Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Nammen yn Eastfryslân

logo.ensafh

Yntroduksje by de oersetting fan  it ferhaal Namen in Ostfriesland fan Imke Müller-Hellmann

In healjier lyn moast ik in website oersette fan in feriening Gedenkstätte KZ-Engerhafe. Yn it lytse East-Fryske doarpke Engerhafe hat yn it lêste oarlochsjier in konsintraasjekamp west, en de feriening wol de oantinkens dêroan yn libben hâlde. (Sjoch: http://www.gedenkstaette-kz-engerhafe.de)
Oersettendewei ûntduts ik dat in âldomke fan my, fan wa’t wy altyd tochten dat er yn kamp Neuengamme omkommen is, dêr op de deadelist stiet. Doe’t we dat ûntdutsen, waard ik útnoege foar de jierlikse betinking yn Engerhafe. Ik wie der mei ús heit hinne. It bliek dat de namme fan dy omke dêr al jierren op in monumint stiet, mei dy fan 180 oaren út hiel Europa wei, dy’t dêr stoarn binne.
(In fotoferslach fan ús reis en befiningen is te sjen op facebook, dat jout wol in goed byld.)

De skriuwster fan it ferhaal is Imke Müller-Hellmann. Dy troffen we dêr by dy betinking. Se fertelde oer har beppe, dy’t froeger yn Engerhafe wenne en as jonge frou it kamp en de gefangenen sjoen hie. Se hie dat har hiele libben meidroegen, mar der noait oer praat. Pas doe’t se al hiel âld wie, begong se deroer te fertellen oan har beppesizzer. Sadwaande is Imke har fassinaasje ûntstien, en sy is no dwaande om fan in oantal fan de 180 deaden fan it kamp Engerhafe it libbensferhaal te achterheljen. Se hat al yn Poalen, Frankryk, Spanje west, en koartlyn dus ek by ús yn Seisbierrum. Sadwaande bringt de skriuwster har eigen relaasje ta it kamp – fia har beppe dus – yn kaart. Of better sein: sadwaande ferbynt se har dermei.
Namen in Ostfriesland is in soart ynlieding foar in boek mei dy libbensferhalen.
Ik fyn it in sterk ferhaal fanwege it grutte perspektyf dêr’t Imke it barren yn set. Ik ha it ynearsten oerset sadat ús heit it ek lêze koe, mar it liket my ek foar grutter rûnte nijsgjirrich, ek omdat it yn East-Fryslân is; sa tichtby dus. Undertusken is it ferhaal oer Rients Westra ek hast klear; as it safier is, wol ik dat ek oersette.

(Ynformaasje oer Imke Müller-Hellmann, sjoch:
http://www.autorinnenvereinigung.de/index.php?id=82)

Jantsje Post

Imke Müller-Hellmann

NAMMEN YN EAST-FRYSLÂN

Myn oerpake hjitte Detmer Ihnen Detmers. Hy wie timmerman-oannimmer, makke huzen en deadskisten, en hy kaam fan Münkeboe yn East-Fryslân. Hy is ienentachtich jier wurden en doe, yn 1959, stoarn oan blaaskanker.

Hy waard begroeven op it tsjerkhôf fan Münkeboe en hy krige in grêfstien mei syn namme der op. Yn itselde grêf lizze de stoflike omskotten fan noch seis oare minsken. Minsken dy’t noch bern wiene doe’t se stoaren en minsken dy’t al frou wiene doe’t se stoaren. Harren nammen steane net op de stien. It wiene syn beide froulju: Elsche Detmers, famkesnamme Henning, dy’t jong oan tuberkuloaze stoar, en syn twadde frou Auguste Detmers, famkesnamme Siekmann, dy’t as diakonesse Detmer syn earste frou op har stjerbêd ferpleegd hie. Auguste stoar yn ‘e âldens fan sânensechstich jier oan de gefolgen fan in ûngemak: Detmer Ihnen wie yn ‘e tún út in beam wei boppe-op har fallen.

Trije bern fan Detmer en ien pakesizzer kamen ek noch foar him yn it grêf dêr’t syn namme op stiet: trije soannen, dy’t er alle trije Ihne neamd hie en fan wa’t net ien âlder as in pear jier waard. En ien dochter fan myn beppe, dy’t dea berne waard. Dy hat noait in namme hân.

Yn it hûs mei de tún dêr’t myn oerpake op myn oerbeppe foel, is ús beppe berne (en ús heit ek). Op 28 maart 1917 seach hja it ljocht fan East-Fryslân. In hoeke lân tusken Eems en Jade, plat en fier, mei skeane beammen en rjochte wynmûnen, dy’t de wyn, dy’t altyd út see waait, treast wiene. It lân is fan de wolken en de kij, en dy binne fan de boerepleatsen mei de lege dakken, en dy binne wer fan de minsken mei de houten klompen, dy’t in eigen taal hawwe en graach tee drinke. Om krekt te wêzen 2,5 kilo de man yn ’t jier; dat is tsien kear safolle as achter it feanlân, fierder nei it suden, yn Dútslân.

Yn de tiid dat de feansompen yn it suden en de see yn it noarden dizze hoeke lân noch goed omsleaten, hie earst Redbad, de grut-Fryske kening, it foar it sizzen. Nei him kaam Karel de Grutte en mei him kaam it kristlik leauwe, dat Liudger en Willehad dêr brochten. Dêrnei kamen de redjeven, de rjochters en riedsmanlju, dêrnei de hovedlinge, de haadlingen, dêrnei de greven, de foarsten, de Prúsen. As lêste kaam keizer Wilhelm, en doe de Führer.

Doe’t ús beppe yn dizze kontrij it libbensljocht seach en noch gjin aan hie fan polityk en noch gjin hege bloeddruk fan de 2,5 kilo swarte tee yn ’t jier, wiene Lüdde, Anni en Minni der al. De niis al neamde Auguste Detmers – famkesnamme Siekmann, de diakonesse – rekke no dus dochs yn de tastân dy’t yn har libben út soarte net foarsjoen wie, nammentlik dat se ús beppe Elli – neamd nei de earste frou fan har heit, Elsche – út har lichem parsje moast. It waard wizânsje yn de famylje en hâld it oantinken oan krekt ferstoarne famyljeleden yn libben troch se te ferneamen en sadwaande te ferfangen. No hie Detmer dus wer in Elli.

Elli troude mei Adolf Janssen Müller. Adolf wie ek in bern fan in twadde frou. Dat wie Altje Müller, dy’t har bûtenechtlike soan Klaas meinaam doe’t se troude mei Johann Müller. Dy hie sels ek al fjouwer bern út syn earste houlik: Johann, Bole, Herti en Hima. Altje en Johann krigen tegearre nochris fiif bern: Johanna, Maria, Adolf, Okkeline en Etta. Altje wie der wis fan dat Adolf ek in dochter wurde soe en woe dy nei harsels neame, mar it waard in soan en fan Altje makken se doe mar Adolf. Dat wie yn 1914.

Tritich jier letter kaam ús heit op ‘e wrâld. Hy kaam ek Adolf te hjitten. Dat wie yn 1944. Adolf Detmer. Syn heit Adolf Janssen wie op dat stuit as soldaat oan it eastfront en sadwaande hie Elli no wer in Adolf. Adolf syn bern hiene it net op dy namme stean of fûnen him om syn minst betinklik. Adolf sels net. De namme stie foar syn heit en net foar de Führer, sa tocht hy deroer. En dat feroare net yn de tiid, fiifentweintich jier nei syn berte, doe’t strukturele parallellen tusken heiten en Führers yn syn generaasje hieltyd mear ta diskusje kamen. Mar Adolf hie gjin diel oan datsoarte diskusjes en sadwaande hâlde hy in goed gefoel oer syn namme.

Tusken 1940 en 1948 wenne ús beppe yn Engerhafe, in lyts doarpke oan ‘e westlike râne fan de Eastfryske geastgrûn fan de gemeente Südbrookmerland. De haadling Keno tom Brok hie dêr syn wenstee hân, yn in boarch dêr tichteby. Dy syn soan, Ocko tom Brok, wreide syn macht út oer hast hiel East-Fryslân, mar dêr wiene de frijheidsleavjende Eastfriezen net sa wiis mei en de konkurrearjende haadlingen al likemin. Sadwaande kaam it op 28 oktober ûnder lieding fan haadling Focko Ukena ta de ‘Lêste slach op de wylde ekers’. Dat wie yn 1427.

506 jier letter hiene de East-Friezen – en hja net allinne – wer in haadling, mei in oare namme; no seine se ‘Führer’. Dy Führer joech op 28 augustus 1944 it befel om de saneamde ‘Friesenwall’ te bouwen, dy’t de hiele Noardseekust beskermje moast tsjin de ynfaazje dêr’t se sa benaud foar wiene. Bylâns de kust moasten wâlen komme, deun efter de seedyk skuttersputten, en yn it efterlân stellingen en antytankgrêften. Dy antytankgrêften moasten fan boppen fjouwer oant fiif meter breed wurde en op ‘e boaiem fyftich sintimeter. En se moasten trije meter djip wurde.

Elli wenne op dat stuit dus yn Engerhafe, oan ‘e eastkant fan de tsjerke, in bytsje nei links ast ôfslein bist. It is in âlde tsjerke, in heech gebou mei ien skip, út de 13e ieu, dy’t ek al ûnferskillich tsjûge west hie fan de ‘Slach op de wylde ekers’. Oan de noardkant fan de tsjerke, oare kant de dyk, op it terrein fan de pastorijtún, waard fan oktober oant desimber yn 1944 in bykamp fan it konsintraasjekamp Neuengamme boud. Net mear as goed 15 meter fan it hûs oan de eastkant ôf. Twaentweintichhûndert manlju waarden yn fiif net-ferwaarme barakken proppe, mei allinne mar trije-hege steapelbêden, dêr’t per bêd twa of trije manlju ien striesek diele moasten. De skeamel klaaide en úthongere gefangenen moasten sels it stikeltried oanlizze dat harren gefangen hâlde en de wachttuorren bouwe dêr’t se mei bewekke waarden. Doe’t dat klear wie, marsjearden se alle dagen moarns om seis oere nei stasjon Georgsheil, rieden yn in iepen transportwagon nei Aurich en rûnen dwers troch Aurich hinne nei har wurkplak. Dêr groeven se de trije meter djippe grêften yn de sompige klaai, stiene oeren oant de knibbels ta yn it wetter, moasten yn harren lompen rein, snie en stoarm trochstean. Wa’t der by delfoel waard slein oant er wer trochwurke, of net mear trochwurke. As se yn de skimerjûn yn kolonne weromrûnen, moasten de oerlibjenden harren deade en healdeade kameraden meitôgje. Omdat se sels hast net mear koene, sleepten se de útmergele lichems oan de fuotten achter har oan, sadat de hollen oanienwei tsjin de strjitstiennen sloegen. De lompen glieden geandewei oer de gesichten hinne en ferburgen de ferhûngere lichems net mear.

Dat hie ús beppe sjoen. Dy kolonne hie se sjoen. En nea wer fergetten. Dêr fertelde se altyd oer.

Al rillegau gyngen de minsken fan Engerhafe hurd yn ‘e hûs as se de klompen op ‘e dyk oankommen hearden. De minsken fan Aurich ek. Se koene it net ferneare. De oanblik en de stank.

Elli hie in lytse poppe en in beppesizzer, in man oan it front en in dochterke yn it grêf. Pinerêch fan it turfgraven as bern, hege bloeddruk en reade eagen as se gûlde. En eangst. In fyts mei fodden om de felgen, har leauwe yn ‘e Heare God, har leauwe yn de Dútske naasje. In lytse Adolf, foar as de grutte net weromkaam, en de oertsjûging dat dy oare Adolf it allegear wol wer yn oarder bringe soe, op de ien of oare manier.

188 manlju hawwe de trije moanne yn it konsintraasjekamp Engerhafe net oerlibbe. 68 Poalen, 47 Nederlanners, 21 Letten, 17 Frânsen, njoggen Russen, acht Litouwers, fiif Dútsers, fjouwer Esten, trije Belgen, trije Italianen en ien Deen, ien Spanjert, ien Tsjech. De earste tsien waarden yn fiif houten kisten begroeven. Dy’t dêrnei kamen, waarden allinne noch yn asfaltpapier bewuolle mei in stik tou deromhinne, en de oaren yn papieren sekken of hielendal neaken bedobbe. De earsten leine 1,70 meter djip, de lêsten noch mar 40 sintimeter. Yn it begjin fersierde in Dútse bewekker de grêven. Mei lytse houten krúskes, dy’t er sels makke hie. Dat waard him ferbean. Doe wiene der ek gjin aparte grêven mear, allinne noch massagrêven. Twa dagen neidat de lêste gefangene neist de tsjerke bedobbe wie, fierde Elli dêr it krystfeest, en de lytse Johann, har earste jonge, hearde dûmny in pear kear de fraach ‘Minske wêr giesto hinne?’ de tsjerke yn roppen, oant er op in stuit lilk werom rôp: ‘Wêr gean jó dan hinne?’ De twatûzen gefangenen waarden werombrocht nei Neuengamme. Dêre, of by de deademarsen der’t se oan ‘e ein fan de oarloch ta twongen waarden om de spoaren fan de konsintraasjekampen weiwurde te litten, of op it skip de Cap Arcona, waarden se fermoarde.

Adolf Janssen kaam dochs noch werom. Rêden troch in ferwûning. Elli en Adolf wennen mei Johann, Adolf en Auguste yn Engerhafe en dêrnei yn Emden. Alle trije bern kearden East-Fryslân letter de rêch ta. Elli bleau en de grêven bleaune. Adolf Janssen stoar op 9 july 1978 oan maachkanker. Elli har broer Lüdde stoar yn 1979, Minni yn 1988 en Anni yn 2001.

Yn 2005 stie Elli, 88 jier, krûm en mei stôk, mei har beppesizzer op it tsjerkhôf fan Engerhafe. Se gie net mei it lytse terreintsje op, dat mei buksusbeamkes ôffrede is. Yn ‘e midden wie in hage yn ‘e foarm fan in krús. Beppe Elli bleau bûten stean en skôge de jûnsloft. De beppesizzer lies de nammen op. ‘Bertulis Veinsberg, Cervil Paul Edjes, Chaiw Jorkelski, Anton Skuda, Raymond Hermel, Josef Nowak, Israel Kowalis, Jan Michalski, Konstantin Spirikow.’

En Elli stie te wachtsjen.

‘Turis Krimus, Juri Lüü, Johannes Murs, Antoni Klosinski, Henry Eppler-Sørensen, Isaak Kukies, Ignatz Velionaks, Eugenjusz Dzerner, Hirsch Kagan.’

En Elli sei: ‘Mei ik it autokaaike? Ik kin net mear stean.’

‘Eugenjusz Nowinski, Karlis Helfers, Maks Mateski, Dirk Dorland, Saul Izer, Karls Lanowsnis, Albin Chmielewski.’

En Elli krige it autokaaike.

En gong fuort.

‘Edward Gregorek, Cornelis van Drie, Stefan Szanawski, Badislaw Jenarcik, Roger Levy, Kazimierz Milczarek, Alphons Derknideren, Roman Wyganowski, Josef Ambroziak, Israel Meierowitsch, Peteris Avotnisch, Wladislaw Stepien, Akim Fiodorow, Tadeusz Blazejewski, Sebastien Kinberg, Andries Schipper, Wladislaw Capanda, Edward Prus, Daniel Weijs, Hendrik Olofsen, Augusts Sniedze, Janis Musikants, Wisold Pyzek, Kasimir Kieszskowski, Johann van Wijngaarden, Tomasz Edward Gruca, Witold Jerzy Rzadkowski, Jerzy Dybowski, Jazeps Stankewitsch, Tadeusz Sassek, Henryk Godlewski, Arie Kiesling, Jacob Lodewyk Hamming, Marten de Vries, Janis Camans, Jaamis Kwiesis, Nicolas Boyard, Antonio Messarotti, Omer Marechal, Johannes Flapper, Siemions Valtins, Peter Josephus Vranken, Otto van Noggeren, Louis Raymond Bouchet, Lambertus Schuitema, André Albert Coste, Jozef Wozniak, Theo Stok, Feiwa Cosne, René Levij, Ladislaus Jasinski, Manuel Canto Luisa, Leon Wojciechowski, Willem Petersen, Adrien Bessas, Heinrich Rieck, Josef Abramowitsch, Hendrik Vermeulen, Louis Marie L. Arband, Hendrikus Muldery, Elmars Stumbergs, Willem Klaassen, Lammert Wever, Josef Tewzak, Leon Karaluch, Felix Wieclaw, Willem Heine, Rients Westra, Bronislaw Waleka, Edward Bogacki, Jan Elibert van der Helden, Israel Smorgonski, Rudolf Sejkora, Timofej Salij, Michel Malerzyty, Henryk Laszkiewics, David Koton, Solomon Kulkes, Owsicj Prusak, Vladislaus Vilecoskis, Sander de Beun, Witold Piotrowski, Fiodors Strogonows, Stanislaw Golaszewski, Dirk Zuidam, Georges Richemond, Peter Verbeek, Gustaaf Baccauw, Harald Cimsetis, Virgilis Carniel, Bronislaw Krol, Aart van Someren, Konstantin Kujawski, Janis Skutuls, Oscher Levin, Janusz Magierza, Geurt van Beek, Pansili Jurjew, Maarten ter Vrugte, Leendert Serier, Cornelius Bak, Louis André Guiot, Willem van de Pol, Adolf Sientniks, Nikolay Wlassow, Johann Dracht, Tadeusz Skrzypezak, Jan Wisniewski, Georges Charles Raillard, Theodors Baumanis, Mieczyslaw Tcharzewski, Matwey Sklas, Michel Kultis, Arwed Wikard, Ottis Witola, Michel Grange, Josef Lyakowski, Henryk Lukasik, Miecyslaw Lebroda, Frederik Kroeze, Henriyk Krysiek, Gustave Weppe, August Chlebek, Claas de Vries, Eduard Randberg, Leyba Brenner, Jakob de Graaf, Stanislaw Mastaleiz, Jan Skrzeczyna, Louis Vincent, Herbert Strobel, Cornelius de Roij, Roger Edmond Peres, Henricus Rutgers, Johannes Gortzak, Wladislaw Golaszewski, Bronislaw Miesiel, Aleksander Taraneks, Reijer Kleyer, Wladislaw Tchorek, Johann Meyboom, Jan Hoefmann, Roman Rulkowski, Eugeniusz Weijcmann, Ewald Neumann, Franz Soudat, Jan Dawidowski, Jakob van Etten, Jan Klasztozny, Gijsbert van den Top, Adriane Mandel, Arkady Lardrow, Erich Siebert, Wladimir Dmytrow, Pieter van der Weij, Stanislaw Pietrzyk, Afanasi Dimitriew, Gerrit Hellendorn, Elgasz Chajes, Stanislaw Sawicki, Creslew Ochmann, René Godelier und Joseph Denoyette.

(oersetting: Jantsje Post)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *