Friduwih Riemersma

De moed fan de skriuwer

logo.ensafh

Pûsjkin fersint him in bytsje yn de plot fan syn ferzje fan Sniewytsje, It mearke fan de deade prinses en de sân ridders. It folksferhaal is ienfâldich fan opset en it wie al yn druk ferskynd, dus nei te sjen, foardat de Grimms mei harren ferzjes kamen. Jin fersinne liket my dus wat dom ta, mar ik doar der neat oer te skriuwen. Pûsjkin is ommers de aldergrutste Russyske dichter ea en neffens tsaar Nikolaas I wie er de tûkste man fan Ruslân. De biograaf fan Pûsjkin seit net folle oer Pûsjkins literêre besonjes. Oant er de biografy fan Pûsjkin skreau wie er detektiveskriuwer; in gaadlike eftergrûn foar ien dy’t net sasear fan it skriuwen ferslach jaan wol as fan in libben fol mei ferbeane hannelingen en selsmytologisearring. Wis is dat Pûsjkin in oermoedich man wie, mar hoe at dizze oermoed yn it wurk fan Pûsjkin ta útdrukking komt, fertelt de biograaf net.

In populêre stelling is lykwols dat it skriuwen op himsels it bewiis is foar de bûtengewoane moed fan alle skriuwers omdat skriuwen in eange put is. Logysk is dat net, want duellearje is eang mar út it duellearjen blykt net beslist ien – bygelyks Pûsjkin – syn moed. In oar beswier tsjin it bestean fan eangst foar skriuwen like my dat ik dit as skriuwersbern fernommen moatten hie. Ik hie de útstelferlechjes, sa as “earst in nije pin keapje”, fan ús mem heare moatten en it op en del rinnen fan ús heit troch syn studearkeamer sjen moatten, himsels moed ynsprekkend. Want dat is it byld dat selshelpboeken oproppe, lykas The courage to write dat al fyftjin jier werprinte wurdt en besprutsen is by Oprah en yn in stikmannich oare talkshows. Mear as oer de bysûndere moed fan skriuwers giet dit boek oer “de oanstriid om keunstners te romantisearjen dy’t depressyf binne, lilk, ûngelokkich en sels gewoan grutte sûgen,” neffens ien fan de ‘comments’ op Goodreads, “as wie dat op de ien of oare manier in eask om in ‘echte’ skriuwer te wêzen.”

Yn de rige romantyske kwaliteiten stean wol trystens en lilkens, mar gjin eangst en dêr gie it dochs oer. Soenen der gjin ‘echte’ skriuwers mei eangsten wêze? Dat is al sa: Charlotte Brontë, Yeats en Robert Burns ûnder oaren. Oprah, ko-skriuwer fan fiif boeken, hat ek in eangststoarnis fûn ik út en fuortendaliks wie myn hypoteze dat skriuwen eanger is foar ko’s as foar selsstannige skriuwers. Eangst, it negative gefoel mei karakteristyk gedrach en lichaamlike tekens, kin oarsaken fan bûtenôf en fan binnenút hawwe. De evolúsje hat eangst foarme om yn ûnbekende omstannichheden wach te bliuwen en jin tariede te kinnen op aksjes dy’t potinsjeel gefaar ôfkeare sille. At skriuwe ûnwis is, dat wol sizze in saak mei ûnwisse ôfrin, hinget der tink ik yn it earste plak fan ôf wat jo opskriuwe. Eangst om besluten te nimmen komt in protte foar. Der binne skriuwers sa as Amy Tan dy’t hieltyd wer revisearje om mislearring te foarkommen. En guon jouwe it skriuwen op, sa as Rimbaud, omdat der foar it ideale gedicht yn ‘e holle gjin ideale foarm bestean kin yn de wrâld bûten de holle; dat is ûntmoedigjend.

De eangst foar beslissingen is ferweve is mei de eangst foar krityk. Krityk is der net allinnich op wat de skriuwer skriuwt. Faak folle mear as nei it wurk giet de media-oandacht út nei de persoan fan de skriuwer. Dat dy oandacht him rjochtsje kin op de – morele – kwaliteit mar ek op de echtens fan de persoanlikheid makket it grif noch eanger. In literêre kritikus twifele oer Hemingway syn manlikheid en wissens; fjouwer jier letter hat Hemingway de kritikus mei in boek yn it gesicht slein. De opbringst fan eangst hinget gear mei hoe at ien omgiet mei syn eangst; dat is ek wat de moedige-skriuwerstelling ynhâldt. Hemingway hat nei it ynsidint noch fiif boeken skreaun, mar pessimisten, yntroverten en minsken mei negative eardere ûnderfiningen sille net sa gau wer in boek skriuwe. Dit is faaleangst. In oare eangst mei in oarsaak fan binnenút is eksistinsjele eangst. Der is dan neat yn de wrâld dat bedriigjend is, mar it witten dat ien net gearfalt mei’t er feitlik is, dat jins identiteit samar útinoar falle kin, is iensum en noedlik. It is in eangst dy’t frijheid jout, of, Sartre folgjend: in skriuwer dy’t it skriuwen as in needsaaklik aspekt fan syn identiteit sjen wol ynstee fan frij keazen, ûnderfynt lijen.

Dan mar leaver eangst. By in algemiene eangst dat it ûnsichtbere tinken sichtber wurdt foar elkenien kin ik my wol wat foarstelle, mar wat binne no krekt de dingen dy’t skriuwers net doare? Ynstee fan anekdoatysk sa as yn The courage to write like it my better om it fraachstik systematysk oan te pakken. Eangst om te publisearjen is hiel wat oars as eangst om te skriuwen. It lêste hat te krijen mei it mooglik net oan de eigen ferwachtingen foldwaan kinne. Dan kin de opiny fan in oar jo yn de regel neat skele en publisearje ropt gjin eangst op; jo binne sels jo slimste kritikus. It twadde hat te dwaan mei it gefaar fan ôfwizing troch oaren, dus yn de grûn mei behaachsucht. Dizze skriuwers binne foar it skriuwen – it stadium sûnder oare lêzers – net bang.

Lit ik my dêrom beheine ta de eangst foar it skriuwen sels. Eangst ropt in fight/flight-reaksje op. Fjochtsje om direkt gefaar te kearen soe bestean kinne út in flinke klap jaan op it toetseboerd. Mar ornaris ûntflechtet ien it skriuwen troch de kompjûter te mijen. Minder akute eangst, dat wol sizze it gefaar ûnder eagen sjen dat belangrike fysike, emosjonele of sosjale skea letter komme kin, hat stress-ferlichtsjen ta gefolch, sa as neilbite, ik leau ek by Oprah. In boek skriuwe wilens dat ien eangstich is, is net wierskynlik, hoe moedich at ien ek is.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *