
Fryske skriuwdei
sneon 25 maaie
Sneon 25 maaie is der gelegenheid om op in leechdrompelige wize yn kontakt te kommen mei it ferskynsel literêr skriuwe yn it Frysk. Dielnimmers kinne kieze út twa deiprogramma’s, it iene is wijd oan it skriuwen fan poëzy it oare oan proaza. Moarns wurdt in workshop jûn yn Tresoar (Ljouwert), nei de lunch wurkje de beide groepen op lokaasje. By moai waar is dat de Prinsentún, sit it waar net mei, dan gean de dielnimmers nei it Princessehof.
De lunch en de tagong ta it Princessehof binne foar eigen rekkening, de dielname oan de workshops is fergees. It is net mooglik om foar in heale dei yn te skriuwen.
Skriuwark meinimme!
(pinne en papier of in tablet dy’t op batterijen wurket)
programma:
10.00 ynrin en kofje of tee by Tresoar
10.20 iepening en útlis oer it programma
10.30 – 12.30 workshop proaza troch Piter Boersma
Ynlieding yn de keunst fan it skriuwen fan ferheljend proaza. Oan ’e hân fan foarbylden wurdt sjoen nei wat dêrby komt te sjen. Fansels komme saken as styl en perspektyf oan ’e oarder, mar ek hoe’t in idee en de fyzje fan in skriuwer stal krije kin.
Piter Boersma is skriuwer fan romans en ferhalen en ek dichter. Hy is redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh. Earder wie er as leksikograaf ferbûn oan de Fryske Akademy en einredakteur fan it 25-dielige Wurdboek fan de Fryske taal.
10.30 – 12.15 workshop poëzy troch Abe de Vries
Dielnimmers krije in idee wat poëzij is: konsintrearre, ‘tichte’ tekst dy’t optimaal gebrûk makket fan de mooglikheden fan byld, lûd, ritme en betsjutting. Oan de hân fan foarbyldgedichten sil dat útlein wurde. Fantasy, en in iepen each en ear meinimme!
Abe de Vries (1965, Winaam) is dichter, esseeskriuwer en poëzijkritikus fan it Friesch Dagblad en it algemien-kultureel opinytydskrift de Moanne. Hy hat seis dichtbondels op syn namme stean. Resintelik ferskynde it twatalige Ravensulver/Ravenzilver. Foar syn twadde bondel In waarm wek altyd waard him yn 2005 de Gysbert Japicxpriis takend.
12.15 – 13.15 lunch by De Brasserie
13.15 – 15.00 workshop proaza skriuwe op lokaasje troch Jetske Bilker
Dielnimmers krije in pear sitewaasjes dy’t de lokaasje op dat stuit biedt,
om te beskriuwen. Oan ‘e hân fan in pear foarbylden út de literatuer besjogge we hoe’t we mei ferskillende stilen en perspektiven ynfloed hawwe kinne op de rin fan it ferhaal. Nei it foarlêzen fan ús eigen stikjes proaza folget kundich kommentaar dat rekken hâldt mei de skriuwer en wat er/se fertelle wol.
Jetske Bilker skriuwt proaza (ferhalen en romans) en is literêr kritikus. Har lêste roman It libben fan in oar kaam ferline jier út.
13.15 – 15.00 workshop poëzy skriuwe op lokaasje troch Tsead Bruinja
Yn dizze workshop lit Tsead Bruinja de dielnimmers kennismeitsje mei in tal fan syn favorite dichters, lykas Martin Reints, Wouter Godijn en Nachoem Wijnberg, en mei de technyk en styl dy’t dizze dichters brûke. Dêrnei wurdt de dielnimmers frege om in fers te skriuwen wêryn’t brûk makke wurdt fan dy styl en technyk en oan de ein wurde de fersen foarlêzen en krije de dichters konstruktyf kommentaar, sawol op de foardracht as it fers sels.
Tsead Bruinja is dichter en performer. Syn tsiende bondel Stofsûgersjongers mei etsen troch Mirka Farabegoli en muzyk fan Femke IJlstra komt yn april út by de Afûk.
15.00 – 16.00 neibesprek skriuwopdracht by Tresoar
16.00 ôfsluting
Opjaan foar 20 maaie fia skriuw@hotmail.com of tillefoanysk by Elske Schotanus, tel. 0513-623465. Dêrby graach oanjaan ofst dy opjoust foar it poëzy- of foar it proazaprogramma.
De smaak te pakken?
-
Abe de Vries en Jetske Bilker jouwe yn de hjerst fan 2013 kursussen op Tresoar. Dielnimmers gean yn in groep mei in dosint oan ’e slach mei eigen wurk. Sjoch: tresoar.nl
-
It projekt Skriuw! biedt persoanlike begelieding by it ferbetterjen fan jo teksten troch in betûfte redakteur. Sjoch skriuwersboun.nl
-
Skriuwers kinne ferhalen, gedichten of oare teksten oanbiede oan ien fan de beide literêre tydskriften dy’t Frytsktalich wurk publisearje: ensafh.nl en demoanne.nl
organisaasje:
Skriuw (in projekt fan It Skriuwersboun) yn ’e mande mei it Frysk literêr tydskrift Ensafh en it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar.
Der is noch plak, benammen foar dejingen dy’t belangstelling ha foar it poëzyprogramma.Tank yn it foar,
Elske