Abe de Vries

Leafdeslied fan in ferlegen sater

logo.ensafh
oer gers dat alfêst laket fan tsead bruinja.

Nei de hynders en bommen, it foarmgeweld en de nijsgjirrige spielerei mei postmoderne ferfrjemdingstechniken yn Gegrommel fan satyn (2003) bringe it gers, de fjilden, de seedyk en de hast arkadysk besongen leafde yn Tsead Bruinja syn nije, fjirde Frysktalige bondel Gers dat alfêst laket in woldiedige fersobering.

Ferfloeien
It ADHD fan ’e grutte stêd is fier fuort, de lûde kladderadatsch fan bylden en genres is ynwiksele foar in iepen, muzikale en foaral ierdse lyryk dy’t – dat kin no alfêst sein wurde – guon fan de moaiste leafdesfersen opsmyt dy’t ik de lêste jierren yn it Frysk lêze mocht. Noch altyd skriuwt Bruinja sûnder haadletters of ynterpunksje, noch altyd litte guon fersen har net dalik kenne, mar de botsing fan kleuren yn earder wurk liket ynskikke te moatten foar it ferfloeien: foar in poëzij dy’t earder út is op harmony as op kontrolearre ûntploffingen en ûntspoaringen. Lês mar hoe’t in leafde nei de ein rint yn it titelleaze fers ‘fûn dy mei it stof op de iepen eagen’:

hûnen dy’t troch de stôk fan de tiid
werom it hok yndreaun wurde

thús miskien in finger rinne litte
oer in piano
oer in gitaar

Tajûn, dy ‘stôk fan de tiid’ is faaks net sa’n geweldich byld, mar de lêste trije rigels komme sa út in film wei, se moasten allinnich noch delskreaun wurde. De tsjinstellingen binne hjir net ferdwûn (hjir bygelyks dy tusken bist en minske – wat oan it wurk fan Elmar Kuiper tinken docht, mar dêr dalik mear oer), mar de opposysjes frette inoar net langer op, se roegje inoar net út, se wurkje meiïnoar op nei krêftige fersen.

Mei losse hannen
De gedichten yn Gers dat alfêst laket geane mear as foarhinne út fan ien idee, dêr’t de taal syn rin yn fynt. Noch altyd sykjend, assosjearjend en werheljendewei, in prosedee dêr’t Bruinja patint op hat, mar it komt op my oer as hat de dichter dochs in part fan de teoretyske bagaazje dêr’t er yn eardere bondels mei eksperimintearre oan ’e dyk setten – ek yn ferliking mei syn twa Nederlânsktalige bondels Dat het zo hoorde (2003) en Batterij (2004). Of hy hat it ynternalisearre en hoecht it net sa noadich mear te demonstrearjen. It sil yn alle gefallen nijsgjirrich wêze om te sjen oft er dit ‘dichtsjen mei losse hannen’ ek yn in folgjende Nederlânsktalige bondel oandoart. Of wie it dochs it Frysk dat him dizze nije frijheid ynflústere?

De bondel telt fiif skiften en 32, meast koarte, fersen. It earste skift, ‘Gersfamke’, leit ferbiningen tusken de slachten, de pake mei de seine yn it gers, de fereale man dy’t it krekt meande gers oan ’e fuotten fan syn leave delleit, it sjen oft de ring past, de berte, it nije gers – it liket hjir as wikselje pake en pakesizzer fan rol, wat oan de leafde dy’t besongen wurdt tagelyk in persoanlike en in tiidleaze toets jout.

It twadde skift, ‘It ferskil yn ferzy’, foarmet de brêge nei it ferline yn ’e bondel, in ferline dat benammen bestiet út eardere leafdes. It is opdroegen oan Elmar Kuiper en draacht, wierskynlik by wize fan hommaazje, ek de spoaren fan dy syn dichtwurk. Ek hjir mikt de dichter op it tiidleaze, yn dit gefal yn it ferlitten fan in frou en it sykjen nei in oarenien. Dat hat mei in djippe driuw te krijen dy’t yn al wat libbet oanwêzich is – ‘it bist sjongt in minskeliet’. It ferskil tusken minske en bist is in ferskil yn ferzy, de minske is in bist mei in ‘gouden kiel’. In hûn, in hûn dy’t hune wol.

‘Sinne op de bunker’, it tredde skift, iepenet mei it prachtige, ritmyske fers ‘in man útklaaie yn in bunker’, in fers oars dat it yn dizze bondel wat dreger te pleatsen falt. It oare fan dit skift bringt leafdesfersen, yn dit fers stiet in finzene sintraal dy’t yn in bunker neaken gûchelje moat fan syn bewakers, dy’t him úteinlik deasjitte, dêr spyt fan krije en dan fierder harren wegen geane – de iene keapet in kontenerskip en strúnt de seeën ôf, de oare hakket beammen yn in bosk om ‘en waard in wiis man’.

In earste besykjen ta ynterpretaasje soe liede kinne ta de ferûnderstelling dat it hjir giet om it opsluten wêzen yn in ta mislearjen kearde relaasje. De bunker foarmet ek in grutte tsjinstelling mei de iepen romtes yn de bondel. Mar it soe likegoed om in polityk protestfers gean kinne, wa sil it sizze? Wat byldtaal oanbelanget, is it yn alle gefallen dochs wat in fremdkörper yn it skift, dat fuortset mei it prachtige, al earder neamde mankelike fers ‘fûn dy mei it stof op de iepen eagen’.

Even fierderop stiet dan ‘famke ûnder de appelbeam’, dêr’t de dichter as in sater yn ’e moarntiid yn in beam hinget en nei in famke sjocht dat ûnder oan de beam in boek sit te lêzen. En, it hâldt net op, dat wurdt dalik folge troch ‘oansteller’, dat sa begjint:

net it hynder dat de hoeven tsjin it sket stikkenslacht
of it hynder dat de wein sa rûch de griene wrâld troch skuort
dat der neat fan oer bliuwt

neat oer it ôflibjen en ôfleverjen fan in lea
foar in metafysyske doar

mar de ienfâldige lea fan dizze frou
tsjinoer dy

de heldere holle fan dizze frou
tsjinoer dy

‘Missend gedicht’
As ik myn net fersin, slacht Bruinja dan yn it fjirde skift, ‘It stjoer en de hannen’, in kwetsberder noat oan, as er yn sân koarte fersen weromgrypt op syn berne- en skoaltiid en himsels sjocht mei de eagen fan no: ‘it stjoer stekt út it skjinne fleis / fan syn hannen // en ik doar him net oan te sjen’. In stik as fjouwer fan dy fersen binne te koart om yndruk meitsje te kinnen en hingjen te bliuwen. Se jouwe wol ik leauwe ek gjin essinsjele ynformaasje, mar de lêste twa (‘te betiid op skoalle tilt er de fyts oer it tichte stek’ en ‘it duorret jierren foardat ik hoi sis’) binne skerp en skrinend:

it duorret jierren foardat ik hoi sis
bang foar wa’t oan it stjoer sitte sil
bang foar syn eagen
hoe tsjin wa

It te betiid op skoalle wêzen jout wat oan fan de eardere ferlegenheid fan de sater, dy’t niis noch yn in beam hong en in famke by it jak yn seach. Dochs is it wol de fraach oft it skift sa goed yn ’e bondel past – yn in bondel dy’t foar sa’n grut part driuwt op in oare tematyk, soe elk skift dêr ferbiningen mei lizze moatte, en dy sjoch ik hjir net. Dat is spitich, want hie mei wat ik no mar neam it ‘missende gedicht’ – oer it skoalhek fan doe en de leafde fan no, of letter – de bondel net in nóch gruttere ienheid wêze kind? Of miskien soe dat wat tefolle fan it goede west hawwe en moat der wat te rieden oerbliuwe?

It sensueelste fjoerwurk bewarret de dichter foar it lêst: it skift ‘Sûchplak’. De fonken fleane derôf, al dalik yn it earste fers: ‘elk wurd datsto my yn ’e hannen leist / is in swurd is in dûbelloops jachtgewear’. Dat ‘elk wurd’ docht fansels wer tinken oan it gers-fers út it earste skift, en sa leit Bruinja wol mear fan datsoarte lyntsjes nei it begjin fan ’e bondel. Ek hjir komme wy de ‘âld man’ wer tsjin, en it gers.

In moai slot komt dan mei de beide lêste fersen, ‘ûnder hokker kopke sitte de sinten’, in lang fers dêr’t de dichter himsels yn ferliket mei in sloper dy’t in metamorfose ûndergiet en in ierdbeisjonger wurdt. De bondel beslút mei in lyts stillibben: in par op in skaal yn in ‘hûs dêr’t de doar net fan iepen wol’. De bûtenwrâld kin der net by: der is neat dat dizze leafde bedriigje kin.

Hast oerdiedich moai
Ferlegen sater Bruinja syn dichtsjen is subtiler wurden, sûnder dat er dêr wat foar yn te leverjen hoecht. De lytse en gruttere ferskowingen yn betsjutting en byld binne fassinearjend om te folgjen. Sa kin in ‘droege strjitte tusken swiere eachlidden’ feroarje yn ‘slûch wetter yn in smelle feart’, en dat wer yn ‘slûch wetter yn in smelle strjitte’, dêr’t je wiete fuotten yn krije kinne. Werhelling en ferskowing hawwe in grut oandiel yn de muzyk dy’t de dichter makket, it binne net allinnich fersen om te lêzen mar ek om foar te lêzen.

Searjes foarmje is ek in technyk dy’t tapast wurdt, bygelyks yn it fers ‘hazze yn it fjild tinkt’. De hazze, de jager en it fjild rinne yninoar oer. De bylden binne faak prachtich, bytiden hast oerdiedich moai mar troch de romte yn de fersen – Bruinja is sljocht op wytrigels – en in taalomjouwing dy’t soberder is as foarhinne krije se wjokken: ‘in see dy’t wat seit / en do as wifeljende loft derboppe’. Of ‘lit hannen it tinken dwaan’. Beide foarbylden komme út it fers ‘oansteller’, mar ik soe sa noch in pear alinea’s folje kinne.

Om koart te kriemen, ik kin oars net beslute as mei in ûnbeskamsum besykjen de earste druk sa gau mooglik de doar út te krijen. Keapje en lês dizze boppeslach, ek nochris ûntheisterjend moai foarmjûn troch Gertjan Slagter.

*

Tsead Bruinja, Gers dat alfêst laket (Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2005)