
De lêste tongersdei fan jannewaris is Gedichtedei. De Fryske literatuer hat grif wolris in mindere 31 jannewaris meimakke as juster: twa wichtige nije dichtbondels binne útkommen, en de jûns hiene wy fan Ensafh by Vellinga yn Snits it hûs fol mei de Grutte Gedichtejûn. In wûnder ferskaat en in tige slagge jûn.
Ensafh is in literêr tydskrift fan it ferskaat. Mei in positive betsjutting fansels: net in beiert fan doch-mar-wat dêr’t de grutste ropper boppedriuwt, mar in medium dat útienrinnende stimmen in plak jaan wol. Mei dêrby it betingst ‘yn it Frysk of in Fryske streektaal’. Lûden dus dy’t net in soad heard, en fierste min lêzen wurde. Sók ferskaat noedzje, makket in grut part út fan wêr’t Ensafh foar stiet.
Ferskaat sit him ek yn ús bydragen. Mieningen kinne deroer útienrinne. Is dit poëzij dy’t wurket? Proaza dat wat tafoeget? Skôgings dy’t oan it tinken sette, ek al soe men it der meastepart mei ûniens wêze? Is dit of dat eins wol ‘literatuer’?
In ferskaat wolle wy jo ek yn dit nûmer wer biede. Grinzen sykje wy op mei de animaasje dy’t de dichter en byldzjend keunstner Sytse Jansma foar ús makke hat. Wat kin ik fierders sizze oer in neaken frommiske en in pompeblêd? Jo moatte it sjen.
As ien earne in grut stek delset, hawwe jo eins nammerste mear rjocht om oarekant it stek te sjen.
Oare grinzen stekke wy oer mei twa ferfryskings fan de Japanske dichteresse Toyo Shibata (1911-2013), dy’t koartlyn ferstoar. Op hege jierren debutearre hja, en har dichtbondels waarden yn hype, dêr’t in miljoen fan ferkocht waarden. De poëtyske wearde fan har fersen mei men fansels oer fan miening ferskille: gewoantsjes, werkenber, lyts lok op ’e âlde dei. En dat yn sljochte taal (foarsafier’t soks op grûn fan oersettings te merkbiten is). Mar dochs rekket it wol oan de tradysjes fan de East-Aziatyske lyryk.
Ferskaat moat der wêze.