
Yn syn debútbondel It liket op fleanen (2006) betoant Wobbe Atsma him in rasferteller. Lykas syn kreaasje Liuwe, de haadpersoan út it ferhaal ‘It reade gefaar’, wit de skriuwer syn publyk yn ‘e besnijing te hâlden mei keunstige fertelsels. Fan Liuwe wurdt sein dat er in ‘rike fantasy’ hat en dat er mei syn ‘byldzjende ferhalen’ de minsken ‘bêst fermeitsje’ kin (s.59).
Yn dat opsicht soe Liuwe dus samar in alter ego fan de auteur wêze kinne. Ommers, at it op byldrike fertelkeunst oankomt, lit Atsma fuort oan it begjin fan ‘e bondel al in sterk staaltsje fan syn kinnen sjen.
‘Behâlden hûs’ is in spannende fertelling, wêryn’t we as lêzers meinaam wurde nei de strange winter fan 1979. Mei in berop op hast al ús sintugen beskriuwt Atsma in pear dagen út ‘e iiskâlde febrewarismoanne fan doedestiid. Hy brûkt dêrfoar in nammeleaze ferteller dy’t hiel bewust meimakke hat dat ‘Gods gisel’ oer it lân raasde (s.7) yn ‘e foarm fan snie, froast en feninige kjeld. Wy fiele mei him mei at de hagel en de izel him de kop hast strûpe (s.6) en we kinne de Sibearyske wyn benaud om it hûs gûlen hearre (s.8). Gjin wûnder dat de man nachts dreamde ‘fan iisbearen en poalfoksen dy’t úthongere om it hûs strúnden’ (s.10). It moat in ynkringende erfaring foar him west ha. Mar ek om in oare reden, sa docht oan ‘e ein fan syn relaas bliken, sil er dy barre poalwinter nea wer ferjitte. Je soenen der as taharker suver kjel fan wurde.
Sûnder fierder it krekte hoe en wat wei te jaan, kin ik wol sizze dat sa’n ûnferwachte ein, of in hommelse omkear yn it plot, tige befredigjend wurket foar de lêzer. Minsken dy’t bygelyks de koarte ferhalen foar folwoeksenen fan Roald Dahl kenne, wurdearje trochstrings de ‘twist’ dy’t de Master fan it Makabere faak wist oan te bringen. Atsma wit dêr ek wol ried mei. Neist ‘Behâlden hûs’ hat it ferhaal ‘Fereale’ bygelyks sa’n tige nijsgjirrige draai yn ‘e ferhaalline.
Net alle ferhalen yn ‘e bondel binne lykwols fan dat kaliber. In oantal eamelje min ofte mear nei in iepen ein ta. In foarbyld dêrfan is it titelferhaal ‘It liket op fleanen’, dat oer de boargerlike, romantsjes lêzende Houkje en har plezierfiskjende man Leffert giet. Troch it sjen fan in loftballon rekket de lêste hielendal yn ‘e ban fan alles wat mei fleanen te krijen hat en hy giet op ‘e siik nei de ultime frijheid. It draait fansels hielendal net op fleanen út (hoewol’t it der miskien wol op like) en wat der no presys mei Leffert bart, meie wy as lêzers sels betinke.
Yn de kategory mei in iepen ein falt ek ‘As goede freonen’. Dat ferhaal giet oer in frou dy’t by har man wei wol, no’t de bern de doar út binne. Lammert moat earst troch Geeske by it fuotbal op ‘e televyzje weiskuord wurde. Dan komt it hege wurd fan syn frou derút en hy rekket der aardich oeremis fan. By eintsjebeslút giet er lykwols mar gewoan op bêd, want ‘moarn is der wer in dei’ (s.127). Dat lêste kin fansels as irony fan de skriuwer opfette wurde, mar ek likegoed as in antyklimaks. Dat stylmiddel past Atsma nammentlik yn ‘e bondel wol faker ta. Yn de ferhalen ‘Kom mar by my’, ‘Yn byld’, ‘Simmerwille’, ‘Blynseach’, ‘Oankrûperswaar’ en ‘N.N.’ wurdt in soad spanning opboud en jins fantasij giet, tagelyk mei dy fan de ferhaalfigueren, aardich op ‘e rin. Mar úteinlik bart der net folle of blykt der sels hielendal neat oan ‘e hân te wêzen.
Yn dy ferhalen is de antyklimaks lykwols net it wichtichste. De fokus leit der earder op hoe’t de haadpersoanen de wrâld om har hinne ûnderfine. Yn mear as ien gefal wurdt pynlik dúdlik dat se in skynwurklikheid opboud ha, dy’t genadeleas troch de fûst fan ‘e realiteit oan diggels slein wurdt. Op dat ferskillend ûnderfinen fan ‘e wurklikheid kom ik aanst noch werom. Wy sille earst de krityk efkes ôfmeitsje.
