
Degelik klaaid yn swier mansjester pakken swart as de loaits stoareagjend oer de dyk, seach ik as bern de swiere karre rôljen fan it iene nei it oare geasteryk. Twa stjoerden deistich itselde rjochte paad en trije oan in raffelich tou derfoar. De broeder ek ferlern yn tsjustere tinzen yn trage gong oant fan it gesticht de doar. De lichte fracht te lyts foar grutte mannen en nei in hoartsje leech it paad werom. It mâle waar as passend yn ’e sêne fan de groteske gong nei hel of hillichdom.