Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maaie 2013

logo.ensafh

 

 

 

Poëzij

Eppie Dam (gearstaller) – mei pintekeningen fan Lienke Boot
Oer de wjuk – Fryslâns moaiste fûgelpoëzij
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2956
Ferkeappriis € 15,00

oerdewjuk

“Skries op ’e hikke ropt grito-griet.” Dy dichtrigel út it ‘Simmermoarn- sankje’ fan Waling Dykstra is by hast elkenien wol bekend. Fryslân is ryk oan fûgels en ryk oan dichters. It is dan ek gjin wûnder dat der in soad fûgels yn de Fryske poëzy omfleane. Dochs is Oer de wjuk it earste boek dat it moaiste fan al dy fûgelpoëzy byinoar bringt. Ut goed sânhûndert Fryske ‘fûgelfersen’ selektearre Eppie Dam de 159 moaiste gedichten. Yn Oer de wjuk fljocht in grut ferskaat oan fûgels foarby: fan de santjinde-ieuske earrebarre fan Gysbert Japiks oant en mei de fereale protters út ús tiid fan Hidde Boersma. Miskien noch wol grutter as dat ferskaat, is it skala oan gefoelens dy’t de gedichten by de lêzer oproppe sil. Dy rykdom wol dit boek sjen litte, net tsjilpend, koerend, skatterjend, snetterjend, kritend, kweakjend, gakkerjend, krassend, tôkjend, tsjotterjend of fluitsjend, mar yn minsklike dichterstaal en mei help fan de pintekeningen fan Lienke Boot.

Foppe Venema
Le Tour de Frise
Elikser/Frysk en Frij, Ljouwert, april 2013
ISBN 97890 8566 0293
Ferkeappriis € 17,00

letourdefrise

Op boartlike wize mei klisjees omspringend skriuwt Foppe Venema yn syn twadde dichtbondel Le Tour de Frise oer ûnderwerpen as jonkheid, reboelje, religy, in yntercity, muzyk en literatuer. Syn fersen befetsje boppedat in heech Fryslân-gehalte.

Venema waard yn 1961 berne te Ousterhaule. Hy studearre Skiednis, Frysk en Dútsk en kaam fia Grins, Amsterdam en Dresden yn Frankryk telâne, dêr’t er sûnt 1993 yn Grenoble wennet. As learaar ierdrykskunde en skiednis wurket er yn ’e omkriten fan Genève. Yn 1998 en 2001 krige er de Rely Jorritsmapriis foar poëzy. Yn 2004 ferskynde syn debútbondel In slach om ’e pleats.

Matty de Vries
WAKKERweromsjen
Elikser/Frysk en Frij, Ljouwert, april 2013
ISBN 97890 8566 0286
Ferkeappriis € 20,00

wakkerweromsjen

Matty de Vries (Twizelerheide 1959) is byldzjend keunstner en skriuwer, yllustrator, foarmjouwer en ferdivedaasjekeunstner. WAKKERweromsjen is har debútbondel as dichter. Matty de Vries publisearre earder poëzy yn tydskriften en wurke mei oan de blomlêzingen Poëzie op sokkels (2003), Dream yn blauwe reinjas (2004), Dichter op spoor (2004), Suikerpoëzie (2005), Het goud op de weg (2008) en Spiegel van de Friese poëzie (2008). Yn 2004 krige hja in Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Túnkabouter.

Mei har byldzjende keunst eksposeart Matty de Vries yn binnen- en bûtenlân (België, Dútslân, Ingelân, Skotlân, Spanje, Feriene Steaten). Har skilderijen azemje stilte út, har yllustraasjes binne direkt en boartlik. Har ferdivedaasjekeunst foar bern en folwoeksenen is lichtfuottich en kleurryk. De berneferhalen en poëzy komme dêr as fansels mei oerien.

WIPWAP
op in planke op ’e skammel
wipwap ik mei de sus
njonken it âld griene hok
de splinters omtrint yn it gat
sjonge wy it iene ferske nei it oare
laitsje wy de mist op en del

Proaza

Karst A. Berkenbosch
Bij de Bek af – Geschiedenis van de strijd rond de Friese Waterlinie in 1672 en 1673
eigen behear, maaie 2013
ISBN 97894 9111 3048
Ferkeappriis € 17,50 (taal: Nederlânsk)

bijdebekaf

Nei twa kultuerhistoaryske boeken oer de natuergebieten yn East- en Weststellingwerf komt Karst A. Berkenbosch no mei in skiednisboek yn de foarm fan in histoaryske roman. Bij de bek af beskriuwt de striid om de Fryske Wetterliny yn de jierren 1672 en 1673, nei’t ús lân oanfallen wie troch de Frânsen, Ingelsken en de biskoppen fan Münster en Keulen. Fryslân stie foar de drege kar: oerjefte oan de biskop fan Münster, dy’t yn it noarden aktyf wie, of ferset. Men keas foar it lêste.
De titel fan it boek is basearre op in foarfal dat barde doe’t de troepen fan Münster de Fryske Wetterliny oanfoelen. By Aldeberkeap stie yn de ‘Beck-afschans’, de notiidske ‘Bekhofschans’, in soldaat syn pypke te smoken doe’t in fijannige soldaat him de pipe letterlik ‘by de bek ôf’ skeat. Mei dy soldaat rûn it noch mar krekt goed ôf en lokkigernôch ek mei Fryslân.
Neist bekende histoaryske figueren fiert Berkenbosch yn syn boek ek in pear fantasij-figueren op dy’t it ferhaal fertelle fan it libben fan in gewoane soldaat yn de santjinde ieu en fan in smid yn Slijkenburg. Sy litte sjen hoe’t Friezen en Stellingwervers dy drege jierren oerlibben. Troch dy opset wurdt de skiednis fan de striid om de Fryske Wetterliny net allinnich besjoen út de legerlieding en it bestjoer wei, mar ek út it gewoane folk wei. It wie foar elkenien in spannende tiid mei stege legerlieders, erchtinkende politisy en in opstannige boargerij tsjin de eftergrûn fan in – yn alle opsichten – lekke wetterliny.

Anders. M. Rozendal
De smaak fan alsem
KFFB, Dokkum, 2013
ISBN 97890 7491 8954
Ferkeappriis €16,00

desmaakfanalsem

Somtiden is it libben bitter as alsem. Dat ûnderfine de trije haadfigueren fan dizze roman ek. No kin men sizze dat Date Veenstra dat oan himsels te witen hat. De lju sjogge him bytiden troch Akkrum bongeljen. Suterich yn ’e klean en altyd in frjemde rook om him hinne. Dêrtroch mije de minsken Date. Of stekke him de gek oan. Dat giet oant safier. Date beslút in die te stellen dêr’t noch lang oer praat wurde sil.
Leonard Kortekaas hat oare problemen. Fol idealisme set er him, as lieder fan in aksjegroep, yn om jonge bern in better libben te besoargjen. Dreech wurk, Leonard hat no ienkear gjin liederskapasiteiten. As er in freondinne kriget, wurket dat like heilsum as alsemtee. Leonard kin it libben oan. Mar dan komt der in kear!
Foar Jair wie it libben licht. Goed, hy wie net ryk, mar hy, de frou en de bern wienen sûn. En is dat net de grutste rykdom? En wat wenne er prachtich oan ’e lytse wadi yn it Tibesti-berchlân. Op itselde plak dêr’t syn foarâlden al ieuwen taholden. Dêr hope Jair âld te wurden. Mar as de ‘dei fan de Satan’ kommen is, ferlit er foarfaars grûn en flechtet nei Europa. Wa kin dan de smert fan him en syn húsgenoaten draachlik meitsje?

Non-fiksje

Klaas Bruinsma (oersetting)
Út Beda syn HEGA – Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum – Tsjerke en folk yn Ald-Ingelân
Elikser, Ljouwert, jannewaris 2013
ISBN 97890 8954 5077 (78 siden)
Ferkeappriis € 13,50

bedahega

Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, ek wol neamd HEGA, betsjut ‘Tsjerkeskiednis fan it Ingelske folk’ en is skreaun troch de ‘earwearde Beda’. Dizze tige belêzen Benediktiner pryster foltôge it boek yn 731, fjouwer jier foar syn dea. It is nijsgjirrich om wat it fertelt oer de situaasje fan Ald-Ingelân, mar ek en foaral wichtich foar de skiednis fan de Ingelske tsjerke. En ek om wat it seit oer de Friezen, dy’t it kristendom ûntfongen fan de Ingelske missionarissen. En Beda beskikte oer gâns oarspronklike dokuminten.
De ‘earwearde Beda’ wie in bysûnder man mei djipgeande kennis fan de skiednis, de bibel en de wittenskippen yn syn tiid en hat oer al dizze ûnderwerpen skreaun. Beda syn styl is saaklik, helder, ienfâldich. Hy wie de bêste skiedskriuwer fan syn tiid en blinkt út yn yntelliginsje. Ek wie hy kenner fan Latynske fersen, fersen yn it Aldingelsk, sette fersen oer yn dizze taal en skreau er sels gedichten.
Klaas Bruinsma toant yn in oantal fragminten út de HEGA dizze fromme, ienfâldige mar wize en learde muonts mei linige, lêsbere wurden yn ús memmetaal oan it Fryske folk.

Wapke Feenstra en Pietsie Feenstra
A Photographic Portrait of a Landscape – New Dimensions in Landscape Philosophy
Jap Sam Books, Heijningen, novimber 2012 – presintaasje 25 maaie 2013 yn it Fries Museum
ISBN 97894 9032 2373 (272 siden)
Ferkeappriis € 24,50 (taal: Ingelsk)

landscape

‘Lânskip’ ropt einleaze ferwachtings en assosjaasjes op: der is gjin konkrete, ôfbeakene beskriuwing te jaan fan dy term. It lânskip is dêrom tige gaadlik as útgongspunt foar filosofyske fragen oer de dynamyk fan kulturele sintra, de fyzjes fan ynstituten en de evolúsje fan kultuer yn in natuerlike omjouwing. Want fan wa is dit lân eins? Wa hat it yn besit? Wa makke it lânskip? Wa bepaalde it kulturele ritme? Wa claimt de grûn? Dit boek wol dizze fragen ûntlede troch ús mei te nimmen op in tocht troch it Fryske terpelânskip.

Dizze mikrostúdzje stelt fragen oer kulturele sintra en lânbesit. Mei it grutter wurden fan de Europeeske Uny, ûntstiet der yn Europa in groeiende belangstelling foar de nasjonale identiteit. It lânskip fungearret dêrby as in projeksjeskerm fan imazjinêre ferwachtings. Teoryen fan Ton Lemaire, Filosofie van het landschap (1970) en de post-kolonialistyske ynfalshoeke op kultuer fan Homi K. Bhabha (The Location of Culture, 1994), foarmje in boarne fan ynspiraasje foar dizze fotografyske reis troch it Noard-Nederlânske lânskip.

Pietsie Feenstra stelt yn har kultuer-histoaryske essee in filmyske tocht foar troch it lânskip, basearre op in fotografyske blik en kombinearre mei argyfûndersyk. In fotoboek fan Wjelsryp út 1978 foarmet har ynspiraasjeboarne, en wurdt yntegraal yn A Photographic Portrait of a Landscape ôfdrukt.

It byldessee fan Wapke Feenstra (myvillages.org) is gearstald út resinte lânskipsfoto’s, doarpsfoto’s makke troch bewenners, gedichten, grûnkennis en in gersherbarium. Yn dit boek stiet de lânskipsfyzje fan de bewenners sintraal.

Beart Oosterhaven makke acht nije gedichten foar dit boek – yn it Frysk, mar foar dit boek ek yn it Ingelsk oerset. Sjoch ek de útstjoering fan K-Rûte fan 8 maaie 2013 oer dit boek en it doarp Wjelsryp.

Roel T. van der Heide
Een vrije geest tot zwijgen gebracht – Jan Eisenga [11-3-1908 – 5-5-1943]
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2963 (216 siden)
Ferkeappriis €19,50 (taal: Nederlânsk)

vrijegeest

Op 5 maaie 1943 waard de Gordykster ûnderwizer Jan Eisenga op 35-jierrige leeftyd troch de Dútsers fusillearre. Hy wie dêrmei ien fan de mannichte slachtoffers fan de Meistaking yn 1943. Yn syn koarte, mar roerige libben hat er him op ferskate wizen manifestearre. Hy wie in radikaal sosjalist, oertsjûge pasifist, in prinsipiële hielûnthâlder en fegetariër en in idealist mei hege waarden en noarmen. Boppedat waard er heech achte en hie men hege ferwachtings fan him as Frysk dichter en skriuwer. Syn libben stie yn it teken fan tsjinstberens. Tsjinstber oan syn idealen en prinsipes, oan syn gesin, oan syn skoalle en oan de brede Fryske Beweging. Yn de bloei fan syn libben waard er fermoarde omdat hy net akseptearje koe yn in beset lân libje te moatten, dêr’t yndividuele frijheden oeral oan bannen lein waarden. Syn moed om him iepenlik te fersetten tsjin ûnrjocht en tiranny hat hy mei de dea bekeapje moatten.

Roel T. van der Heide (1941) wie û.o. direkteur fan iepenbiere basisskoalle ‘It Twaspan’ yn Wynjewâld en boppeskoals manager by it iepenbier basisûnderwiis yn de gemeente Opsterlân. As foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan museum Opsterlân wie er nau belutsen by de jierlikse betinking en krânslizzing by de tinkplaat ta oantinken oan Jan Eisenga yn dat museum.

Sake Roodbergen (oersetting & bewurking)
Blommen
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2918(224 siden)
Ferkeappriis € 12,50

blommen

Yn dizze natuergids fine jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten te plak te bringen:
– In seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân.
– In ynformatyf oersjoch fan skaaimerken dy’t nedich binne foar korrekte determinaasje yn ien eachopslach.
– Ynteressante ynformaasje oer de ekology fan de soart yn de begeliedende tekst.
– Moaie foto’s as help by de determinaasje.
– In tekening of detailfoto foar ferdúdliking.
Ekstra:
In Yndeks mei alle Hollânske en wittenskiplike nammen, en de Fryske nammen lykas dy troch de Fryske Akademy fêststeld binne yn septimber fan it jier 2009.

Rypke Sierksma
Nestgeur – notities van een verdwaalde fries
Elikser/Frysk en Frij, Ljouwert, april 2013
ISBN 97890 8566 0309
Ferkeappriis € 17,00 (taal: Nederlânsk)

nestgeur

Nestgeur hannelet oer in fier ferline – minsken dy’t yntusken dea binne wiene doe noch goaden. Hja betsjutten in soad foar elkoar en foar de doe noch sa jonge auteur. Heit Fokke Sierksma, W.F. Hermans, de pakes Hotse en Rypke, mem Sjouk en al dy oaren. Allinnich de hystearikus Rousseau tocht dat er yn syn ‘Bekentenissen’ de folsleine wierheid beskriuwe koe, en neat dan de wierheid. “Mijn doel,” sa skreau de Frânsman, “is een soort portret te schilderen dat in elk opzicht natuurgetrouw is. Mijn taak is het om mensen de waarheid te vertellen, niet om hen die te doen geloven.” Pauvre Rousseau! Is elk oantinken ommers net al nadere troch in perverse ferjitnis…

De auteur wol net himsels portrettearje, mar oaren, sa’t sy him by stean – miskien wol sa’t hy harren heuge wol. Yn Nestgeur is eat ferskrikliks op ’e siik nei in foarm. Faaks waard dy hjir fûn.

“Omdat het verspreid raakte over de wereld, bestaat volgens de dichter Novalis het paradijs. Ik denk eerder dat de hel zich over de wereld heeft verspreid. De hel is vies, vaal en gefragmenteerd, dus is ze overal. Daarentegen is de hemel ineengeschrompeld tot een zuiver en gaaf, maar fictief punt, daarom is ze nergens. Men verlangt er slechts naar” (Uit: Sierksma, Minima Memoria, 1998).

Berne- & Jongereinboeken

Tor Freeman
Bertus Bear syn drokke dei
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9301
Ferkeappriis €9,95

bertusbear

In klok-boek, mei in hiel soad flapkes. Sjoch wat Bertus Bear allegearre docht op in dei!
De ynteraktive klok hat stevige wizers dy’t maklik draaie en alle siden ha flapkes om achter te sjen. Der is in hiel soad te sjen. Sa learst boartsjendewei hoe let it is.

Audioboeken

See, see, do wide see – Sympoasium mei ynlieding en trije lêzings
Audiofrysk, Easterwierrum 2013
ISBN 97894 6038 0808
Ferkeappriis 2 cd’s €12,- (download skylk € 10,-)

dvdhoesSeminar3

De rol fan de see yn de Fryske literatuer

Cd 1

1-4 Meindert Schroor ‘De see en wy – Mei de rêch nei de see’

5-12 Nanne Kalma ‘De see yn folkslieten’

Cd 2

1-6 Tryntsje van der Steege ‘Byldfoarming & Byldspraak – De see as dekôr en as metafoar yn it Fryske proaza’

7-13 Bert Looper ‘Dêr’t de dyk it lân omklammet – De see yn de Fryske poëzij’

De lêzings binne yn it Hannemahûs yn Harns opnommen. De lêzingerige wie in inisjatyf fan Audiofrysk, dit tredde jier fuortset troch in wurkgroep fan Tresoar, Bibliotheekservice Fryslân, Frysk literêr tydskrift Ensafh, Bersa tekstwurk en Taalburo Popkema.

Sjoch foar wiidweidige ynformaasje oer it sympoasium en de sprekkers de webside fan Sirkwy. De folsleine essees dy’t presintearre binne op dit sympoasium binne nei te lêzen yn it nijste nûmer (2) fan Ensafh.

En fierder…
Frysk en Frij – REINDER R. VAN DER LEEST 80 JIER

By gelegenheid fan ’e 80ste jierdei fan Reinder R. van der Leest – 29 juny 2013 – ferskine twa útjeften: in kollaazje oer libben en wurk fan ’e auteur mei poëzy en byldzjend wurk anneks in essay oer it literêr oeuvre, en Dynte en Nier yn ien bân, de acht speurdersromans achterinoaroan. Dat is in ko-produksje fan Utjouwerij Elikser en Frysk en Frij.

De oanbieding is oan de ein fan dit jier yn it tsjerkje fan Blessum. In lichtfuottige beleving fan Reinder R. van der Leest syn oeuvre, en in útstalling oer libben en literêr en byldzjend wurk.

De útstalling is al fan 27 april ôf te sjen op itselde plak oant ein 2013, op ôfspraak: 058-212 00 35.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *