
Achte lêzer,
Jo hawwe de fernijde webside fan Ensafh foar jo. Fan hjoed, 4 maart 2013, 11.00 oere ôf stiet dizze fernijde side online.
Net allinne dat jo in oare lay-out en in oare yndieling foar jo sjogge, ek fierder is der it nedige feroare. Nêst de nijs-ûnderdielen (teleks, aginda, blochfragminten en poadium) brochten wy oant no ta tweintich ôfleveringen it jier út wat de publikaasje fan literêre bydragen oanbelanget. Om ’e fjirtjin dagen ferskynde sa’n ôflevering.
Fan no ôf is it wurkjen mei ôfleveringen foarby. No sil om ’e trije dagen in nije literêre bydrage pleatst wurde. Ek simmerdeis, dat de digitale Ensafh giet net mear mei fakânsje. Wy wolle mei dizze nije opset de side oantrekliker, nijsgjirriger en aktueler meitsje: der sil faker wat nijs op stean.
In oare wichtige oanpassing binne de nije reaksjemooglikheden by de stikken dy’t op ’e side pleatst wurde. Wy wolle de side dêrmei ynteraktiver meitsje.
De fernijing fan ’e side is it wurk fan Marc Kooij. Hy moast moai wat technyske hobbels oer en dan wiene der fansels de winsken fan de redaksje. Wy sizze him tank foar syn ynspannings en it konstruktive oerlis dat der hieltyd wie.
De kop boppe ús side en de kleurstelling is it wurk fan Jelle Post, dy’t ek de ûntwerper is fan omslach en layout fan de papieren nûmers fan Ensafh. Foar de kop is in fragmint brûkt fan it omslach fan it earste papieren nûmer fan dit jier dat ein maart ferskine sil.
Sa bringe wy Ensafh-ynternet en Ensafh-op-papier yn harren útstrieling tichter by inoar.
Wy winskje jo in soad lêswille ta op de fernijde webside fan Ensafh.
De redaksje
Lokwinske mei de fernijde side, helder en in prachtige header. Wat ik noch mis is in feed dy’t net de blog- en teleksberjochten, mar de nijste bydragen oan Ensafh sjen lit.
Ik hoop dat dit nieuwe logo nu blijft tot na 2033?
Tanke Elske foar de lokwinsken en Bart foar de hoop foar it nije logo.
Kommintaren, tips en suggesjes wurde fansels meinaam, mar kinne net allegear gelyk ymplementeare wurde.
Veel op deze NIEUWE website is verouderd. En bijna ALLE LINKS werken niet.
Web-log is ter ziele. Weblog ook.
Wy wurkje noch oan de side Veenstra, komt allegear ynoarder!
Wat de feeds oanbelanget is it it bêste om jo opnij te abonnearjen, fia it ikoantsje yn de adresbalke.