Foaropwurd 101

logo.ensafh

Foaropwurd 101

freed 12 oktober 2007

As jo as Farskredaksje nei it op papier ferskynd feestnûmer 100 trochgeane mei wer in ‘gewoan’ nûmer dan wurdt dat 101, logysk. Mar… is 101 wol sa gewoan? In bytsje ynternetsykjen nei dat sifer smyt hiel nijsgjirrige ûntdekkings op:

101 bestiet út ienen en in nul: krekt de beide sifers dêr’t alle kompjûter-programmeartaal út opboud is, de digi-taal dus.
Foar wa’t (by)leauwe wol yn goeie (foar)tekens is 101 dus in prachtich logysk en symmetrysk nûmer om as ynternettydskrift wer digitaal mei útein te setten. Mei Farsk 100 -ek al folslein yn ‘goeie’ digitekentaal, wa leaut noch yn tafal?- hiene wy al wat oefene, mar inkel op ’e foarkant.
Farsk 101 is ús earste komplete ynternetnûmer yn ’e nije webjas*.

Yn de skiekundige periodike tabel hat krekt it elemint 101 mendelevium de namme krigen fan tabelbetinker Mendelejev. Miskien fertsjinnet Farsk 101 dan wol de namme ijsbrandelevium, om rjocht te dwaan oan al it wurk dat ús nije redakteur-webmaster dien hat. Mar fan digitaal omnamjen hat er dan sèls wer de measte drokte. Dat dan dochs mar net…

101 wurdt faak brûkt om in protte of ferskaat oan te jaan, en dat ryk ferskaat fine jo no noch makliker yn de nije Farskargiven. De hiele âlde searje Mid-Frysk Goud fan Eric Hoekstra bygelyks, yn ien eachopslach! Tagelyk mei de ynlieding fan syn komplete nije rige oer de 18e ieuw.
Sa ’n ynlieding is oars ek very 101.
Koene jo dat begryp 101-sjoernalistyk al? Soks kinne jo Inge Heslinga net ferwite. Sy docht ferslach fan it opmerkelike sympoasium ‘Wêr bliuwe de lêzers?’ op 10 oktober. Fan skriuwster Marga Claus fine jo in ynstjoerde brief as reaksje op ditselde sympoasium.
In 101-ferskaat oan Fryske boeken ha de measte Friezen dus net! lêzen, lit stean de Fryske skriuwers, want dy lêze elkoar net. Sa komt it dus, dat der te min goeie resinsinten binne fan Fryske boeken. Ek dat die bliken op ’e diskusjejûn yn de Bres.
Tiid foar in 1-o-1 útdaging dus, fan Farsk nei jo: wa’t ris in Frysk boek lêze wol en dit doart te besprekken op Farsk kin kontakt opnimme: postmaster@farsk.nl. Ek foar alle oare literêre kopij fansels.

Farsk 100 is noch te bestellen of te keap op ’e Sutelmerke yn Drachten op sneon 13 oktober. Ek foar al ús oare Farsk-útjeften, hantekeningen fan auteurs, fergese oanbiedingen en in kâns fan > (1+1) x 1 : 101 op 100 euro! yn ús literêre priisfraach. Stel dat jo de iennige binne dy’t al dy boeken lêzen hat… Wàt in kâns!
Dat Ynternet alle kânsen jout om de lêzers nei de Fryske literatuer te krijen, dat wit Farsk al jierren.
In protte lêzersnocht mei it 101-ferskaat dat jo fine yn ’e kantline.

* P.S. Lit ús hjir ris witte wat jo fine fan de nije Farsk.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *