Anne Feddema

Troch eagen út El Fayoum besjoen

logo.ensafh

Paula Modersohn-Becker yn Museum Belvédère

 

PMB 001
Selsportret
Oaljeferve op karton
28,2 x 23 sm (sa. 1898)
Kolleksje Kunsthalle Bremen

Jo moatte net freegje wat in goed skilderij foar jo dwaan kin, mar jo moatte freegje wat jo foar in goed skilderij dwaan kinne. Dat kin eins mar ien ding wêze… goed sjen! In oar antwurd bestiet gewoanwei net. En dan wol in bytsje langer as de ‘trochsneed’ njoggen sekonden, dy’t besikers fan ferskate musea oer it generaal tsjintwurdich troch skine te bringen foar in keunstwurk, sa as in wittenskiplik ûndersyk okkerdeis foar it ljocht brocht. De eagen moatte kontakt ta stân bringe tusken skilderij en hert en harsens (jins hiele wêzen). Je eagen moatte weidzje, se moatte bylden ite en ferwurkje.

PMB 006
Portretfoto fan de keunstneres.

 PMB 007
Paula Modersohn-Becker yn Worpswede foar har reis nei Parys yn 1905.

Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is op it stuit de útstalling ‘Paula Modersohn- Becker – Ein Wunderland, ein Götterland (In wûnderlân, in goadelân) / Veenland en bevolking in en om Worpswede (Feanlân en befolking yn en om Worpswede)’ te sjen. Om de holle in bytsje boppe it feanwetter hâlde te kinnen hjoed-de-dei, moatte musea en oare kulturele ynstellings mear publyk lûke. Dat publyk besykje se binnen te heljen troch it meitsjen fan grutte útstallings, saneamde Blockbusters, lês, ék managementtaal… Major Box Office Hit. Koartsein: Grutte nammen lûke publyk. (Blockbuster is in term dy’t út it jargon fan ’e Twadde Wrâldoarloch ôfkomstich is en dêr’t in grutte ferneatigjende bom fan huzewiken mei bedoeld wurdt.) Dêr wurdt mar wer ris mei befêstige dat alles yn elk gefal in soad lawaai meitsje moat om it nedige omtinken te krijen. De útstalling fan de yn 2012 ferstoarne Amerikaanske byldzjend keunstner Mike Kelley, (The Must See neamd yn krante-advertinsjes) yn it Stedelijk Museum yn Amsterdam, is wat dat oanbelanget in foarbyld fan hoe’t it neffens my no júst net moat. De man makke tige nijsgjirrich wurk (krityk op ’e hjoeddeiske Amerikaanske maatskippij, fêstlein yn skilderijen en ynstallaasjes, dy’t gauris audiofisueel binne), dêr leit it him perfoarst net oan. Mar ik fyn dat der gjin romte is foar de taskôger om neier ta it keunstwurk te kommen. It is merke: it lûd en byld fan ’e iene ynstallaasje geane oer yn ’e folgjende. Je dogge dêr in keunstner mear kwea as goed mei. Net dat ik in hoeder en grut foarstanner fan it kredo ‘less is more’ bin, noch fan ‘less is a bore’… oft in wurk no opboud is út twa miljoen hannelings of twa docht der net ta, der moat ‘romte’ yn ’e útstalling séls sitte. De útstalling fan Mike Kelley is in Blockbuster wurden, mar dan in echten ien, in bom ûnder de eigen útstalling. WHAM BAM, THANK YOU MA’AM… I SAW THE NUMBER 5 IN GOLD… toetoetata! Undertusken hawwe der mear as twahûnderttûzen besikers west (boarne: site Stedelijk Museum ) mar oft dy no allegearre allinne foar Mike Kelley kamen, liket my yn dit gefal – it Stedelijk is ein septimber ferline jier weriepene, nei acht jier ticht west te hawwen -, wat oerdreaun. In hiele protte minsken wolle gewoanwei sjen oft de ferbouwing fertuten dien hat en oft it Stedelijk noch wol hieltyd ‘harren Stedelijk’ bleaun is. Soit. Ik begjin hjir mei it yntrodusearjen fan Beierts leven om it feit dat de útstalling fan Paula Modersohn-Becker yn it Museum Belvédère yn Oranjewâld it tsjinoerstelde is fan in roppende en razende Blockbuster.

SG 118 Modersohn Becker
Selsportret foar bloeiende blommen
oaljeferve op karton
33 x 45,5 cm (ca. 1903)
Museum Ostwall, Dortmund

Sakrale sfear
Sa gau as je de romte ynkomme, dêr’t de goed fjirtich skilderijen hingje, komt je in hast sakrale sfear temjitte. Dat hat der ek mei te krijen dat der op it stuit dat ik yn it Belvédère wie, gjin buslading keunsttoeristen fan in beskate leeftyd ompankoeke en dat it museum, aldergeloks gjin audiotour yn ’e oanbieding hat. De grutste ellinde yn museumlân, minsken dy’t jin yn kloften it sicht op in skilderij ûntnimme, om’t se no ien kear in ferhaal fan in heal oerke oer dat keunstwurk oanharkje moatte. Direkteur-konservator Han Steenbruggen en net te ferjitten, gast-gearstaller Ron Manheim, earder adjunkt-direkteur fan Schloss Moyland deunby Kleve yn Dútslân (bekend om ’e grutste priveekolleksje op ’e wrâld fan wurken… 6.000… fan Joseph Beuys) hawwe mear as treflik wurk levere.

PMB 005
Bern op kessen mei reade blokken
oaljeferve op linnen
66,2 x 58 sm (sa. 1904)
Kolleksje Kunstsammlungen Böttcherstraße

Der binne skilderijen te sjen út ferskate perioaden fan har, yn ferhâlding , koarte wurksume keunstnerslibben. Lykas by de troch har tige bewûndere Van Gogh is har oeuvre yn in goed tsjien jier ûntstien. Dat oeuvre bestiet benammen út portretten en lânskippen, fan âlds tradisjonele ûnderwerpen foar de byldzjend keunstner, mar sa as in begelieder fan my op Atelier ’63 yn Haarlim, Jan Dibbets, sei: ‘It makket net út wat datst skilderest, mar hoé datst dat skilderest.’ Ienfâldich en dúdlik sein, mar dan begjinne de problemen. Dit jildt fansels net allinne foar it skilderjen mar like goed foar de oare keunstdissiplines, it draait yn ’e kearn om foarmjaan. En júst dat koe Paula Modersohn-Becker as de bêste. It is lykwols in miste kâns dat der by de ôfbyldings yn ’e fierders fraaie katalogus net fermeld stiet hokfoar materiaal, lês, farve brûkt is, dat stiet nammers ek net by de wurken dy’t yn it museum hingje.

200px-Fayum-34
Fayum (of Fayoum) mummy portret fan in jonge frou
PMB 011
Selsportret mei barnstienketting
oaljeferve op doek
34,5 x 27,3 sm (sa. 1905)
Paula Modersohn-Becker-Stiftung, Bremen

Ik sis dat om reden dat Modersohn- Becker yn in soad portretten en selsportretten in technyk brûkt hat, dy’t ek brûkt is om de ferneamde sarkofaachskilderijen, de mummyportretten fan Fayoem te meitsjen. Tige oandwaanlike portretten dy’t je út it ferline wei oansjogge (mei grutte tsjustere trochkringende eagen fan ’e ferstoarne), skildere op ’e bûtenkant fan’e kiste en sa no en dan (by tekoart oan gaadlik hout?) ek wol direkt op it linnen fan it ‘wynsel’ fan ’e mummy. Paula Modersohn-Becker hat fansels gauris mei oaljeferve skildere en op papier mei gûasje en akwarel, mar foar in soad, lettere portretten en selsportretten brûkt se in âlde technyk dy’t men ‘enkaustyk’ neamt en wêrby’t pigminten mongen wurde mei waarme bijewaaks en dan opbrocht op hout of doek. Ek skildere se yn tempera, dêrby wurdt de djerre fan in aai of, bygelyks, allinne it wyt fermongen mei pigminten, in dripke eek en reinwetter of Arabyske gom. Dan krije je in ferve dy’t fluch droeget mar earst ‘strykt as bûter’. De hûd fan’e ferve hat in matte, mar ôfhinklik fan de kwaliteit (hoe djoerder hoe better) fan it brûkte pigmint, in tige sterke kleurkrêft. Tsjintwurdich kinne je withoefolle soarten en kleuren pigminten krije, in hiel soad binne fansels ‘gemysk’ ûntstien.

PMB 008
Feansleat
oaljeferve op karton
39,5 x 53 sm (1900)
Paula Modersohn-Becker-Stiftung, Bremen

Yn ’e tiid fan Paula Modersohn-Becker hienen je dêr noch net folle fan, dus de skilders makken gebrûk fan ’e pigminten dy’t ienfâldich te krijen wienen. En dat wienen benammen ierdekleuren. Júst de kleuren dy’t de keunstneres ek in soad brûkt. Yn ’e katalogus en yn ’e útstalling sels wurdt dêr net in protte omtinken oan bestege. Mar ja, it is fansels ek in útstalling foar in grutte groep minsken en net allinne foar goed ynfierde keunstners. It is hoe dan ek hiel bysûnder dat dit wurk tichtby ús doar te sjen is.

PMB 002
Moanne boppe de fjilden
oaljeferve op karton
39,2 x 53 sm (sa. 1900)
Kolleksje Paula Modersohn-Becker-Stiftung, Bremen

Oranjewâld-Worpswede
Yn ’e útstalling wurdt hieltyd in ferliking makke tusken it feangebied fan Oranjewâld en dat fan Worpswede. Dêr is lykwols net in soad fan werom te finen yn it wurk dat yn Museum Belvédère hinget, op ien, twa skilderijen nei dan. Dochs in bytsje in lokbluisterich…busterich reklamelûkerke.

PMB 003
Twa neakene bern, yn ’e hoksen op ’e wâl
oaljeferve op karton
54,6 x 37,8 sm (sa. 1902)
Kolleksje Paula Modersohn-Becker-Stiftung, Bremen

Ek wurdt der op hammere dat it wurk fan Paula Modersohn-Becker net sa ryk oan symboalyk wêze soe, mar hjir komme dy eagen fan jimme wer fan pas, want dat is gewoanwei net wier. It goadelân… wûndersfearke is oanwêzich yn hast al har wurk en… DÊR IS NEAT MIS MEI! Yn it skilderij ‘Jonkjes oan ’e kant fan ’e sleat’ kinne je mei grut gemak twa faune figuerkes sjen, weirûn út it Arkadysk lânskip fan Pan. It moaist is it om as taskôger weidreame te kinnen yn byldzjend wurk fan in oar. Wat je dêr yn fine kinne, hoecht net sa bedoeld te wêzen troch de keunstner. ‘Ik sykje net…ik fyn,’ sei Picasso en as it goed is moat dat ék jilde foar dejinge dy’t foar in keunstwurk stiet.

PMB 010
Lizzend frouljk neaken
oaljeferve op doek
70 x 112 sm (1905|1906)
Galery Haas AG, Zürich

Ik skriuw mei opsetsin net in soad oer it libben fan Paula Modersohn-Becker, oer Worpswede, har kontakten mei Rilke en Rodin en de keunsthistoarje sels (miskien yn ’e takomst nochris) mei alle grutte nammen lykas fan keunstners fan Dürer oant Van Gogh, dy’t sûnder mis in enoarme ynfloed hân hawwe op ’e ûntjouwing fan har wurk. Foar in grut part, jo lêze in ynternetpublikaasje, is dizze bio-ynfo mei in pear klikjes te finen. Minsken moatte in útstalling besykje kinne mei net tefolle saken yn ’e holle, dy’t it sjen en opnimmen fan ’e toande wurken, yn ’e wei stean kinne soenen. En dan is de Paula Modersohn-Becker-útstalling yn Museum Belvédère in werklike seine foar it minskdom… en foar jins eagen.

PMB 012
Famke mei bern foar reade blommen
oaljeferve op doek
44,5 x 50 sm (1902)
Kolleksje Gemeentemuseum Den Haag

Lânskip en portret… it mem-wêzen, bern… yn ’e hannen fan in minder talint, gauris sentiminteel, mar by Modersohn-Becker fan in grutte, tige yntinse sensitivens.

PMB 004
Griis lânskip mei Feankanaal
oaljeferve op karton op hout
46 x 73,5 sm (sa. 1899)
Kolleksje Paula Modersohn-Becker-Stiftung, Bremen

Grutte foarmen dy’t ‘taktyl’ binne… dy’t útnoegje om oan te reitsjen… se is in skilder dy’t it slagge is om mear sinnen fan ’e taskôger yn wurking te setten. Wat dat oanbelanget is de útstalling in boppeslach en in triomf fan yn elk gefal in oantal sinnen.

Yn Museum Belvédère yn Oranjwâld oant en mei 9 juny. Foar mear ynfo sjoch: www.museumbelvedere.nl.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *