
It Obe Postma Selskip organisearre op snein tolve maaie j.l. in poëzijmiddei yn’e tsjerke te Koarnwert. Tretjen leden fan it Selskip liezen in gedicht fan Postma foar en joegen in ferantwurding fan harren kar. Tusken troch waard der musyk makke. De heer Hiemstra, op’e piano begelied troch syn soan, song trije op musyk sette gedichten fan Postma. Yn tal fan opsichten wie it in eksperimint, dizze middei. In slagge eksperimint!
Lês fierder by it Obe Postma Selskip