Doch mei oan de Rely Jorritsma priisfraach of de Junior Rely

logo.ensafh

Kinne jo fraaie Fryske ferhalen of fersen skriuwe? Doch dan mei oan  de Rely Jorritsma priisfraach. Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto ek moaie Fryske ferhalen of songteksten skriuwe? Doch dan oan  de Junior Rely mei. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach.

Rely Jorritsma fûns

Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Sûnt 1952 wurdt syn winsk noch hieltiten útfierd, yntusken  troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmje it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. By de fyftichste jierdei fan de Rely Jorritsma-priis waard der ek in priis foar jongerein ynsteld, de Junior Rely. En om’t dy sa populêr wie, wurdt dy no ek alle jierren  útskreaun.

Wat kin der wûn wurde?

In bekroand fers wurdt honorearre mei in jildbedrach fan € 200,– en foar in winnend ferhaal is de priis in bedrach fan € 800,–. Boppedat hat de sjuery de mooglikheid om in ‘blyk fan wurdearring’ oan in fers of in ferhaal ta te kennen. It bestjoer wol foaral ek begjinnende skriuwers stimulearje. By de Junior Rely is it prizejild yn totaal € 500,–.

Wat binne de spulregels foar de Rely Jorritsma priisfraach?

  • Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern.
  • Op de slúf oanjaan oft it om in G(edicht) of in F(erhaal) giet;
  • De bydrage moat typt en yn fjouwerfâld opstjoerd wurde;
  • De priisfraach is anonym en bliuwt dat foar dyjingen dy’t gjin priis winne. Dêrom moat der op de bydrage sels dúdlik in motto/pseudonym fermeld wurde;
  • It motto/pseudonym mei jo namme, adres, wenplak en biografyske gegevens op in A4 skriuwe en der by ynslute;
  • It wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien ha, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
  • Net mear as ien gedicht en/of ien ferhaal ynstjoere;
  • De bydrage moat fóár 1 maaie ynstjoerd wêze;
  • Jo bydrage wurdt net weromstjoerd;
  • Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Wat binne de spulregels foar de Junior Rely?

  • Skriuw in ferhaal of in gedicht / songtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, science fiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten!
  • Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere;
  • Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
  • Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-achtergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne. De Junior Rely is in skriuwkriich en net in foarmjouwerskompetysje;
  • De sjuery mei net witte wa’t de tekst skreaun hat – dyn tekst wurdt dan ek anonym nei de sjueryleden opstjoerd. Set in skûlnamme/pseudonym ûnder dyn tekst, en mail of stjoer it dan op mei op in apart briefke dyn persoanlike gegevens (namme, adres, leeftyd, tillefoannûmer en e-mailadres);
  • Do moast tusken de 12 en 18 jier wêze;
  • Asto al twa kear in priis wûn hast mei de Junior Rely, meist net mear meidwaan.

Opstjoere bydragen

Wa’t meidwaan wol oan de priisfraach fan it Rely Jorritsma Fûns moat syn of har bydrage fóár 1 maaie 2013 ynstjoere nei:
Rely Jorritsma Fûns
Gemeente Littenseradiel
Postbus 1
8730 AA Wommels
Bydragen foar de Junior Rely meie ek ynstjoerd wurde fia de mail, op l.scarse@littenseradiel.nl.

De sjuery en priisútrikking

De sjuery wurdt foarme troch Jaap Krol (foarsitter), Edwin de Groot en Marga Claus. De sjuery fan de Junior Rely wurdt foarme troch Ate Grypstra (foarsitter) en Erica Bergema en Roos Talsma; sy is dit jier it jeugdsjuerylid. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober 2013 yn de tsjerke fan Bears. Alle priiswinners meie dêr har winnende wurk (of in part dêrfan) foarlêze.

Publikaasjerjocht

It earste publikaasjerjocht fan de bekroande ynstjoerings komt oan it bestjoer fan de Stichting Rely Jorritsma Fûns, sûnder dat der apart noch wer foar betelle wurdt. As it bestjoer net binnen it jier nei de publikaasje fan de útspraak fan de sjuery fan dat rjocht gebrûk makket, ferfalt it wer oan de skriuwer.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje kinne jo krije by Lys Scarse, tillefoan: (0515) 334461 of e-mail: l.scarse@littenseradiel.nl.

Boarne: gemeente Littenseradiel