
proloog
- Een goede Opvoedinge der Kinderen is de grondvest der Borgerye, en het wel-weesen van Landen en Staaten.
- Maar die God roemen, en Hem niet gehoorzamen, maaken haar gelove leugenagtig.
- Zig te onthouden van spreeken is het zeegel van bekwaamheid, want veel spreeken verswakt het verstand en doet de gedagten in de lugt verdwijnen; dog men moet op sijn beurte zomwijl een weinig zeggen, om niet altoos een bloote aanhoorder van eens anders reeden te weesen, en dan nog moet men spreeken als de gewoone menschen of hun heerschers, maar denken als de wijse.
(frij nei: Hindrik Smeeks, Beschryvinghe van het magtig Koninkryk Krinke Kesmes, Anno Domini 1708, side 157, 255, 211)
Earste Haadstik
Lofts rjochts lofts rjochts. Stapte Desiderius troch de trein en seach lofts en rjochts om him hinne, skytbenaud dat in kondukteur him yn ’e kraach gripe soe. Hy woe it djoere libben derôf riede want efter de traljes, dat wie gjin libben foar in frije fûgel lykas hy.
Djoer libben? Hy wie oars goedkeap wurden. Earm wurden, wat itselde wie foar him. Dy’t yn in Rolls ride koe, winkele net by de Wibra. Hy liet de rûzige barrens yn him omgean. Dizze nacht, de nacht fan syn ûntmaskering. It artikel yn it Nijsblêd fan it Noarden dat him fataal wurden wie. Sûnt tocht er hiel oars oer de -kuch- frije parse, Deafalle koene se om him. Beroofd troch Joegoslaven by de pinautomaten. Of Poalen. Eastlik rosmos yn alle gefallen. Sûnder in stoer yn ’e bûse wie er op de lêste nachttrein nei Rotterdam stapt. En no falt er del op in bankje yn ’e skraachwurk lege trein, út en troch foar- of efterút it gongspaad delsjend, oft de kondukteur der net oankomt om him as swartrider oan ’e spoarweiplysje oer te dragen.
Foarby Utert bedarret er wat. Syn yntuïsje is derfan oertsjûge dat er syn heil yn Rotterdam sykje moat. Net yn Amsterdam. Neffens it stikje krante wie dêr krekt korrupsje by politisy fan in net neier oan te tsjutten politike partij oan it ljocht kommen. Yn Amsterdam binne blykber al genôch ‘sakelju’ warber mei lyksoarige negoasjes as hy opsette wol. Dat Desiderius jout de pree oan Rotterdam, dêr’t in earlik sakeman noch kâns fan slagjen hat om it fan krantejonge ta miljardêr te bringen, sûnder dat de belestingstsjinst him oan ’e kont hinget, of de parse, of lykfolhokker ynstânsje dy’t in skalk each hat op ’e privee-ynisjativen fan in jimmeroan enthousjast bedriuwslibben.
‘Jou my mar Rotterdam’, sjongt it yn Desiderius, dêr’t de wolven foar master opslagge, mar de foksen noch net hiem binne. Dy aardige bistjes mei har brune snútsjes ha in hege aaiberheidsfaktor. Se ha sels de Partij fan ’e Dieren yn ’e bûse. En hy laket yn himsels by dy gedachte want der rinne leidige frommeskes om. Mar ho, it is beneden syn weardichheid en tink oan froulju as er gjin jild yn ’e bûse hat. Sûnder jild gjin froulju. Ien fan syn gouden regels. Hy moat him wer de ynderlike disipline eigen meitsje fan ’e jongeman op jacht nei de Fortuin. It sukses hie him weak makke, en dêroan hat er syn fal te tankjen hân.
Hy kriget wer de krante fan ’e bank op om him efkes mei wat fleurich nijs te ferdivedearjen. Der bart safolle nijsgjirrichs op ’e wrâld. Mar it needlot wol dat it krekt it katern fan it Nijsblêd is, mei de paginagrutte foto fan himsels. Diskear gjin loovjend ynterview, mar in warskôging foar in bedraaier, in wynhanler, in noardlike Van der Berg dy’t hulpeleaze riken weardeleaze Oandielen yn Leafdiedichheid oanpraat. Yn machteleaze argewaasje skuort er de krante oan snipels. Op itselde stuit sjocht er dat in man yn blau pak de doar ta syn wagon ynstappe wol. As in spear sjit er de wagon troch de oare kant út en slút him op yn it húske. Se binne no al hast yn Rotterdam. Hy moat de plysje út hannen bliuwe oant dit skandaal ek wer delbêde is.
Hy stapt op ’e húskebril en giet der yn ’e hoksen op sitte. It stjonkt nei manljusmiich. Froulju seike tenminsten net oer de bril hinne want dy sitte fatsoenlik. Hy sjoch nei ûnder. De klep fan ’e ôffier stiet iepen. Yn it ginnegapjende swarte gat ûnder him sjitte de balken tusken de rails foarby, yn syn ferbylding, want sokke dingen op harsels binne ommers net te sjen no’t it nacht is. Miskien is der ek wol neat yn it swarte gat. God mei it witte.
Dan rattelt it hânfet fan ’e doar op en del.