Guon ferhalen binne frijwat foarsisber. Yn ‘Kom mar by my’ is it bygelyks fuort al wol dúdlik dat de jonge kompjûterjunk fiersten tefolle yn ‘e firtuele wrâld opgiet. At de grins tusken himsels en it byldskerm dan op in gegeven momint hielendal ferfaget, komt dat net echt as in ferrassing. Blykber wie Atsma der sels ek wat mei oan doe’t de jonge foar syn gefoel ynienen echt yn it kompjûterspultsje belâne wie. Hy lit him der dan ek mar wer gau útrame troch syn heit (s.18).
Wer oare ferhalen oertsjûgje net hielendal, omdat je der in bytsje tefolle in ‘willing suspension of disbelief’ foar hawwe moatte. Benammen ‘By riten’ (oer in alkoholist dy’t net yn ‘e gaten hat dat er him yn in ferkochte, en dus sletten, kroech befynt) hinget wat tefolle byinoar fan fiersochte eleminten. Ek de grutte klap oan it ein fan ‘Opspylje’ is wat ‘over the top’. Dy is wat it begryp ‘klimaks’ oangiet wer in bytsje tefolle fan it goeie.
Mar sels al is it plot net oeral like sterk, dan wol dat noch net sizze dat sa’n ferhaal net de muoite fan it lêzen wurdich is. Yn it begjin skreau ik al dat Atsma de byldzjende fertelkeunst goed behearsket. Hy wit goed spanning op te bouwen en sfear te sketsen. Syn beskriuwingen fan de seizoenen en it waar yn ferhalen as ‘Behâlden hûs’, ‘Nuver guod’ en de prachtige ôfsluter ‘De stôk’ helpe dêr goed oan mei.
Der is de nedige humor, bygelyks yn ‘De opstiging’, wêryn’t de hurdrinner Eabele beslút om dochs mar foar in oare himel te kiezen, mar op in bedragen ein útkomt. Soms hat dy humor mear fan dramatyske irony, omdat de karakters harren yn har praten en hâlden en dragen hielendal net bewust skine te wêzen dat se foar in oar eigentlik hiel grappich binne. Se nimme harren sels oe sa serieus en dat leveret in nochal komysk effekt op. Yn byld en Blynseach binne dêr goede foarbylden fan.
Wat jin lykwols it measte bybliuwt fan ‘e bondel, is dat Atsma yn mear as ien opsicht liket op Liuwe út ‘It reade gefaar’. Hy is net allinne in ‘betûfte ferteller fan ferhalen dy’t libbensecht op de minsken [oerkomme]’ (s.59). Nee, Atsma soarget der ek foar dat ‘wierheid en betinksels … har [ferflechtsje] yn betiizjende patroanen’ (s.60).
Dat lêste levere Liuwe de bynamme ‘liger’ op (s.60). Safier wol ik by syn skepper fansels net gean, mar as lêzer krije je meardere kearen it gefoel dat de skriuwer jin by de poat hat. En dat bringt my by wat neffens my de binende faktor yn hast alle ferhalen is: it is gruttendiels boarterij mei ferskillende perspektiven.
Dat freget fansels om in bytsje mear taljochting. Der is in útspraak dy’t aardich oanjout hokker kant ik op wol: ‘de wrâld is sa’t wy sels binne’. Oars sein: wy ûnderfine de realiteit om ús hinne op de manier sa’t we sels yninoar sitte. Noch wer oars sein: wy besjogge de boel troch de bril dy’t we op ‘e noas hawwe. De natuer kin hjoed noch sa moai yn bloei stean, mar om’t ik depressyf fan bêd kaam bin, is foar my alles griis ynstee fan grien. Alles is dus mar in kwestje fan perspektyf.
Mei dat gegeven boartet Atsma op fenomenale wize. In protte fan syn ferhaalfigueren ûnderfine de werklikheid op in bepaalde manier, mar de dingen blike trochstrings hiel oars yninoar te sitten. Dat jildt trouwens net allinne foar harren sels, mar ek foar de lêzer, dy’t as it wiere oer de skouders mei sit te gluorkjen. Je begjinne je in byld te foarmjen en dan draait Atsma ynienen de kamera om en it docht bliken dat je al dy tiid nei wat folslein oars sieten te sjen. Ferûnderstelde minnaars blike famyljeleden te wêzen (Simmerwille). Net de wylde, mar de dimmene freondinne blykt de oerhuorrige te wêzen (Oan ‘e slinger). Jos en Marije blike net Joazef en Maria mar gewoan Jos en Marije te wêzen (Frijplak).
En sa binne der noch wol sterkere foarbylden. Mar ik begjin alwer tefolle wei te jaan en dat wie no krekt net de bedoeling. It wurdt tiid dat jo josels betiizje (of sa’t jo wolle: foarlige) litte troch de ferskowende bylden yn ‘e fertellingen fan Wobbe Atsma.
Wobbe Atsma, It liket op fleanen,
Utjouwerij Venus.
€ 16,90