytser formaat as Callas, mar de bioskriuwer wol dy sinsaasjekant fan Callas al út.
It wurdt al gau dúdlik dat Janna berne is yn de States út Fryske âldelju. Ek komt de bioskriuwer te witten dat der famyljegeheimen besteane dy’t heel tafallich te krijen hawwe mei de âlde dichter fan wa’t er de gedichtebondel ûndersocht hat. Dy bondel fersen krijt yn dit ferhaal dochs noch in ekstra diminsje – Gjalpen fan it hert hawwe te krijen mei de ynsest dy’t plak fûn hat tusken Boate Annes de Vries en syn dochter Sjoerdtsje. Op har fyftjinde krijt se in famke fan har heit, de dichter dêr’t Johan in acht jier mei dwaande west hat. Probleemstelling: hat der ynfloed west fan dizze gedichten op de Fryske literatuer nei dy publikaasje?
It is sa klear as in klûntsje dat dizze dichter Boate Annes yndirekt ynfloed hân hat fia de ynsest op de sjongeres Janna van den Berg, alias Jantsje Douma. Bernsbernsbern. Jantsje is fan 1960 (Bilker, de skriuwster, ek). De ynsest hat eksakt 100 jier ferlyn spile, yn 1860. Oft hjir ek wer in boadskip fan de skriuwster mei anneks is – Fryske dichters dy’t gemiddeld mear ynsest plege as oare manlju – lit ik hjir no mar yn it midden. As it wier is dan soe de âlde dichter dochs ynfloed hân hawwe op de Fryske kultuer dêr’t dichters in rol spylje, en Johan Visser fia in bypass dochs noch syn opdracht útfierd hawwe mei dizze bio, sadat er ek noch promovearje kin.
Jantsje Douma, de operasjongeres Janna van den Berg, beswart har bioskriuwer dizze famyljesaken net yn it boek op te nimmen. Beide Maria Callas en Janna van den Berg hawwe lit ûnder de twang fan manlju. De soap ta de twadde graad komt yn it lêste part fan it boek ta syn rjocht. Foaral meidat dat diel bestiet út fragminten út it deiboek dy’t foarlêzen wurde op in bantsje troch de Marokkaanske betsjinster dy’t ynbrekt yn it hûs fan Jantsje as dy en Johan yn Hatsum ite. It allessizzende fragmint is hjir: Ik waande my even Maria Callas. Janna van den Berg is gjin imitaasje fan Callas as sjongeres, se is Callas.
Doe’t Jantsje as liftster by Johan yn Grins yn de auto kaam hie se krekt har abortusberntsje yn de klinyk achterlitten: ‘ik haw myn berntsje sjoen, it lei yn in kuorke en dat kuorke wie sa lyts. Myn fine popke wie al 19 wiken, ik hie der eins te lang mei wachte, seinen se in bytsje kiezzich. Mar ja, ik hie it hâlde wollen. It is HIM slagge my om te praten. It koe noch krekt yn de Nederlânske wetjouwing.’ Al wer in EO-soap!
‘Autobiografy en roman ûntrinne inoar net’
Jetske Bilker hat acht jier nedich hân om dit boek te skriuwen. Har manlike protagonist hat ek acht jier wurke oan in promoasje-ûndersyk dat op ’e non rûn. Dat rint moai parallel sa’t ek it tal siden en de rigels de side parallel rinne mei de biografy oer Maria Callas.
De titel Gjalpen fan it hert fan de bondel gedichten dy’t Boate Annes de Vries skreaun hat docht tinken oan soapsearjes, dêr’t eleminten as leafdesfertriet, oerhuor, ynsest en oare ferskriklike saken dy’t mei de leafde en it libben ha te krijen de problematyk fan útmeitsje.
Arianna Stassinopoulos Huffington har earste boek hjitte yn 1974 The Female Woman dêr’t har fisy op de frou yn in maskuline maatskippij stal krijt. Yn har twadde en tredde boek – resp. oer Maria Callas (1980) en oer Pablo Picasso (1988) – wurket se dy persoanlike optyk fierder út. Froulju binne neffens har slachtoffer fan manlju, sels al binne dy froulju ferneamd en ryk.
Jetske Bilker hat besocht mei har boek It libben fan in oar oan te jaan hoe’t anno 1998 soks ek yn Fryslân noch altyd it gefal is, foaral yn de fermiddens fan de Fryske literatuerstúdzje yn Grins (…). Se hat ek besocht de biografy oer Maria Callas fia de Amerikaansk-Fryske operasjongeres en diva Janna van den Berg te yntegrearjen yn har boek. Se hat alle soapeleminten dy’t anneks binne mei sokke sensasjonele biografyen – dêr’t it maskuline aspekt foar master opslacht – middels in iensidich feministysk wrâldbyld ferwurke. Mar spitigernôch is Janna van den Berg gjin Maria Callas wurden.
It echt ynteressante yn dit boek fan Bilker – it wurdt net tapast en útwurke – is de wat betize teory fan in literatuerwittenskipster mei wa’t de biografyskriuwer Johan Visser in petear hat as er argiven mei ynformaasje oer de operadiva trochwurket. Sy seit op in stuit: ‘Jo skriuwe dus in biografy oer Janna van den Berg. Ik nim oan dat it in autorisearre roman wurdt. Ik doar te stellen dat in autobiografy en in roman inoar net folle ûntrinne. En in net autorisearre biografy komt dêrfoaroer it tichtste by wat minsken as de werklikheid ûnderfine. Oantoand wurdt ommers watfoar wyld en meislepend libben de autobiografyskriuwer wol net laat hat. It is it ferhaal fan dyn libben dêrst sels de haadpersoan fan bist.’ De ferstoppe autobiografy fan Bilker sels?…
Johan Visser: ‘De haadpersoan…dat heart op in roman!’
Se knikt: ‘Sa’t ik sei, de autobiografy en de roman ûntrinne inoar net’.
De frou fertelt Visser op syn fraach wat se docht, dat se literatuerwittenskipster is. Se seit ek noch dat tafallige foarfallen krekt wol yn in biografy moatte. En as lêste: ‘Ik wurd kotsmislik fan dy biografen dy’t der mar wat op los psychologisearje. Swier grifformearde opfieding. Ynsest, skieden âlden, in ûngelokkich suske – allegearre redenen foar letter ûngelok? Kom no!’
Alternative literatuerwittenskip
It petear tusken de literatuerwittenskipster en de bioskriuwer Visser op side 364 oant en mei 369 jout yn it koart oan wat dit boek fan Bilker wêze wol. It is in wat eigensinnige teory dy’t oer biografyen giet en net oer literatuer sec. Oft dy teory opgiet foar biografyen betwifelje ik. As in boek – it omslach fan it boek fan Bilker fermeldt roman – it ferslach jout fan it ûndersyk nei en it sammeljen fan feiten foar in biografy, yn feite de technyk fan de soap hantearret, dan tink ik dat de teory oer bio = roman en omkeard net opgiet. Sterker, de tafallichheden dêr’t dit boek mei folstiet, de melodrama’s oer ynsest, abortussen ensfh. kinne mei de privee-teory fan de literatuerwitenskipster net legitimearre wurde. Mei oare wurden, as de literatuerwittenskip werskreaun wurde moat dan kin dat net lâns de wei fan in kwasy-roman, in kwasy-biografy dy’t yn feite bestiet út twa kwasy-soaps.
As de literatuerwittenskipster beweart dat ynsest, skiedings en in grifformearde opfieding net fia it psychologysk beskriuwen yn in biografy (roman) thúshearre – ek net siik meitsje dus (JdH) – dan set se in heel stik literatuer by it jiskefet. De iennige fraach dy’t dan noch oerbliuwt is dizze:
Is dizze roman EK in autobiografy (sjoen de teory) of is it dochs de soap dy’t ik analysearre haw? De teory oer bio’s kin net tsjinje as ferdigening fan dit boek. Mar ik fyn it wol nijsgjirrich dat dit fragmint oer in alternative literatuerwittenskipsopfetting as in eksperimint yn it boek opnommen is.
Wêrom de 1e grader Dútsk, it fiskwiif Martsje en de yn it Frysk ôfstudearre Johan dogge sa’t se dogge komme we net achter. Psychology is ommers ferbean. Hoe’t de generaasjes âlde ynsest en de abortussen op Janna ynfloed hân hawwe op har sjongen wurde we ek net gewaar. De tafallichheden hearre yn in bio, seit de literatuerwittenskipster, want dat gepsychologisear wurde je kotsmislik fan. De literatuerwittenskip oanpasse om in roman te rêden is dubieus, mar it is wol moai betocht.
J. Bilker
It libben fan in oar
Roman
Bornmeer 2012,.
464 siden
Ferkeappriis : € 25,00