Willem Winters

Famkesboeken

logo.ensafh

J.H. Brinkgreve wie in suksesfol skriuwster fan in sechtich famkes- en jongesboeken. Fanwege de moaie omkaften en de prachtige fantasybelettering keapje ik in pear; ik begjin te lêzen mei Met Jet en Ine in een woonwagen [1934 ill. Miep de Feuter]. In braaf ferhaal oer twa suskes en twa freonen dy’t op fakânsje geane yn in wenwein, dy’t by in boer op it hiem stiet.

meisjesboek1

Op in stuit wie it my oft ik in skok krij. Doelt de skiuwster op wat oars as dat der stiet? Erotyk? De famkes freegje sa faak wannear’t beide jonges wer ris lâns komme sille en sjogge hja se oankommen dan fleane se harren om ’e hals.
In omke spilet as plakferfanger fan de ferstoarne heit, net swak by. De famkes ‘grepen ieder een arm’ en geane sa te kuierjen. It hat wat yntyms, sa dat men erchtinkend wurdt.
As de famkes freegje wêr’t se har waskje moatte, seit de ‘grappige’ omke dat se harren mar skjin slíkje moatte, lykas katten. Ik sjoch it foar my. Twa ‘tieners’ slikje harsels, dan elkoar en soe omke ta beslút ek meidwaan wolle?
De dûbelsinnichheid leit fuort ûnder it oerflak.
It determinearjen fan planten op skoalle liket te stean foar eroatyske spultsjes. Is it gemier mei moalstêfkes net in metafoar foar it ûntdekken fan it oare geslacht?

De famkes reitsje alhiel oerémus at der jonges by de boer kampeare. Se komme sels fan bêd ôf om te sjen hoe’t de tinte der by stiet wylst it stjalpreint.
Ik sjoch hyltiid mear dûbelsinnichheden.
Is de tinte in fagina dêr’t de jonges ynkrûpe? En dy reinbui? Jo komme der no sels wol út?
Op in dei sille se sjoele [skiven troch in spleet skowe]. Foar de winner hat omke in fuld sûkelade-aai kocht. Ien fan de jonges wint it, mar ien fan de famkes fynt it yn har jasbûse.
Hoe freudiaansk is Brinkgreve? Om dêr antwurd op te jaan soe ik alle 60 boeken fan har lêze moatte.

Is dat de muoite wurdich? Miskien wol… mar it griist my oan. Wol ha ik noch Brinkgreve’s 4 Vrolijke treksters [!; Ill. Nans van Leeuwen] lêzen. Dêryn wurdt hiel wat mei blokfluiten manipulearre. Wylst op side 9 stiet dat menear Diest Jan meinaam nei syn keamer, ‘om hem z’n bloeiende lidcactus te laten zien.’
No ja!
[Ik ken it begryp hineininterpretieren wol hear!]

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *