Oprop oan de Fryske skriuwers

logo.ensafh
Bêste skriuwers,

Freed 13 septimber begjint de Moanne fan it Fryske boek mei it Frysk boekefeest yn Tresoar. It is de start fan in moanne fol literêre aktiviteiten. Om de besikers fan it boekefeest in priuwke te jaan fan wat der op dit stuit yn Fryslân geande is op skriuwersmêd, wolle wy graach in poadium biede oan hjoeddeiske skriuwers.

Skriuwers krije de gelegenheid yn maksimaal 4 minuten wat te fertellen oer har nijste wurk, of om út it meast resinte wurk, of om út in (dicht-)wurk foar te lêzen. It wurdt dus in soarte fan speed-date mei it Fryske lêzerspublyk.
De taskôgers fan har kant, krije yn twa kear in healoere in ferskaat oan Fryske skriuwers en dichters te hearren en te sjen.

Praktyske ynfolling

It is mooglik om it optreden mei in powerpoint of prezi fisueler te meitsjen. Jo kinne de presintaasje meinimme op in ûnthâldstokje (memorystick). Yn de Gysbert Japicx-seal ha wy dêr de fasiliteiten foar.
Mei de powerpoint kinne jo flitsen fan eardere optredens sjen litte, data fan optredens of in boekepresintaasje. Mar miskien folstiet it ek om in omslach fan it boek grut te projektearjen op it wite skerm of in moai sfearbyld sjen te litten.
Der stiet in fergoeding fan in boekebon foar oer. Opjaan kin fia w.dehaan@tresoar.nl Fol is fol.

(Berjocht fan Tresoar)