
Goed nijs foar de 17% fan de Friezen dat oanjout Frysk skriuwe te kinnen: hja wurde nûge dat noch folle faker te dwaan mei’t de útfining fan de iuw soks in stik makliker makket.
De polityk hat op ynstigaasje fan lju dy’t it witte kinne de regels oanpast dat it is no appeltje-eitje. En dat wie it net. Dat sil ek de reden wêze dat út de wittenskiplike ûndersiken net dúdlik wurdt wat a) it nivo fan it Frysk fan dy 17% is en b) hoefolle fan dy 17% ek min ofte mear geregeld Frysk skriuwe as wy alteast de sinteklaasgedichten net meirekkenje.
Ut myn eigen ûndersyk dat benammen op waarnimming basearre is rûs ik dat wy op sa’n 10.000 Fryskskriuwers komme op in nivo sa dat de skriuwsels noch wat op Frysk lykje.
En dat moatte fansels mear wurde wat hiel wol kin. Jo moatte no ienkear wolris in dûbeltsje útjaan om in kwartsje te fertsjinjen. Mislearje kin it ek, dan is it dûbeltsje poater. As soks yn it foar bekend is, is it ta weismiten keard.
No bin ik gjin kwartsje wurdich mar yn dizze klucht al poater en mei my in moai soad oaren fan dy 10.000 as ik de net oeribel soad reaksjes yn it fjild besjoch. Dat jout daliks oan hoe grut dat fjild is. Mooglik sit ik mei dy 10.000 wat oan de hege kant.
It wurdt in djoer dûbeltsje. Alle skreaune – al of net op papier fêstleine – Frysk fan nei 1980 kin by de dyk. Ik neam ien foarbyld: de basisskoallen binne krekt dwaande (alles op syn tiid) de metoade Studio F yn te fieren dat dy’t dy metoade brûke hawwe betreklik nije boeken. Itselde jildt foar Freemwurk. Opromje dy rotsoai. Leararen allegearre op byles en nij guod oantuge. Kosten?
It measte wurk dêrmei anneks sil de Afûk dwaan moatte. Mar fan dy kant hearre wy neat al sil de direksje wol in bestjoersgearkomste yn tarieding hawwe dêr’t syn opslach yn oan de oarder steld wurde moat om’t er no ek ferantwurdlik dis foar it ‘by de tiid bringen fan dit en dat’. En fansels al wer wat subsydzje ynklaud hat.
As alles no wat yn de fleur wie, koe ik frede ha mei in staveringswiziging al hie dy fan 1980 om my ek al net hoecht. Sa’t it lân der no lykwols hinne leit is it foar in Frysk learder folslein ûnmooglik in korrekt wurdbyld op te bouwen en dêr sille dizze nijste kluchten neat oan feroarje.
Stek it jild leaver yn it ûnderwiis, yn klups lykas Faceboek, Hyves (as dat noch bestiet) en Twitter. Mar doch dat dan al mei wat hjoeddeistige oersettings en net op de mear as banale wize sa’t it no hjir en dêr stal jûn is.
Want dan bliuwe wy mei dy 10.000 oan it bystellen. Oant wy turfe kinne wa’t fan de Bûterhoeke te Ljouwert aanst mummifisearre yn it Lân fan Taal lizze. Om’t se te djoer west hawwe om te bedobjen.
Bedobje? Dat is de nije stavering foar begrave. En de betsjutting is ek feroare. It hat no mear fan paad sljochtsjen. It paad nei meartaligens sadat de al lang wenstige praktyk by û.o. de Afûk om tsjin elk dy’t gjin Frysk praat Nederlânsk te jeuzeljen ta noarm ferheven wurdt en it skreaune Frysk aanst allinnich noch brûkt wurde sil foar saken dy’t yn it Nederlânsk al in súkses wiene.
Wis, der binne in stik as 25 (?) man/frou dy’t har op Facebook en wat oare plakken hearre litte. Ik tink dat fierwei it grutste part fan dy oare 9.975 der krekt-en-gelyk oer tinke.
Dat espeltsje lju kin aanst troch de polityk moai del set wurde as folk dat oan âldfrinzige saken fêsthâlde wolle en net sjen wol hoe goed de provinsje har bêst wol net docht en dêrom knoarren jild ynvestearret yn de útfierdersketen oan de Bûterhoeke dêr’t se ek al wer útrekkene hawwe dat om dy mummy’s wat knap te bewarjen it Lân fan Taal yn minder as in healjier tiid al wer in miljoen as wat djoerder útfallen is.
Foar de goede saak.
Sjoch foar in oanfolling op dizze kollum op it webloch fan Daam de Vries