
Wie it net Walt Disney dy’t sei…
‘When I hear the word culture I unlock my revolver’.
Herr Doktor Goebbels sit op it strân
Fan it Baltysk badplak
Bad Heiligendamm
Syn lofterpoat is tsien sintimeter koarter as syn rjochter
As gefolch fan Osteomyelitus
Bonkemoarchûntstekking
Mar dat sjocht gjin minske
Want Goebbels is troch ien fan syn sân bern
Oan’t syn kin yn ’t sân begroeven
Undertusken sjocht hy mei nocht nei moaie noardske froulju
In soad ha swart hier
Ien op de trije is mar blond
Seit syn each fol statistyk
Ik sil in dekreet útfeardigje litte
Dat swart- én brúnhierrige froulju har hier
Mei peroksyde bleekje litte moatte
Read froulju binne kommunisten
Dan falt him ynienen wat yn
Miskien is syn idoal Doanald Duck
Wol in swarte ein en hat omke Walt
Him yn ’e peroksyde smiten
Goebbels moat laitsje
En docht in nuvere mime imitaasje
Fan de dan ek al wrâldferneamde ein
Frou Magda G. skrikt
Hja tinkt dat har man in harsensblieding krijt
Dat wie faaks better foar de rin fan ’e skiednis west
Sille wy nea witte
Doanald Duck swaait lykwols noch hieltyd mei syn revolver