Beart Oosterhaven

‘Biltsikana’ op syn boppeste bêst

logo.ensafh

Jan de Vries fan Aldebiltsyl/Ouwe-Syl kin njonkelytsen wol in feteraan yn ’e Fryske popmuzyk neamd wurde. Yn 1996 makke er mei ‘syn’ noch altyd besteande band The Feetwarmers al it album Cold Feet. Op dy skiif sjongt er, spilet er gitaar, akkordeon, dobro en mûlharmoanika, en hat er as komponist de hân yn acht fan ’e fyftjin nûmers. De Vries achte him altyd mear muzikant as makker fan (Ingelske) lietteksten. Mei syn op 17 maart lêstlyn ferskynde Biltsktalige solo-cd Sieleroersels hat er him yn ien klap as in treflik liettekstskriuwer op ’e kaart set.

Biltsk
Dy cd telt nammentlik mar leafst 11 folslein eigen nûmers fan Jan de Vries. Dêr is ek ien yn it Frysk by. Dat is ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’, nei Ulbe van Houten syn roman mei dy titel út 1938, dêr’t trije Biltske ûngetiders in haadrol yn spylje. En dan is de oersetting dy’t De Vries, as ‘Sij gaat nergens hine’, makke hat fan ’e troch him bewûndere Amerikaanske singer-songwriter Guy Clark syn ‘She ain’t going nowhere’ ek nochris fan sa’n hege kwaliteit, dat sûnder mear sein wurde kin, dat se der yn It Bilt ek in betûfte oersetter by krigen hawwe. Lykas bekend is it Biltsk in yn it begjin fan ’e 16de ieu ûntstiene mingtaal fan Hollânsk en Frysk, dy’t yn Noardwest-Fryslân yn libben gebrûk is.

Lyrysk én epysk
Ik haw komselden in debút-album yn hannen hân fan sá’n kwaliteit as Sieleroersels! My tinkt, dat komt méi, om’t Jan de Vries de ûnderwerpen foar syn lietteksten tichtby hûs wei hellet. Yn ’e earste strofe fan it iepeningsnûmer ‘Laat my frij’ makket er fuort dúdlik wat oft de harker ynhâldlik fan ’e stikken op ’e cd ferwachtsje mei:

t Binne gedachten, flarden en spînsels. Over ferhalen en
wat ik allegaar nag sil. Over lust en de leegte fan binnen
[…] dat is wat ik sêge wil.

As tekstskriuwer hâldt Jan de Vries him dus sawol dwaande mei lyryk as mei epyk. Hy siket sawol de inerlike ferdjipping as, fertellenderwize, de bridte fan it goede (en bytiden smoute) ferhaal. As lyryske nûmers kinne fan Sieleroersels neamd wurde: it al oanhelle ‘Laat my frij’, ‘Geluk’, ‘’t Bildt’, ‘’n Ewighyd met dij’ en ‘’t Huus is leeg’. Epysken binne: ‘Sij gaat nergens hine’, ‘Swarte Anne’, ‘De mannen in ’t kefee’, ‘Willem’ en ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’. En dan binne der noch in pear dy’t yn myn eagen sawol lyryske as epyske boustiennen hawwe. It sil gjin nij dwaan, dat dat no krekt de nûmers binne dy’t ynhâldlik it allerneist oan ’e tekstskriuwer steane, nammentlik dat oer syn dochterke ‘Jente’ en dat oer in sneontemoarnsidylle yn ‘huize’-Jan de Vries: ‘Saterdegoffen’. As yllustraasje helje ik no efterinoar earst in lyryske en dêrnei in epyske strofe oan út it lêstneamde nûmer:

Dou rúkst nag lekker fan ’e koes en ik krúp dy even an.
’n Húvvertsy fan tederhyd, ’t maakt je súvver bang.
Ik slaan myn êrm om dy hine, hoor dyn adem diep en sacht.
Kon dut moment maar ewig dure, dut ontwaken fan de nacht.

[…]
Aansen de broadsys in ’e oven en koffy, ’n hele kan.
’t Krantsy lait al op ’e mat en de kachel is al an.
Maar eerst nag even soeze op de flarden fan de nacht.
’t Is al geluk en salighyd, hier hew ik soa lang op wacht.

Jan de Vries syn lietteksten binne, op in natuerlike wize, ryk oan Biltsk idioom. Yn ’e hjirboppe út ‘Saterdegoffen’ oanhelle strofen binne datoangeande al in stikmannich foarbylden te finen (‘’n Húvvertsy fan tederhyd’; ‘nag even soeze’). Mar wat te tinken fan ‘[…] sij gaat niet naar huus, dat is d’r deur’; ‘De wyn is bra tekeer gaan in hur haren’ (beide út ‘Sij gaat nergens hine’), ‘Soms dan lykt ’t an te waaien, meestal mot je even paaie’ (‘Geluk’), ‘[…] ok al leef je om ferens, ooit kom je werom’ (‘’t Bildt’) en ‘Wij hè d’r reken op maakt’ (‘De sûnde fan Haitze Holwerda’)? It op sa’n wize brûken fan ’e Biltske taal, makket méi de autentikens en dêrmei de grutte wearde fan ’e nûmers op Jan de Vries syn debút-cd út.

Lij wetter
Hoewol’t Jan de Vries, lykas hjirboppe al oanjûn is, master is op in ferskaat fan ynstruminten, lit er him op Sieleroersels yn 11 fan 12 nûmers (allinne ‘’t Huus is leeg’ docht er alhielendal solo) bystean troch oare muzikanten. Dat binne: Johannes Adema (bas), Sido Martens (elektryske gitaar en mandoline), Joost van Es (fioele en banjo), Sytse Haima (mandoline), René Tweehuysen (dobro), Hein Jaap Hilarides (Fender Rhodes), Germ Dikland (drums) en Gerbrich van Dekken (sang). Op sa’n wize is, krekt as op lêstneamde sjongeres har cd Bubbels (2011), dêr’t De Vries ek op meispilet, in Amerikana-eftich lûd ûntstien. Amerikana – ik haw it op 30 juny 2011 alris útlein yn dit tydskrift – is muzyk dy’t ôflaat is fan autentike country, folk en blues yn in modern jaske. Jan de Vries en syn kompanen witte krékt hoe’t se dat jaske ‘drage’ moatte, om der ek noch in eigen ‘pasfoarm’ oan te jaan. Faaks komt dat wol méi trochdat Adema, Martens en Van Es harren partijen op ôfstân, nammentlik yn harren eigen respektivelike studio’s thús, ynspile hawwe en dat De Vries dy letter yn syn ‘Studio Op ’e Syl’ yn it materiaal dat er sels al opnommen hie, ynpast hat. Lit ús dêrom, wat de muzykstyl fan Jan de Vries oanbelanget, mar de beneaming ‘Biltsikana’ foar kar nimme. Wat my oangiet, is dat dan Biltsikana op syn boppeste bêst, want op Sieleroersels is suver gjin misse noat te hearren. De nûmers, mei it, om syn wize en dynamyk, allerprachtichste ‘Saterdegoffen’ foarop, rinne jin stik foar stik as lij wetter yn ’e earen!

Heechsteand
Dat Sieleroersels sa goed ‘klinkt’ is, as it om in cd-opname te rêden is, foar de safolleste kear mei op it konto te skriuwen fan producer Harry Zwerver fan Frjentsjer. It is krekt as makket Zwerver al jierren deselde kwalitatyf tige heechsteande plaat, as dat no foar Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Gerbrich van Dekken of, yn dit gefal, Jan de Vries is. Zwerver hat in bysûnder ûntwikkele ‘ear’ foar dy typyske, op ’e ynstruminten gitaar, mandoline, banjo, dobro, fioele en akkordeon grûndearre, folkie muzyk, dy’t Gurbe Douwstra alris as ‘Frisikana’ oantsjut hat en dy’t no dus by Jan de Vries wol as Biltsikana te boek steld wurde kin.

Bewiis
It earste eksimplaar fan Sieleroersels is op 17 maart fan dit jier te Sint Anne troch Jan de Vries útrikt oan Leendert Ferwerda. Ferwerda is de foaroanman fan ’e ploech aktivisten yn It Bilt, dy’t yn ’t spier is foar it bestean litten fan It Bilt as selsstannige gemeente no’t dêr in gemeentlike weryndieling wankt. In selsstannige gemeente It Bilt is neffens Ferwerda-en-dy de bêste garânsje foar it ynstânhâlden fan ’e Biltske taal en kultuer. Mei de cd Sieleroersels fan Jan de Vries krige Ferwerda ít ultime bewiis yn hannen fan wat oft de Biltske taal oan kwaliteit, libbens- en sizzingskrêft te bieden hat!

Jan de Vries: Sieleroersels (cd); JdeV produksys; Ouwe-Syl 2013 (te besetten fia www.jandevries.org en info@jandevries.org).

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *