09-03-13 Leaver dea as Slaef-manifestaasje Dokkum

logo.ensafh

Under it motto Nee tsjin Noord – Ja foar Fryslân trede sneon 9 maart fjouwer Frysktalige bands op om dat statement krêft by te setten. NNB, Babalive, Skraal en Jacob de Boer, bekend fan it legindaryske Swiet & Bjuster, komme jûns oer it fuotljocht yn sintrum Zero te Dokkum.

Behalve bands komme de froulike ûndernimmers fan Friesblond del om it publyk mei harren wurk yn de kunde komme te litten. Boppedat is in bodypaintster oanwêzich om besikers fan in tydlike skildering te foarsjen. Middeis set de manifestaasje út ein mei in rûngong fan Grutte Pier troch de binnenstêd fan Dokkum, fersoarge troch it Reuzegilde fan Kimswert. De manifestaasje is foar iderien dy’t tsjin it beslút fan it regear is om Fryslân opgean te litten yn in Lânsdiel Noord. Der is rom gelegenheid foar diskusje en boppedat kin elkenien syn ideeën oer it beynfloedzjen fan de beslútfoarming kwyt op dêrta ree steande flip-overs. De rûngong fan Grutte Pier begjint om 14.30 en jûns kin elkenien fan 20.00 oere ôf teplak yn sintrum Zero op de Oranjewâl.