Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2013

logo.ensafh

Proaza

Hindriks, Elske

In kop as in almanak

Afûk, Ljouwert 2012

ISBN 97890 6273 9165

Ferkeappriis € 16,50

 inkopasinalmenak

‘Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden;
en de kommende slachten dy’t wêze scille,
dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen
dy’t letter wêze scille.’ (Prediker 1:11)

Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten op de wâl en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen.
Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen. Sadat net alles ferlern gean sil.

Leo Popma

As gong dêr in oar
Frysk en Frij/Elikser, Ljouwert 2013

ISBN 97890 8566 0279 (266 siden)

Ferkeappriis € 25,= (presintaasje 27 april 2013 yn it tsjerkje fan Blessum)

 asgongderinoar

As gong dêr in oar is in geheimsinnige romanoer ferfrjemde en ûnwennige minsken ûnderinoar. En oer har yntrigearjende relaasjes mei de libbene taal en kultuer.

Har lichaamlike oanwêzichheid wie in segen 
dy’t er lang net mear kend hie 
en dêr’t er kopke-ûnder yn gong. 
Stadichwei hie er it gefoel krige 
dat dy skoalmasterij net allinne fuortkaam út har fak, 
mar tsjinne as pânser tsjin in groanyske ûnwennichheid. 
As behearske se har flechtige bestean mei in puriteins 
rezjym yn e taal.

Non-fiksje

Ferskate skriuwers

Het Ir. D. F. Woudagemaal – een levend werelderfgoed op stoom

Uitgeverij Matrijs, Utert 2012

ISBN 97890 5345 4596 (208 siden)

Ferkeappriis €29,95

 woudagemaal

Oan de râne fan de Iselmar, by Lemmer, is ien fan de bysûnderste Nederlânske wetterwurken te finen. It Ir. D. F. Woudagemaal dat yn 1920 yn gebrûk naam is, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal yn de wrâld. Dit bysûndere gebou is yn 1998 bekroand mei in wrâlderfgoedstatus fan UNESCO. Yn 2011 waard it besikerssintrum iepene, wier in publykslûker! It boekHet Ir. D.F. Woudagemaal – Een levend werelderfgoed op stoom jout in oersjoch fan de skiednis fan it gemaal, dêr’t in soad aspekten fan it Fryske wetterbehear en de skiednis derfan yn oan bod komme. Ferskate auteurs hawwe har dwaande holden mei de wettersteatsskiednis, de bou fan it Woudagemaal en de technyk derachter.

Het Ir. D. F. Woudagemaal – Een levend werelderfgoed op stoom biedt in goede balâns tusken in breed histoarysk kader en it tapassen derfan op dit sterke staaltsje Fryske wetterboukunde. Mei syn sobere mar delikate arsjitektuer en de karakteristike skoarstien is it Woudagemaal in opfallend elemint yn it lânskip. Troch dit boek, mei in soad yllustraasjes, kriget it Woudagemaal it omtinken en it oansjen dat in gebou fan sokke alluere grif fertsjinnet.

Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot

Fryslân land van talen – een geschiedenis

Afûk, Ljouwert 2013

ISBN 97890 6273 9264

Ferkeappriis €17,50

 fryslanlanfantalen

Fryslân, land van talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr’t it wei komt, hoe âld it is, dat it yn de rin fan de ieuwen aardich feroare is en noch hieltyd feroaret, hoe’t de posysje yn de maatskippij net altiten itselde wie en wat dy posysje yn de lêste ieu wurden is. It ferhaal fan dizze taal stiet net op himsels, want sûnt it begjin fan ús jiertelling hat de Fryske taal yn Fryslân yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk.

Dit boek is rynsk yllustrearre mei foto’s en kaartsjes dy’t dúdlik meitsje hoe’t de talen geografysk tusken de oare talen yn stean en hokker ferpleatsingen der west ha. Fryslân, land van talen is in oersetting fan in boek dat earder yn it Frysk útkommen is.

Sake P. Roodbergen (red.)

Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters

Wijdemeer, Ljouwert 2013

ISBN 97890 8185 2173 (304 siden)

Ferkeappriis € 25,=

 kieviten

Op 1 maart is by Wijdemeer it boek Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters ferskynd. It boek is it resultaat fan in gearwurking fan inkele tsientallen meiwurkers ûnder lieding fanSake P. Roodbergen. De meiwurkers binne minsken fan ferskaat ‘pluimage’: fan ‘gewoane’ fûgelers oant ferneamde wittenskippers lykas Albert Beintema, Nico de Haan, Theunis Piersma en de Ingelske steppeljip-kenner Robert Sheldon. Hja hawwe oer de hiele wrâld swalke om har favorite soarten út de fûgelfamylje fan de wilsterachtigen yn har natuerlike leefomjouwing op te spoaren, te observearjen en – as dat koe – te fotografearjen. It resultaat is in samling aventoerlike, persoanlike, entûsjasmearjende én ynformative ferhalen oant út de fierste úthoeken fan de wrâld, mei prachtige yllustraasjes fan fotografen as Jan van de Kam.

Audioboeken

Anne Popkema

De moaste mearkes fan Grimm

Audiofrysk, Easterwierrum 2013

ISBN 97894 6038 0785 (2 cd’s)

Ferkeappriis € 11,= (download € 9,=)

grimm

De mearkes fan de Bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Al twa ieuwen lang sprekke se jong en âld oan. Anne Popkema hat in seleksje fan 14 mearkes ynlêzen út syn grutte bondeling fan mearkes fan de bruorren Grimm. Fanwege de doelgroep fan jongere bern dy’t hiel graach nei mearkes harkje, binne se hjir en dêr licht bewurke. Sa is it in moai harkboek fan twa cd’s wurden. Foar it omslach mocht Audiofrysk gebrûk meitsje fan it wurk fan Peter Boersma enHilda Groenesteyn.

Twa mearkes – ‘Hâns en Grytsje’ en ‘Bûntepels’ – binne oant 30 april fergees del te laden by Audiofrysk!

Ynhâld:

Cd 1: Toarnroaske | Hâns en Grytsje | Readkapke | Raaplokje | De kikkertskening | Broerke en suske | De wolf en de sân geitsjes

Cd 2: Kening Klysterburd | Oegemantsje | Sniewytsje en Roazerea | Bûntepels | De guozzefaam | De sân ravens | Frou Holle

En fierder…

KFFB– Oprop priisfraach: Yn 2014 hopet de iennichste Fryske boekeklub syn 80-jierrich jubileum te fieren! Ien fan de feestlikheden sil bestean út it útjaan fan in jubileumútjefte: in ferhalebondel mei 8 ferhalen. It bestjoer fan de KFFB noeget dêrta elkenien út om in koart ferhaal yn te stjoeren. De ynstjoerde ferhalen wurde anonym beoardiele troch in lêskommisje, dy’t de 8 bêste útsiket foar publikaasje.
Der binne moaie jildprizen beskikber. Sjoch fierder op de webside fan de KFFB foar de betingsten foar dizze priisfraach.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *