
De tsjerke stiet middenyn it doarp en de mienskip. Sjoch nei it Fryske plattelân en by hast alle doarpen is de bebouwing om de tsjerke hinne plante, al as net op in terp.
Hjoeddeis rint it oantal besikers oan dy tsjerke tebek, soks hat ynfloed op de sinteraasje. Sa’n âld gebou is djoer yn ûnderhâld. Yn guon plakken stiet de tsjerke leech omdat de ferskillend leauwende minsken byelkoar krûpt binne.
Dêr stiet er dan. Docht neat, kostet allinnich mar. Dochs is yn de measte gefallen de goedkeape fariant (ôfbrekke) net oan de oarder. De tsjerke heart by it doarp, is monumint of docht tsjinst by útfearten of as troulokaasje. Soms sit der in moai oargel as preekstoel yn.
De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt yn guon gefallen en ûnder in oantal betingsten sa’n tsjerke oer. Dy konstruksje is foar de krimpende tsjerkemienskippen in stikel út de foet en in djoere bongel oan de poat minder.
Neat te rêden, soenen je sizze. Mar soks freget wol in flewielen oanpak.
Yn Koartehimmen stiet in tsjerkje. Net as sintrum fan it doarp, nee, it is foar in soad minsken in goed bewarre geheim oan in dearinnende dyk op it fuottenein fan it doarpke. Doe’t de grutte dyk tusken It Hearrenfean en Drachten oanlein waard, wie der blykber gjin ferlet fan om de wei dy’t ieuwen fan Koartehimmen nei Boarnburgum rûn, ûnder de dyk trochrinne te litten, sadat sûnt dy tiid de Boerestreek in dearinnend weike waard. De romrofte Woodbrookers sitte oan deselde dyk, no in opfang foar jeugd mei problemen, earder in konferinsjesintrum en ek wolris gasthear fan wylde Fryske Skriuwerswykeinen, ha ik my fertelle litten.
It tsjerkje fan De Himmen datearret sawat fan 1300. It wie in dependânse fan it kleaster op Smelle Ie, in kleasterpaad ferbûn de beide plakken. Moai detail is dat de fûneminten fan it tsjerkje balstiennen binne, dat soe wize kinne op it feit dat it noch earder in heidensk offerplak west hat. Hoe dan ek, it is in oaze fan rêst, as je it lawaai fan de altyd rûzjende auto’s efkes ferjitte.
De Protestantske Gemeente Boarnburgum Koartehimmen hat besletten dat se ôfstân dwaan sille fan de moai restaurearre âlde Roomske tsjerke. En dat docht sear. In jier as tsien lyn stie it ek al ris op de aginda, mar doe wienen de geasten der noch net ryp foar. Doe soe it gebou ferkocht wurde oan de Woodbrookers, dy’t der in stiltesintrum fan meitsje woenen.
Soks moat weakje. Guon gemeenteleden binne der doopt, ha der belidenis dien, binne der yn troud, ha miskien har âlden derút begroeven. It is in stikje fan josels, sa’n tsjerke. Ek it feit dat der by resinte restauraasjes in soad jild ynsammele is, der in kulturele kommisje dwaande is mei de organisaasje fan konserten ensfh., it fielt as jouwe je wat fan josels fuort en krije der neat foar werom. Dan wolle de emoasjes wolris flink botse mei de rintmasters, dy’t ûnderoaren nei de sinteraasje op lange termyn sjogge. Gemeenteleden dy’t gierend út de bocht fleane op gemeentejûnen, bittere ferwiten op it festje fan de rintmasters spuie. Apen en bearen efter eltse beam, guon sjogge der al in disko of in bordeel yn.
Yn Ketlik stiet ek in tsjerke. Doe’t ik lyts wie, gie de Thomastsjerke al oer nei de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De gemeente koe him werom hiere as se dat woenen, der wie altyd romte foar rou- en troutsjinsten. Ek yn Koartehimmen sil dat sa wêze. Mar grutte restauraasjes yn de takomst hoege net mear troch de pleatslike tsjerkegongers opbrocht te wurden, dêr stiet dan de Stichting foar.
Jo kinne it ferstanlik wol beredenearje, it is ek better foar de kontinuïteit, der falt in soarch fuort. Foar my as ymport Boarnburgumer en eks-rintmaster liket it in perfekte oplossing. Ik sit yntiids al yn de doarpskommisje dy’t besykje sil om de tsjerke syn plak yn de mienskip hâlde te litten en wa wit út te wreidzjen. Miskien kinne der Fryske skriuwers, dichters en muzikanten in folle seal lûke? Alle ideeën binne wolkom, de Stichting sil der in lyts keukentsje yn pleatse en der is in húske, dus (hast) alles is mooglik.
Mar ik kin my ek yntinke dat der binnensmûls wolris in kear as wat flokt is troch Himsters en Bombatsers dy’t fine dat der in stik fan harren sels weijûn wurdt.
No ja, in kear as wat flokke oer wat ea in heidensk offerplak wie, it sil harren wol ferjûn wurde.