Friduwih Riemersma

Yn it each fan de lêzer

logo.ensafh

Der binne grif in protte ferhalen wêryn’t in boek de haadrol spilet. Se bedarje net yn de boekhannel want se binne net útwurke sa as De namme fan de roas, dy’t oer in hiele bibleteek giet mei in moard deryn foar it mystearje. Se binne wûnderlik mar ferfeelsum en se gean fan: “De bibel foel fan it nachtkastke ôf en doe…” Wy hawwe in boek, mei de titel Dit boek sit fol mei spinnen, dat ik wol kocht haw mar noait betelle. Doe’t ik dat ûntduts wie it al te let om de bank te warskôgjen dat der wat misgien wie. In begjinnende skriuwer soe syn fertsjinne sinten net krije. Ik haw gau itselde boek noch ris kocht mar myn gewisse woe net delbêdzje en ik doarde gjin fan de twa deselde boeken te lêzen oant fan de wike. Juster die ynienen myn each sear. In oere letter seach ik dizich. Wer in oere letter kamen der griene klodden út it each, sa folle dat jo net begripe wêr’t it wei komme kin. Achter it griene guod oan kaam in lyts dea ynsektsje mei in protte poatsjes en mei liif en holle yn ien segmint; in spin dus. Elkenien hat wol soartgelike ûnderfiningen; in relaas dêrfan is net botte nijsgjirrich.

Al nijsgjirrich is wêr’t sokke ferhalen wei komme en ta liede. De ferteller kin bygelyks it boek de skuld jaan fan it barren. Ik die dat ek, ommers ik hie de spin net sels yn myn each treaun. Foardat de televyzje en de radio it ynstrumint fan de duvel wienen, fûnen minsken boeken gefaarlik, foaral foar froulju. Dat is no noch sa; in Amerikaanske kristlike beweging moediget famkes oan net nei college te gean om ‘stay-at-home daughters’ te wêzen. De eangst foar morele ûndergong troch alfabetisearring sit tink ik djip yn ús ûnderbewuste. De ferteller kin ek gefolch jaan oan it ferhaal fan syn aventoer. Hast automatysk lies ik myn boek oars nei it each-ynsidint as dêrfoar. At ien my earder sein hie dat Dit boek sit fol mei spinnen in oare betsjutting hat foar lêzers mei arachnafoby, hie ik dat net in revolúsjonêr ynsjoch fûn. Mar no like it feit dat de eigen ûnderfiningen altyd de ynterpretaasje fan de lêzer stjoere fiergeande gefolgen te hawwen.

Stereotypearje dogge alle minsken. At dat net sa wie soenen wy net funksjonearje kinne yn in wrâld sa fol mei waarnimmingen. Om de meast doelmjittige reaksje te kiezen moat alle ynformaasje ynienen kategoarisearre en systematisearre wurde. At wy in man sjogge mei in spikerbroek fan trije maten te grut en in pak giele fla oan de mûle tinke wy fuortendaliks better om ús fyts. Teminsten yn Amsterdam, want de wize wêrop’t ien stereotypearret is ôfhinklik fan syn sosjale omjouwing. Mei oare wurden, in skriuwer hat der gjin ynfloed op. It kin wêze dat in boek net sa stereotype-gefoelich is omdat yn tsjinstelling ta de echte wrâld in boek ien konfrontearret mei folle minder, stadiger en better foarsisbere yndrukken en boppedat hoecht in lêzer net yn aksje te kommen, woe ik mysels gerêststelle. Mar Shakespeare hat foar syn Hamlet grif in yngeande karakterstúdzje dien; hy is in minsklike, werkenbere persoanlikheid wurden, konsistint yn syn ynkonsistinsje. En wat is der yn ús kollektive ûnthâld oerbleaun fan Hamlets prachtich komplekse karakter: in labile brút. Bern út in brutsen gesin, wat wolle jo.

Net elke lêzer is fansels like lui – sadat it skeppen fan ’round characters’ net alhiel sinleas is – mar yn it algemien gean minsken sunich om mei de enerzjy dy’t se brûke foar it ynterpretearjen fan har persepsjes. Om dy reden kieze minsken ek foar sekerheid. Hie Hamlet minder ûnwis west dan hie der nea in trageedzje west yn Elsinore en dat hie mannich lêzer spitich fûn. Mar minsken hawwe ornaris leaver in absolute sekerheid dy’t yn positive termen fêstlein is dan in wierskynlikheid of in sekerheid dy’t negatyf formulearre is. Foar in sikehûs betsjut dit, no’t se kommersjeel binne, dat se har produkt better ferkeapje at se sizze dat se fiif fan de tsien pasjinten hielje kinne as dat se sprekke oer in kâns fan fyftich prosint of oer ien op de twa net helpe kinne. En al hat de protagonist yn in trageedzje gjin inkele objektive kâns op oerlibjen, tocht ik, de skriuwer soe dochs tinke moatte om de ‘reframing’ fan syn boadskip yn in ramt dat foar de lêzer subjektyf seker en posityf is. Want de lêzer lêst net fierder foar in kânske op ûnfolslein needlot; hy wol garânsje dat de tragyske held eat wint, ek at dat net tsjin it ferlies út kin. De lêzer is likemin rasjoneel as de protagonist. Sa is it ramt fan positive sekerheid yn Bloed brulloft fan García Lorca: “Dus? Better dea te gean oan bloedferlies as te libjen mei fergif yn jo ieren.”

Yn ûnwisse situaasjes brûke jo, om oardielen en besluten meitsje te kinnen, in represintativiteitsheuristyk. Minsken, ek lêzers, stelle de represintativiteit fan in foarfal gelyk mei de wierskynlikheid dat dit foarfal barre sil. Dizze ynskatting fan al dan net barre wurdt beynfloede troch oerienkomst, ûnregelmjittichheid en lokale represintativiteit. Us lêste wykein yn Antwerpen hat it hieltyd reind. Doe’t ik yn in roman fan in Nigeriaanske Amerikaan lies oer trije wike fakânsje yn Brussel mei oanhâldend rein, fûn ik dit in betroubere sêne, want it like my wierskynlik dat it altyd reint yn Brussel. Ommers dy stêd is hast gelyk is oan Antwerpen en myn lokale ûnderfining wie dat it dêr reint. At de skriuwer better útsocht hie wat it Europeeske klimaat is hie er grif in mear oertsjûgjende tekst skreaun yn it algemien, mar net foar elke aparte lêzer mei syn ûnneifolgbere ûnderfiningen.

Yn it boek mei de spinnen is de deus ex machina in fleske soajasaus. Dat is nuver, mar ‘suspension of disbelief’ hinget ek ôf fan yndividuele ûnderfining. Myn leauwen yn ketjap is grut; yn ús keuken mislearret nochal ris wat.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *